European Sports for All Games

Ut Wikipedy
European Sports for All Games
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak ferskaat
datum 3 o/m 7 augustus 2018
bysûnderheden
ôfkoarting ESAG
oanlieding LF2018
soarte evenemint sportevenemint
org. troch Sport Fryslân
offisjele webside
sportsforall2018.eu

De European Sports for All Games (Ingelsk foar: de "Spullen fan Jeropeeske Sporten foar Allegear") wie in fiifdeisk evenemint dat fan 3 oant en mei 7 augustus 2018 yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. By dit evenemint stiene de saneamde 'lytse sporten' sintraal. Yn 'e Fryske kontekst gie it dêrby om Frysk damjen, fierljeppen, keatsen en skûtsjesilen, mar in hiel soad gebieten hawwe ferlykbere eigen sporten dy't bûten sa'n regio ûnbekend binne, lykas bochia, cuman push, hurling, krulbol, pandolo, pesäpallo en puli run. Fyftich fan sokke lytse sporten waarden ûnder de European Sports for All Games yn Fryslân oan it publyk presintearre, en it wie de bedoeling dat in diel fan 'e taskôgers sels ek meidwaan soe.

Organisaasje en evenemint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De European Sports for All Games wiene in beheindere ferzje fan 'e World Sports for All Games, dy't ienris yn 'e fjouwer jier foar dit soarte sporten organisearre wurde troch de Tafisa, de wrâldorganisaasje foar lytse sporten. Lytsskalige presintaasjes fan 'e European Sports for All Games fûnen yn 2018 plak yn 'e marzje fan it NK Fierljeppen yn Burgum, it skûtsjesilen yn Grou, de Snitswike yn Snits, de Pim Mulierspullen yn Wytmarsum, de Keatswike (mei de PC) yn Frjentsjer en it WK Frysk damjen yn Ljouwert. Yn 'e earste wike fan augustus wie der in selsstannich barren mei as sintrum It Hearrenfean, hoewol't der ek demonstraasjes plakfûnen yn Frjentsjer, Grou, Ljouwert, Snits, Wytmarsum en ferskate oare plakken.

De organisaasje fan 'e European Sports for All Games wie yn 'e hannen fan Sport Fryslân, dat trijehûndert frijwilligers út doarp en stêd ynsette om alles yn goede banen te lieden. De organisaasje waard aktyf ûnderstipe troch it Nederlânsk Olympysk komitee NOC*NSF. Mei it boadskip dat men mei it evenemint de Fryske befolking safier krije woe dat ek dejingen dy't gjin aktive libbensstyl hiene, tenei aktyf oan sport dielnimme soene, wist Sport Fryslân foar de European Sports for All Games 500.000 subsydzje fan 'e Jeropeeske Uny binnen te heljen. Ek De Friesland Zorgverzekeraar stipe it evenemint om dy reden as sponsor. Om te sjen hoe't it útpakte en oft it in goed idee wêze soe om dizze oanpak ek yn oare gebieten ta te passen, stjoerde de Jeropeeske Uny waarnimmers om it evenemint en de organisaasje derfan te 'monitorjen'.

De bûtenlânske sporters dy't de presintaasjes fersoargen, útfanhûzen by partikulieren thús; de oernachtingsadressen wiene regele troch pleatslike sportferienings, dy't per team fan tsien dielnimmers in jildlike fergoeding krigen. Sadwaande wiene der Italjanen te gast yn Earnewâld, Spanjerts yn Snits, Basken en Slovenen yn Wytmarsum en Dútsers yn Ychtenbrêge en Dolsterhuzen. Yn Heech waarden mar leafst santich sporters út ferskate lannen ûnderbrocht yn in skip, wylst Jirnsum gasthear spile foar njoggen kanofarders út Frânsk-Polyneezje.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei trije dagen wie Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân, al hartstikkene tefreden oer it ferrin fan 'e European Sports for All Games. Fansels gie der wolris wat mis. Dêroer seid er yn 'e Ljouwerter Krante: "Der riidt wolris in bus ferkeard. En dan bist de Russen kwyt, en wy ha de Ieren alris fan in terraske plukke moatten. Lytse dinkjes." Ek Jean-François Laurent, de foarsitter fan Tafisa, wie tige oer de European Sports for All Games te sprekken. "Oeral steane regionale sporten ûnder druk," seid er nei't er yn 'e kunde kommen wie mei fierljeppen, skûtsjesilen en keatsen, "mar hjir yn Fryslân libbet it noch alderraarst." De Vries fûn dat de European Sports for All Games in ferfolch krije moast, it leafst yn Fryslân. Hy tocht oan in twadde edysje fan it evenemint oer fjouwer jier, yn 'e simmer fan 2022.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Altena, Stef, Polynesische Kanoërs Snel Thuis in Jirnsum, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 2.
  • Altena, Stef, "Vreemde" Sporten: "Dit vind je nergens anders in Europa", yn: de Ljouwerter Krante, 6 augustus 2018, s. 19.
  • Grosso, Maria del, De Friese sportformule werkt, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2018, s. 25.
  • Wijbrands, Douwe, Vijfdaags Festival van Kleine Cultuursporten, yn: de Ljouwerter Krante, 31 july 2018, s. 21.