Springe nei ynhâld

In Midsimmernachtdream

Ut Wikipedy
In Midsimmernachtdream
algemiene gegevens
oarspr. titel A Midsummer Night's Dream
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun ±1595-96
1e publikaasje 1600, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Midsimmernachtdream
publikaasje 1949, Drachten
útjouwer Drukkerij Laverman N.V.
oersetter Douwe Kalma

In Midsimmernachtdream, yn it oarspronklike Ingelsk A Midsummer Night's Dream, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is, nei't men tinkt, skreaun wurden tusken 1590 en 1596, en docht ferslach fan 'e foarfallen om 'e trouwerij hinne fan 'e Theseus, de hartoch fan Atene, en Hippolyta, de keninginne fan 'e Amazônes. It stik, dat klassifisearre wurdt as in komeedzje, is ien fan Shakespeare syn populêrste wurken en wurdt noch altyd oeral op 'e wrâld opfierd. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma datearret út 1949.

It is ûndúdlik wannear't A Midsummer Night's Dream krekt skreaun is, mar 1595 of 1596 liket it wierskynlikst. Guon saakkundigen binne fan miening dat it yn opdracht fan in aadlik laach skreaun is foar in brulloft. Yn alle gefallen liket it in orizjineel stik te wêzen, dat net werom te fieren is op in earder boarne, al binne guon eleminten dúdlik liend út 'e klassike literatuer, lykas de transformaasje fan 'e holle fan Nick Bottom (yn 'e Fryske oersetting Klaas Klos), dy't út De Goudene Ezel fan Apuleius oernommen is. En it toanielstik dat de hantwurkslju opfiere wolle, Pyramus en Thisbe, komt streekrjocht út Ovidius syn Feroarings fan Stal.

De ûntfangst wie net daliks loovjend. De ynfloedrike Samuel Pepys skreau yn 1662 nei it sjen fan it toanielstik: "This is the silliest stuff that ever I heard" ("Dit is it ûnnoazelste spul dat ik ea heard haw"). Syn miening dat it in oerflakkige en laffe (yn 'e sin fan smaakleaze) lytse komeedzje wie, waard pas yn 'e tweintichste iuw bystjoerd. Hjoed de dei wurdt A Midsummer Night's Dream krekt beskôge as in yngewikkeld en sinnich stik.

(Nammen neffens de oersetting fan Douwe Kalma, sij it oanpast oan 'e hjoeddeiske stavering (dus "ae" = "aa", "é" = "ee", ensfh.).)

De Ateners

  • Theseus, hartoch fan Atene
  • Hippolyta, keninginne fan 'e Amazônes, fersein oan Theseus
  • Philostratus, lieder fan 'e hoffeesten
  • Egeus, heit fan Hermia, wol dat sy trout mei Demetrius
  • Hermia, fereale op Lysander
  • Helena, fereale op Demetrius
  • Lysander, fereale op Hermia
  • Demetrius, earst fereale op Hermia, mar letter op Helena

De feeën

  • Oberon, kening fan 'e feeën
  • Titania, keninginne fan 'e feeën
  • Puck of Robyn Goemaat, tsjinner fan Oberon
  • Earteblossem, tsjinneresse fan Titania
  • Spinreach, tsjinneresse fan Titania
  • Mot, tsjinneresse fan Titania
  • Mostersied, tsjinneresse fan Titania
  • Earste Fee, Twadde Fee

De hantwurkslju
(in akteartroep)

  • Piter Kwie, in timmerman (spilet foar Prolooch)
  • Klaas Klos, in wever (spilet foar Pyramus)
  • Frâns Flút, in pûstermakker (spilet foar Thisbe)
  • Robbert Longerhals, in skroar (spilet foar Moanneskyn)
  • Tom Tút, in tsjettelbûtser (spilet foar Muorre)
  • Smûk, in húsriemakker (spilet foar Liuw)

It toanielstik iepenet mei in diskusje tusken Hermia en har heit Egeus; har heit wol dat hja trout mei Demetrius, mar Hermia wegeret dat. Egeus hellet dan in âlde Ateenske wet oan, dy't stelt dat in dochter ferplichte is om te trouwen mei wa't har heit wol dat se trout, of oars de deastraf krije kin of feroardiele wurde kin ta in libben fan keinens. Dêrop beslute Hermia en har frijer Lysander om nachts út te naaien troch in tichtby wâld. Foar't se ôfsette, ljochtet Hermia har bêste kammeraatske Helena yn oer har foarnimmen, mar Helena, dy't fereale is op Demetrius, is noch mar koartby ôfstegere troch dyselde, en no fettet hja it plan op om him dochs noch foar har te winnen troch him te fertellen oer Hermia en Lysander. It gefolch is dat Demetrius Hermia en Lysander efternei set troch it wâld, wylst Helena him wer folget.

Fragmint út it toanielstik A Midsummer Night's Dream troch Johann Heinrich Füssli.

