Grutte Tsjerke (Schermerhorn)
Grutte Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Schermerhorn | |
adres | Oosteinde 2 | |
koördinaten | 52°36'N 4°53'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
ôfstjitten | 2001 | |
hjoeddeiske funksje | multyfunksjoneel sintrum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1634-1636 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33108 | |
Webside | ||
www.grotekerkschermerhorn.nl | ||
Kaart | ||
De Grutte Tsjerke is in multyfunksjoneel sintrum yn it Noard-Hollânske plak Schermerhorn, dy't yn 'e jierren 1634-1636 boud waard. De tsjerke stiet op in plak, dêr't sûnt 1520 in tsjerke stien hat. By de fúzje fan 'e herfoarmen mei de grifformearden ferlear de tsjerke syn oarspronklike funksje en wurdt it gebou no as multyfunksjoneel sintrum brûkt. De Grutte Tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldst bekende tsjerkegebou wie in kapel, dy't al yn 1520 bestie. De kapel foel ûnder de tsjerke fan Schermer en waard nei alle gedachten yn 1526 útwreide ta in krústsjerke. Ek nei de reformaasje bleau de tsjerke ynearsten in filiaaltsjerke, mar sûnt 1620 wie de tsjerke fan Schermerhorn selsstannich.
By in swiere stoarm fan 1612 waard de tsjerke foar in grut part fernield en twa jier letter waard útein set mei in werbou.
Yn 1634 waard de âlde tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Elts dy't dêrby helpe koe, die dat. Mei ekstra belesting yn it doarp op û.o. bier, nôt en turf brochten de bewenners sels sa'n 50.000 gûne op foar de nije tsjerke. De earste stien waard op 12 juny 1634 lein. De brânskildere ruten binne al hiel gau nei de bou set, of miskien noch by de bou. Op 19 desimber 1635 wie de bou sa fier, dat de earste tsjerketsjinst holden wurde koe. De nije tsjerke is boud yn 'e tiid fan 'e drûchmakkerij fan de Skermer. Mei de Beemster wiene om Schermerhorn twa grutte marren drûchmakke, mar skipfeart bleau foar it doarp wichtich foar de wolfeart.
De bûtenkant fan 'e tsjerke mei syn mearsidig koer en de spitsbôgefinsters is letgoatysk en folget noch de boustyl fan foar de reformaasje, wylst it ynterieur yn 'e renêssânse-styl brekt mei de katolike tradysje. Opmerklik foar in protestantske tsjerke is de tafoeging fan it koer, wylst yn dy tiid de protestantske tsjerken al sûnder koer boud waarden, lykas de Koepeltsjerke yn Willemstêd yn Brabân en de Westertsjerke fan Amsterdam.
Mei't Schermerhorn twaris troffen waard troch in doarpsbrân, rekke it doarp ferearme en teach in part fan 'e befolking fuort. Dat betjutte ek dat it ynkommen fan 'e tsjerke tebekrûn en dat hie gefolgen foar it ûnderhâld fan it tsjerkegebou, sadat seis brekfallige brânskildere ramen ferwidere wurde moasten. Dochs ferkocht de tsjerke gjin weardefolle saken, sadat it 17e-iuwske ynterieur foar in grut part bewarre bleau. Yn 'e 19e iuw wiene der wol grutte feroarings: om de dooptún waarden ferskate banken set en yn 1879 waard it earste oargel oankocht. Dat oargel wie twaddehâns en waard yn it koer set. Oan 'e ein fan 'e restauraasje fan 1894-1896 ferhûze is nei in kreake by de toer boppe de konsistoarje.
