Griene fazant

Ut Wikipedy
griene fazant

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai fazanten (Phasianus)
soarte
Phasianus versicolor
Vieillot, 1825
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De griene fazant (wittenskiplike namme: Phasianus versicolor) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e fazanten (Phasianus). It is de neiste sibbe fan 'e gewoane fazant (Phasianus colchicus). De griene fazant is yn syn fersprieding beheind ta Japan, wêrfan't it de nasjonale fûgel is. It is in middelgrutte stânfûgel mei in lange sturt, in omnivoar dieet en in seksueel dimorf uterlik. De IUCN klassifisearret de griene fazant as net bedrige.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griene fazant waard foar it earst yn 1825 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske ornitolooch Louis Pierre Vieillot. Fral yn it ferline waard gauris ornearre dat de griene fazant in ûndersoarte wêze moast fan 'e gewoane fazant (Phasianus colchicus). As argumint dêrfoar waard oanfierd dat de beide soarten hybride neiteam produsearje kinne. Mar dat is winliken ienfâldichwei in skaaimerk fan goes- en hineftigen (Galloanserae), dy't yn ferhâlding ta oare fûgels mar amperoan oer in postsygoatysk isolearmeganisme beskikke. As gefolch dêrfan hybridisearring tusken besibbe soarten tige maklik. Tsjintwurdich wurdt de griene fazant oer it algemien as in selsstannige soarte behannele.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e griene fazant is beheind ta Japan, dêr't dizze fûgel rûnom foarkomt op trije fan 'e fjouwer haadeilannen: Honsjû, Kjûsjû en Sjikokû. Dêrnjonken komt er ek foar op ferskate lytsere eilannen dy't deun foar de kust fan 'e trije neamde haadeilannen lizze. Fan 'e lytsere eilannen dêr't de griene fazant foarkomt, leit nkeld Sado fierder yn see, te witten yn 'e Japanske See, westlik fan sintraal Honsjû.

In griene-fazantehoanne.

As eksoat is de griene fazant troch de minske ek yntrodusearre yn Hawaï. In fierder besykjen ta yntroduksje yn Noard-Amearika, as jachtwyld, wie om 'e nocht. Der wiene yn it ferline wol inkele yntrodusearre wylde (of ferwyldere) populaasjes yn West-Jeropa, mar dy binne ferdwûn troch hybridisearring mei de gewoane fazant (Phasianus colchicus).

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griene fazant is in middelgrutte fûgel. Hoannen hawwe trochinoar in kop-sturtlingte fan 81–90 sm, dêr't de sturt wol twatrêdepart fan útmakket. Hinnen hawwe yn trochsneed in lingte fan 56–59 sm. It gewicht fan 'e hoannen bedraacht 1,2–1,4 kg, en dat fan 'e hinnen is 900 g oant 1 kg.

It fearrekleed fan 'e hoannen is dûnkergrien op it boarst, de rêch en de siden. De wjukken binne in ljochtere tint fan fealgrien, mei brune markearrings. De sturt is ek fealgrien, mar skaait oan 'e útein út nei brún. De langste sturtfearren hawwe oerdwerse streken dy't swart fan kleur binne. De hals en de kop binne in glinsterjende, dûnkere kleur turkwaze oant blau. Om 'e eagen hinne, mar fral oan 'e ûnderkant en yn 'e rjochting fan 'e snaffel hawwe fazantehoannen in keale, felreade lel. Op 'e efterholle sitte twa lytse toefen, dy't wol wat wei hawwe fan earen.

De griene fazant fertoant in protte seksuele dimorfy, en de hin liket dan ek alhiel net op 'e hoanne. De hin is in slach lytser, mei in folle koartere sturt en in ljochtbrún fearrekleed, dat markearre is mei lytse dûnkerbrune oant swarte oerdwerse streekjes op 'e fearren. De lel en de toefen ûntbrekke by de hin alhiel.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griene fazant komt fan natuere foar yn iepen wâlden, by de boskrânen fan tichtere wâlden lâns en yn gebieten mei in protte strewelleguod. Yn mear iepen greidlân kin dizze fûgel bestean as der genôch beskûl is, lykas yn 'e foarm fan houtwâlen. De griene fazant hat him fierders oanpast om ek yn parken yn stedske fermiddens foar te kommen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pearke griene fazanten, de hoanne lofts en de hin rjochts.

De peartiid falt foar de griene fazant tusken ein maart of begjin april en mids of ein juny. Nei de pearing is de rol fan 'e hoanne by it fuortplantingsproses útspile. De hin siket in beskut plak op om in nêst te meitsjen, dat bestiet út in útskrabe dobke yn 'e grûn, beklaaid mei wat plantegrien. Dêryn leit se 6–15 bêzje aaien. De briedtiid duorret 23–25 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't koart nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee troch har nei plakken ta laat dêr't se harsels fuorje kinne. Griene fazanten binne mei likernôch 1 jier geslachtsryp.

De yntroduksje fan 'e gewoane fazant (Phasianus colchicus) yn Japan is fierhinne mislearre om't dy fûgel yn konkurrinsje mei de griene fazant belies jaan moat. Beide fûgels binne nau besibbe, mar hawwe ferskillende ekologyske nedichheden; en de gewoane fazant is minder goed oanpast oan 'e ekology fan it ferspriedingsgebiet fan 'e griene fazant.

It aai fan in griene fazant.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Griene fazanten binne omnivoaren, dy't sawol plantaardich as dierlik guod frette. Op it menu steane benammen sieden, beien, nuten, blêden en oare griene plantedielen, mar ek in protte ynsekten en oar lyts wrimelt, oan lytse wringedieren lykas hagedissen ta.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griene fazant hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Nettsjinsteande dat is der in delgeande populaasjetrend waarnimber. Griene fazanten wurde yn Japan bejage foar it fleis en om op te setten as jachttrofee. se wurde troch hobbyisten ek wol holden as foliêrefûgels.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 4 (stân fan saken yn 2011) erkende ûndersoarten fan 'e griene fazant (Phasianus versicolor):

  • noardlike griene fazant (P. v. robustipes) (noardwestlik Honsjû en it lytsere eilân Sado)
  • Pasifyske griene fazant (P. v. tamensis) (súdeastlik Honsjû en eastlik Kjûsjû)
  • súdlike griene fazant (P. v. versicolor) (westlik Honsjû en westlik Kjûsjû)
  • súdwestlike griene fazant (P. v. tohkaidi) (sintraal en súdwestlik Honsjû en Sjikokû)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.