Rosa Caracciolo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rosa Caracciolo
Rosa Caracciolo mei har man Rocco Siffredi.
Rosa Caracciolo mei har man Rocco Siffredi.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rósza Tassi
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
Flag of Italy.svg Italjaansk
berne 29 juny 1972
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19921998
offisjele webside
gjint

Rosa Caracciolo, echte namme: Rósza Tassi (Boedapest, 29 juny 1972), is in fan oarsprong Hongaarsk rêstend model, neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't de Italjaanske nasjonaliteit oannommen hat. Hja is troud mei de ferneamde Italjaanske pornoakteur, -regisseur en -produsint Rocco Siffredi.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Caracciolo is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, dêr't se sûnt har tinerjierren wurke as model. Yn alle boarnen wurdt fermelden dat hja yn 1990 Miss Hongarije west hawwe soe, mar de listen fan dy titel bewize dat dat jiers in oar Hongaarsk model, Kinga Czuczor, dêrta keazen waard. Dat lit fansels iepen dat Caracciolo in alternative Miss-ferkiezing wûn hat of miskien in brâns-ferkiezing (lykas Miss Toerisme Hongarije of sokssawat).

Hoe dan ek, mei goed tweintich jier ferfear hja begjin jierren njoggentich nei Itaalje ta, dêr't hja in karriêre as neakenmodel begûn en fan 1992 ôf ek as pornoaktrise. Yn 1993 kaam Caracciolo yn it Frânske Cannes yn 'e kunde mei de doe al bekende en letter noch ferneamder wurden Italjaanske pornoakteur, -regisseur en -produsint Rocco Siffredi. Hja trouden noch datselde jiers. Hja krigen twa soannen, Lorenzo (1996) en Leonardo (1999).

Tusken 1993 en 1998, doe't se har út 'e pornoyndustry weromloek, wurke Caracciolo gauris gear mei har man, lykas yn Tarzan X: Shame of Jane, út 1995, dat nei alle gedachten har bekendste film is. Yn dy troch regisseur Joe D'Amato yn it Meksikaanske oerwâld draaide produksje wurdt it âlde ferhaal fan Tarzan en Jane nochris op 'e nij oereide. Hoewol't it in pornofilm is, springt er der mank dat sjenre yn positive sin út troch de aktearkapasiteiten fan 'e beide haadrolspilers Caracciolo en Siffredi.

Njonken Tarzan X spile Caracciolo yn har karriêre, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), noch yn fjirtjin oare pornografyske films, dêr't fiif fan regissearre waarden troch Joe D'Amato. Fierders ferskynde se yn 2007 mei Siffredi op 'e Italjaanske tillefyzje yn in reklamespotsje foar 48248, in sms-tsjinst.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referencias, op dizze side.