Tusken 1950 en 1952 sette de earste faze fan in nije restauraasje útein. Yn 1952 waard it dak folslein restaurearre. Tagelyk mei it dak waard ek in 'wintertsjerke' yn it koer boud. Dy lytsere romte wie makliker te ferwaarmjen en bleau oant likernôch 1965 yn gebrûk. Yn 1968 waard de tydlike ôfsluting ferfongen troch in duorsume ôfsluting yn 'e foarm fan in koerstek. De twadde faze fan 'e restauraasje begûn yn 1964 en waard fyn 1972 foltôge. It ynterieur, ynklusyf de muorren en de brânskildere ramen, binne yn dy tiid restaurearre. Guon houten panielen yn it koer wiene sa skansearre, dat se net mear te rêden wiene. In soad dielen fan 'e 19e-iuwske ikebanken koene lykwols noch brûkt wurde foar it meitsjen fan nije banken, wylst de 17e-iuwske banken bewarre bleaune. Nei de restauraasje hat de tsjerke besletten dat de wintertsjerke net mear nedich wie, it koerstek bleau noch oant 1977 stean. Ek is it oargel tusken 1974 en 1977 restaurearre.
Yn 'e jierren 1990 binne noch wat restauraasjes útfierd oan it dak, it mitselwurk en in tal brânskildere ramen.
Yn 2001 hat de tsjerkemienskip besletten it gebou oer te dragen oan de Stifting Alde Hollânske Tsjerken. Mei't de herfoarmen en grifformearden letter fusearren en de nije protestantske gemeente keas foar it oanhâlden fan 'e grifformearde tsjerke, ferlear de Grutte Tsjerke syn religieuze funksje. Yn 2016 wie wer in restauraasje nedich en de stifting hie it jild net. Yn july dat jier ferkocht se de tsjerke oan Stadsherstel Amsterdam, dy't dêr wol jild foar hie. Stadsherstel brûkte de tsjerke nei de ferbouwing as troulokaasje. De tsjerke wurdt yntusken beheard troch de beide stiftings en in Pleatslike Kommisje. De weriepening fan 'e tsjerke fûn plak op 18 maaie 2017 troch de doetiidske kommissaris fan de Kening fan Noard-Hollân, Johan Remkes .
Eksterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjouwerkante, ynboude en twaliddige toer is ferlike mei it skip smel. De toer is fersierd mei in tal nissen. Yn 'e frije siden boppe it dak binne lykas by de Keizertsjerke fan Middenbeemster rjochthoekige fjilden yn it mitselwurk oanbrocht. Soartgelikense fjilden binne yn de foargevel makke, ûnderoan de toer. Yn 'e middenfjilden, boppe de yngong, binne rûnbôge nissen ynbrocht. Oan alle kanten binne yn it boppeste diel galmgatten set, mei dêrboppe jimmeroan in fjouwerkante wizerplaat. Yn 'e toer hinget in klok fan Pieter en François Hemony út 1653 mei in diameter fan 90 sintimeter. In twadde, gruttere klok waard yn 1635 troch Assuerus Koster getten. It meganysk, mar elektrysk op te winen oerwurk is fan Eijsbouts en datearret út 1950. Om 'e nullespits rint in balustrade.
De tsjerke is in pseudobasilyk mei in fiifsidich koer. It hout fan it dak is werbrûkt, dat te sjen is oan 'e binnenkant mei spikergatten fan eardere laaien. It koer hat sân hege spitsbôgefinsters . Op 'e punt fan it koer stiet in krús mei in wynwizer yn 'e foarm fan in sylskip.
De súdlike gevel bestiet út seis traveeën, mei dêrtusken steunbearen dy't troch in wetterlist ferbûn binne. Dy wetterlist rint ûnder de finsters troch en oer de steunbearen hinne. De doar mei trep yn 'e sydmuorre is nij.
De noardlike gevel is hast allyk oan 'e súdlike. It earste raam, sjoen fanút it west is op it boppeste part nei tichtmitsele. Under it tredde raam is in doar, sadat ferstoarne minsken fuort nei it oangrinzgjende hôf brocht wurde kinne.
Oant 2016 wiene der foar de ramen spesjale metalen rekken set om skea fan fuotbaljende bern tefoarren te kommen. No binne der foarsetramen set om de ramen te beskermjen.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel, it doopstek, de banken, de fiif hearebanken en it siichportaal datearje út de tiid fan 'e bou. De lessener, de doopbekkenhâlder en de sân koperen kroanljochters binne 17e-iuwsk, in krektere datum is net bekend. It Tsien Geboaden-boerd datearret út 1622 en ien fan 'e twa skipsmodellen út 1663. Boppe de yngong is in betinkingsboerd út 1636 mei in moarmeren list. It rouboerd, ta neitings oan in frommes, waard yn 1693 yn it súdlike skip hongen, mar ferhûze by de restauraasje yn 1977 nei it noardlike skip.
