Springe nei ynhâld

Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten

Ut Wikipedy
Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten
algemiene ynformaasje
ôfkoarting SOHR
nasjonaliteit Syrysk
Britsk
type org. non-profit
wurkmêd minskerjochten
haadkertier Coventry (Feriene Keninkryk)
off. taal Arabysk, Ingelsk
oprjochte 2006
oprjochter Rami Abdulrahman
offisjele webside
www.syriahr.com

It Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten (Ingelsk: Syrian Observatory for Human Rights; Arabysk: السوري لحقوق الإنسان‎), gauris ôfkoarte as SOHR, is in non-profitorganisaasje op it mêd fan 'e minskerjochten yn Syrje, dy't fêstige is yn it Ingelske Coventry. It doel fan 'e organisaasje is om minskerjochte-skeinings yn Syrje oan 'e kaak te stellen. Sûnt 2011 hat it Observatoarium him benammen talein op it rapportearjen fan oarlochsmisdieen en misdieden tsjin 'e minsklikheid yn it ramt fan 'e Syryske Boargeroarloch. Sadwaande is de organisaasje sûnt dy tiid geregeldwei yn it nijs kommen. Kritisy hawwe it Observatoarium omskreaun as sympatisearjend mei de Syryske opposysje en "anty-Assad". Op 'e eigen webside hâldt it Observatoarium lykwols mei klam út dat it mei gjin inkeld polityk orgaan bannen ûnderhâldt.

It Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten waard yn 2006 oprjochte. It wurdt beävensearre troch Rami Abdulrahman (soms ek skreaun as Rami Abdul Rahman) fanút syn wente yn it Ingelske Coventry. 'Rami Abdulrahman' is in âlde skûlnamme fan Osama Suleiman, in Syryske soennityske Arabier dy't oarspronklik in kleanwinkel hie. Hy naam de skûlnamme oan doe't er as minskerjochte-aktivist yn Syrje aktyf wie, en is sûnt altyd trochgien mei de namme te brûken, ek nei't algemien bekend waard wa't er wurklik wie. Nei't er yn Syrje trije kear yn 'e finzenis sitten hie, naam er de wyk nei it Feriene Keninkryk, dêr't er sûnt altyd taholden hat.

Yn in fraachpetear dat Abdulrahman yn desimber 2011 oan it parseburo Reuters joech, hold er út dat syn organisaasje oer in netwurk fan mear as 200 persoanen yn Syrje beskikt, dy't minskerjochteskeinings ûndersykje en de ynwûne ynformaasje temûk fia-fia oan him trochjouwe. Hy sei ek dat doe ûnderwilens seis fan syn meiwurkers omkommen wiene. Yn 2012 waard it Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten yn 'e Súddeutsche Zeitung omskreaun as in 'ienmanssaak', mei Abdulrahman as iennichste lid. Yn april 2013 omskreau The New York Times Abdulrahman as immen dy't eltse dei de hiele dei oan it skiljen wie mei lju yn Syrje. Dêrby soed er op fjouwer persoanen yn Syrje fertrouwe dy't ynformaasje fan mear as 230 oare aktivisten foar him gearstalden, wylst er sels de ûntfongen ynformaasje nochris neirûn fia oare kontakten.

Subsidiëarring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The New York Times skreau yn 2013 ek dat it Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten in lytse subsydzje ûntfongen hie fan 'e Jeropeeske Uny en fan ien Jeropeesk lân. Sjoernalist Ian Sinclair krige yn 2018 befêstige dat it Feriene Keninkryk £194.769,60 op 'e tafel lein hie om it Observatoarium te foarsjen fan kommunikaasjeapparatuer en kamera's.

Oangeande de akkuratens fan 'e ynformaasje fan it Syrysk Observatoarium foar de Minskerjochten sei Neil Sammonds, in ûndersiker foar Amnesty International, yn 2013: "Oer it algemien is de ynformaasje oer de moarden op boargers tige goed, it [Observatoarium] is [datoangeande] beslist ien fan 'e bêste [boarnen], ynklusyf de details oer de omstannichheden wêryn't minsken nei't it skynt ombrocht binne." Der is lykwols fan ferskate kanten krityk utere op it feit dat it Observatoarium wegeret om syn rouwe ynformaasje of persize metodology te dielen, wat neffens Abdulrahman is om syn boarnen te beskermjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.