Grifformearde tsjerke (Bunde)
Prot.-grifformearde tsjerke Evangelisch-reformierte Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Bunde | |
adres | Kirchring | |
koördinaten | 53°11' N 7°16' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-Griff. Tsjerke yn Dútslân | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw 19e iuw (toer) | |
boustyl | romanogotyk, klassisisme | |
monumintale status | Kultuermonumint | |
Webside | ||
www.reformiert-bunde.de | ||
Kaart | ||
De protestantsk-grifformearde tsjerke fan Bunde yn it Eastfryske lânkring Lier yn Nedersaksen is in krústsjerke út de 13e iuw. It gebou is te ferdielen yn in romaansk skip (± 1200), in romanogoatysk eastlik diel (± 1270) en in klassisistyske westlike toer út 1840. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de tsjerke ferskillende kearen ferboud.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten stie op it plak eartiids mooglik al 1000 f.Kr. in houten tsjerke. Yn it dwersskip binne resten fan in sânstiennen sark mei kristlike symboalen fûn, dy't âlder is as de hjoeddeiske bakstientsjerke. De tsjerke wie oarspronklik oan Sint-Martinus wijd en hearde by de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster.
It hjoeddeiske skip waard sûnt 1200 boud en is sadwaande ien fan 'e âldste bakstiennen gebouwen fan Eastfryslân. Al om 1270-1280 hinne waard in transept en in koer tafoege, sadat in krústsjerke ûntstie. Nei dy ferlinging waarden de measte romaanske portalen yn it skip tichtmistsele en de lytse romaanske finsters troch gruttere goatyske ferfongen. De oarspronklike toer soe neffens de kronyk fan Eggerik Beninga al yn 1246 troch in orkaan ynstoart wêze (Op ditmael is daer dorch de groote torn tho Bunde nedergevallen). Dêrfoaroer waarden der nei alle gedachten yn 'e 13e iuw flanktuorren oan it koer boud, dy't oan it begjin fan 'e 16e iuw ôfbrutsen waarden of yn 1501 troch fijannige Grinzers fernield waarden, dy't neffens Beninga de tsjerke mei it doarp plonderen en yn 'e brân stieken (und de kercke mit den Dorpe upgebrant).
Yn 'e tiid fan 'e reformaasje gyng de gemeente oer op 'e grifformearde lear. Yn 1651 waard yn 'e tsjerke yn 'e noardlike transeptearm in galerij boud. Nei in brân waard de gevel fan it koer yn 1696 op 'e nij boud. Nei't de ferwulften fan it dwersskip en koer yn 1705 útbrutsen waarden, krige de rest fan de tsjerke lykas al yn it skip in houten tonferwulft. De tekst op 'e súdlike gevel yn giele stien neamt it jiertal 1705 en de nammen fan 'e doetiidske tsjerkfâlden. De hjoeddeiske toer waard yn 1840 troch Marten Bruns Schmidt (Ditzum) boud. Yn 1896 krigen de tagongen fan it dwersskip wynportalen yn 'e styl fan de neogotyk.
By in renovaasje yn 1958 waarden yn it ûnderste diel fan it koer de nissen en bline bôgen wer bleatlein en krigen de rûne finsters glês yn lead ramen. Nei it ferwiderjen fan 'e kalklagen fûnen de restauraasjemeiwurkers de âlde kleuren fan de krusingspylders werom, dy't foar in part rekonstruearre binne. Yn 'e jierren 1980-1981 waarden noch twa sakramintsnissen en de bundelpylders fan it eastlike koer bleatlein.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By renovaasjewurk yn 'e 19e iuw waard op 'e hichte fan 'e finsters yn it eastlike diel in gong tusken de twaskalige muorre frijlein, dy't troch it hiele koer rint en foar in part bewarre is. De funksje fan 'e gong is net wis, mar mooglik wie it in paad om by need te flechtsjen. De oarspronklike tuorren oan it koer, dy't mei de gong ferbûn wiene, makken in trep nei boppe mooglik. Yn it koer binne twa nissen út de katolike tiid en ferskillende wijkrúsen bewarre bleaun. De muorrebeskildering is noch foar in part sichtber.
It doopfont yn 'e krusing fan 'e tsjerke datearret fan 'e 13e iuw. Yn 'e eastlike muorre fan 'e súdlike earm is in diel fan in stiennen sydalter mei fresko's út 1500 fan rankwurk bewarre bleaun. It houten doksaal mei in klok oan 'e kant fan it koer datearret fan 1751 en soarget foar de ôfskieding fan 'e nachtmielsromte fan 'e tsjerke.
De tsjerke besit in barokke preekstoel mei in grut klankboerd út 1720. De iken banken datearje ek út dy snoarje. Wat fierder fan 'e preekstoel, wat heger de banken steane. De doarkes binne fersierd mei traaljewurk, seispuntige stjerren en houtsnijwurk en de efterste banken hawwe lytse trepkes om de bank yn te gean. De twa kroanluchters binne makke troch de oargelbouwer Hinrich Just Müller.
Yn 'e toer hingje trije klokken. De âldste is fan 1753. In twadde klok waard yn 1951 getten om de yn 'e Twadde Wrâldkriich omraande klok te ferfangen. De grutste klok waard yn 1817 yn Bunde omgetten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike galerij hie yn 'e 16e iuw al in oargel. Yn 1790-1793 boude Hinrich Just Müller út Wittmund foar 1700 ryksdaalders it oargel. Dêrfan is de oargelkas bewarre. It Müller-oargel hie 22 registers op twa manualen en it pedaal wie oanhongen. De foargonger fan it Müller-oargel waard foar 100 ryksdaalders oernommen troch Müller en oan 'e Sint-Petrustsjerke yn Aurich-Oldendorf ferkocht, dêr't de oargelkas noch altiten oanwêzich is. Gerd Sieben Janssen reparearre it oargel yn 1872. Johann Diepenbroch fergrutte it ynstrumint mei in selsstannich pedaal mei trije registers. Friedrich Klassmeier ferfong it ynstrumint yn 1926 troch in nij oargel mei 27 registers. It komplete binnenwurk fan it oargel waard yn 1965 troch Karl Schuke út Berlyn fernijd. It oargel telt no 23 registers.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|