Binnen de dooptún steane banken foar de tsjerkeried, it doopfont en de preekstoel. Dat is it sintrale diel fan 'e tsjerke en de banken binne allegear op dat plak oriïntearre. De banken foar de dooptún oer en oan wjerskanten fan 'e dooptún datearje nei alle gedachten út de boutiid. Dy banken wiene nei alle gedachten ek ornearre foar bestjoerders en notabelen. It middenpart fan it skip hat gjin fêste banken, hjir stiene stuollen. Fêste banken en oar meubilêr waarden pas nei 1829 set, doe't yn 'e tsjerke langer gjin minsken mear begroeven wurde mochten.
Ien fan 'e lûkbalken yn it middenskip draacht de namme Jan Janszoon Vijselaer en it wapen fan Edam. It is bekend dat dy timmerman yn Edam wie en dêr holp er ek by de bou fan it westlike dak fan 'e Grutte Tsjerke. Krekt as de Grutte Tsjerke fan Edam en yn 'e middelste hal fan 'e Noardertsjerke yn Hoarn is der in rinbrêge op 'e balken. In oantal lûkbalken rêste op kaaistikken, dy't mei fike fersieringen dekorearre binne.
De flier fan 'e tsjerke is heger as it strjitnivo. Dat wie foar de feiligens by stoarm en heech wetter en mooglik ek om it begraven yn grûnwetter tefoarren te kommen. De flier is ryk oan grêfsarken. In tal sarken ha hûsmerken. By de restauraasje yn 2016 binne de stikkene grêfstiennen fuorthelle en binne de brûkbere stiennen tydlik opslein. Under de stiennen ferskynden stiennen poeren, dy't net by de bouperioade fan 'e tsjerke passe. Dy stiennen binne doe mooglik op 'e nij brûkt en âlder as de tsjerke. By de restauraasje fan 2016-2017 is ûnder de sarkeflier flierferwaarming oanlein. De sarken krigen harren oarspronklike plak net werom, njoggen gruttere sarken binne yn in ferdjippe fak midden yn 'e tsjerke belâne. Ek binne der in oantal sarken mei opskriften by inoar set, op in plak dêr't eartiids de houten flier lei. Yn 'e doar tusken de tsjerkeseal en de hal ûnder de toer binne ek hûsmerken te sjen, wêrfan't de reden net bekend is. Dy doar is fanwegen de merken by de ferbouwing bewarre bleaun.
Om't it gebou langer net as tsjerke brûkt wurdt, binne by de restauraasje de konsistoarje en de diakonony ferboud foar oare doelen. Ek binne de tonferwulften yn oerlis mei de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed isolearre. De houten stripen fan 'e ferwulften binne dekoratyf beskildere mei plantemotiven. Mooglik binne de ferwulften ynbrocht nei't de tsjerke in pear jier foltôge wie. It setten fan in houten ferwulft wie in tige kostbere saak.
It oargel datearret út de twadde helte fan 'e 18e iuw en wurdt oan Jacob Courtain út Emmerik taskreaun. It waard yn 1879 yn 'e tsjerke set troch F.G. Leichel. It piipwurk is âlder as de oargelkast. It oargel stiet op twa pylders. By de restauraasje fan 2016 die bliken dat dy pylders sels net stipe waarden, wêrnei't der hastich peallen ûnder slein waarden.
De brânskildere ramen datearje út de tiid fan de bou. De ruten yn it koer binne skonken troch Nederlânske gemeenten, wêrûnder Alkmar, Hoarn en Inkhuzen. Se binne tusken 1949 en 1966 restaurearre troch de glesker Bogtman út Haarlim.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 'e Grutte Tsjerke fan Purmerein stie in hast identike preekstoel Dy preekstoel waard yn 1640 makke troch de Amsterdamske byldhouwer Jan Dirckz. Beltsnijder.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|