Underwilens arrivearje Oberon en syn frou Titania, de kening en keninginne fan 'e feeën, yn deselde bosk om it oansteande houlik fan Theseus, de hartoch fan Atene, en Hippolyta, de keninginne fan 'e Amazônes, by te wenjen. Oberon en Titania binne lykwols alhiel faninoar ferfrjemde fanwegen Titania har wegering om har jonge tsjinstfeint oan Oberon ôf te stean om't syn mem ien fan har oanbidsters wie. Oberon wol har straffe foar har dôfhûdigens en rekrutearret de elf Puck, ek wol bekend as Robyn Goemaat, om him te helpen in magysk sop fan in beskate blom te krijen, dat makket dat de sliepende persoan op waans eachlidden it wreaun wurdt nei it wekker wurden fereale wurdt op it earste libbene wêzen dat hy of sy sjocht. Oberon is fan doel om Titania har eachlidden mei dat sop yn te smarren, sadat sy fereale wurde sil op it iene of oare wâldbist; út skamte sil se dan grif de jonge wol opjaan wolle yn ruil foar it tsjingif.

It spul wurdt noch yngewikkelder as Oberon yn 'e kunde komt mei Demetrius en Helena. Hy jout Puck opdracht om it magyske sop ek te brûken by Demetrius, om sa Helena te helpen syn leafde te winnen. Puck wriuwt lykwols by fersin Lysander syn eachlidden yn en dêrtroch wurdt dy fereale op 'e Helena as dy him wekker makket. Lysander ferklearret Helena syn leafde, mar sy mient dat it in grap is en naait út. Lysander giet har efternei en lit Hermia allinne efter. As Hermia wekker wurdt, giet hja op 'e syk nei har frijer, mar rint ynstee dêrfan Demetrius tsjin it liif. Se beskuldiget Demetrius derfan Lysander deadien te hawwen, wat dy ûntkent. Underwilens is Oberon efter it fersin kommen en hy is wisberet om it rjocht te breidzjen. Hy draacht Puck op om Helena op te heljen en past dan sels it sop ta op 'e eachlidden fan 'e sliepende Demetrius. No hat Helena twa oanbidders, wylst Hermia gjint oerhâldt. Helena mient lykwols dat de mannen har de gek oanstekke en sa meitsje de fjouwer jonge lju de rest fan 'e nacht rûzje oant Oberon Puck opdraacht om Lysander it tsjingif ta te tsjinjen; dêrop is dy wer gewoan fereale op Hermia, wylst Demetrius fereale bliuwt op Helena.

In groepke hantwurkslju, dy't ta eare fan 'e brulloft fan Theseus en Hippolyta it toanielstik Pyramus en Thisbe opfiere wolle, hawwe har ek yn it wâld bejûn om yn it geheim te rippetearjen. Klaas Klos, in wever sûnder in protte lok, wurdt opmurken troch Puck, dy't yn in ympuls syn holle feroaret yn dy fan in ezel. As Klos, dy't sels neat fan 'e transformaasje murken hat, wer opkomt foar syn earstfolgjende tekst, naaie syn maten yn deadseangst út. Klos, dy't der neat fan begrypt en beslút om mar te wachtsjen oant se weromkomme, begjint út ferfeling te sjongen en makket dêrmei Titania wekker, dy't op slach fereale op him wurdt. Se oerlaadt him mei oandacht en bedriuwt, sa wurdt suggerearre, de leafde mei him. Neat oars kin har mear wat skele en Oberon makket fan 'e gelegenheid gebrûk om har it feintsje te ûntnaderjen. No't er syn doel berikt hat, wurdt de betsjoening fan Titania ferbrutsen en Puck kriget oarders om Klos syn holle wer werom te feroarjen.

The Quarrel of Oberon and Titania ("De Rûzje fan Oberon en Titania") troch Joseph Noel Paton.

Nei't de feeën har weromlutsen hawwe, ferskine Theseus en Hippolyta yn 'e bosk, op in betide jacht. Se fine de fjouwer jonge lju en meitsje harren wekker. Om't Demetrius net mear fan Hermia hâldt, wiist Theseus it troch Egeus easke houlik ôf en organisearret ynstee dêrfan op it plak in groepshoulik wêrby't Demetrius mei Helena en Lysander mei Hermia trout. Neitiid beslute se mei syn fjouweren dat de foarfallen fan 'e ôfrûne nacht in dream west hawwe moatte. As sy de bosk ferlitten hawwe, wurdt Klaas Klos wekker, en ek hy beslút dat wat er belibbe hat inkeld in dream west hawwe kin.

Werom yn Atene wenje Theseus, Hippolyta en de fjouwer minners de opfiering fan Pyramus en Thisbe fan 'e hantwurkslju by. It is ûnnoazel en min opfierd, mar makket in elk oan it laitsjen. As de nacht fallen is en eltsenien einlings sliept, komme Oberon en Titania del, dy't it hûs, syn bewenners en de takomstige bern fan it breidspear seingje.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan A Midsummer Night's Dream ferskynde yn 1949 ûnder de titel In Midsimmernachtdream by útjouwerij Drukkerij Laverman N.V. te Drachten, as it fjirde diel fan 'e Nije Fryske Rige. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Douwe Kalma, dy't it 96 siden tellende boekje ek foarseach fan in ynformative ynlieding. De priis dy't men doedestiden foar de ynbûne ferzje betelle, wie ƒ2,75. Letter makke dizze fertaling diel út fan Shakespeare's Wurk Dl. II, ien fan 'e omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, út 1959.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, In Midsimmernachtdream, Drachten, 1949 (Drukkerij Laverman N.V.), gjin ISBN-nûmer.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. II: Komeedzjes: De Fekke Nuet, In Midsimmernachtdream, De Keapman fan Veneesje, Drachten, 1959 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater