Hevrîn Xelef
Hevrîn Xelef | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hevrîn Xelef | |
oare namme | Hevrin Khalaf | |
nasjonaliteit | Syrysk | |
berne | 15 novimber 1984 | |
berteplak | Al-Malikiyah (Syrje) | |
stoarn | 12 oktober 2019 | |
stjerplak | M4-autosneldyk (Syrje) | |
etnisiteit | Koerdysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | yngenieur | |
aktyf as | politika | |
jierren aktyf | 2011 – 2019 |
Hevrîn Xelef (offisjele Koerdyske stavering; útspr.: [hɛ'vri:n xɛ'lɛf], likernôch: "heh-vriin chel-lef"; Arabysk: هفرين خلف, Hevriin Chelef), ek stavere as Hevrin Khalaf of Hevrin Khelef, (Al-Malikiyah, 15 novimber 1984 – op 'e autosneldyk M4 (Syrje), 12 oktober 2019) wie in Syrysk yngenieur en politika fan etnysk Koerdysk komôf. Hja wie in Koerdysk nasjonaliste, dy't heech opklommen wie yn it bestjoer fan Rojava, it Koerdyske gebiet yn noardeastlik Syrje. Xelef tsjinne as sekretaris-generaal fan 'e Koerdyske Takomstbeweging yn Syrje. Yn 2019 waard se fermoarde troch leden fan in terroristyske milysje dy't stipe waard troch Turkije.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Xelef waard yn 1984 berne yn in etnysk Koerdyske húshâlding yn 'e Syryske stêd Al-Malikiyah. Yn 2009 studearre se as yngenieur ôf oan 'e Universiteit fan Aleppo. Under de Syryske Boargeroarloch, dy't yn 2011 útbriek, klom se op yn it bestjoer fan Rojava, it troch de Koerden behearske gebiet yn it noardeasten fan Syrje. Xelef wie yn 2012 ien fan 'e oprjochters fan 'e Stifting foar Wittenskip en Gedachtefrijheid. Yn 2015 waard se oansteld as fise-foarsitter fan 'e enerzjykommisje fan 'e regio Djazira. Yn 2016 waard se ien fan 'e foarsitters fan 'e autoriteit op it mêd fan enerzjy foar hiel Rojava.
Neitiid waard Xelef sekretaris-generaal fan 'e Koerdyske Takomstbeweging yn Syrje (Şepêla Pêşeroj a Kurdî li Sûriyê, ŞPKS). Dy partij trede ta it regear fan Rojava ta nei de ferovering, yn 2017, fan Rakka, de haadstêd fan 'e saneamde Islamityske Steat, troch de (foar it meastepart Koerdyske) Syryske Demokratyske Striidkrêften (SDF), dy't dêrby stipe waarden troch Amerikaanske troepen en de Amerikaanske Loftmacht. Xelef naam yn 2018 en 2019 diel oan ûnderhannelings fan 'e Syryske Koerden mei delegaasjes út 'e Feriene Steaten, Frankryk en oare lannen. Hja stie bekend om har diplomatike feardichheden. Binnen Rojava lei se har ta op it befoarderjen fan ferdraachsumens en ienheid tusken de Koerden en de kristlike en etnysk Arabyske ynwenners fan it gebiet.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Turkske ynfal yn Syrje, yn oktober 2019, waard de auto dêr't Xelef yn siet op 'e M4-autosneldyk yn Rojava ûnderskept troch terroristen fan 'e troch Turkije stipe milysje Achrar al-Sjarkija. Hja waard dêrop út har auto skuord en stânrjochtlik eksekutearre. Hevrîn Xelef waard 34 jier. Yn in fideo dy't neitiid op 'e sosjale media omgie, wie de mei kûgels trochsingele auto te sjen dêr't Xelef mei tolken en oar Koerdysk personiel yn reizge hie, omjûn mei grutsk posearjende leden fan Achrar al-Sjarkija.
Neffens de Britske krante The Daily Telegraph wie Xelef ien fan in stikmannich boargers dy't ûnder de earste dagen fan 'e Turkske militêre operaasje yn noardlik Syrje fermoarde waarden. It Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten rapportearre dat der yn 'e krite besuden de stêd Tal Abjad yn totaal njoggen boargers fermoarde wiene yn los faninoar steande ynsidinten. De Amerikaanske krante The Washington Post skreau dat de moard op Xelef ûnder it ynternasjonaal rjocht "frijwol wis in oarlochsmisdie" wie. De begraffenis fan Hevrîn Xelef waard op 14 oktober 2019 holden yn har berteplak Al-Malikiyah.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |