Pesäpallo

Ut Wikipedy
Pesäpallo
sport
algemiene gegevens
type slachsport, balsport
teamsport ja
mingde sport nee
lokaasje fjild
ûntstean 1920-er jierren
betinker Lauri Pihkala
besibbe sporten
honkbal, softbal
Tema:Sport

Pesäpallo, ek wol bekend as Finsk honkbal, is in saneamde 'lytse' sport út Finlân (neffens grutte ferlykber mei keatsen of fierljeppen yn Fryslân). De Finske namme betsjut letterlik: "nêstbal" (fan 'fûgelnêst', en net it foarsetsel 'nêst'). It is in sport dy't sterk liket op it (Amerikaanske) honkbal, en dy't yn 1920 betocht waard troch de Finske sporter en militêr Lauri Pihkala. Pesäpallo wurdt behalven yn Finlân, dêr't it de nasjonale sport is, ek spile yn (dielen fan) Dútslân, Sweden en Switserlân, mar lang net sa algemien of sa fanatyk as yn Finlân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar leken is it grutste ferskil tusken pesäpallo en honkbal dat by profesjoneel pesäpallo alle spilers in helm drage en dat it sporttenu ûnder de reklame sit. De bal wurdt mei in kneppel it fjild ynslein, mar oars as by honkbal moat de bal earst de grûn reitsje binnen it trijehoekige gebiet dat foarme wurdt troch de honken, en mei er dêrnei pas trochstuitsje nei it bûtenfjild. Homeruns, wêrby't de bal sa hurd mooglik oer it bûtenfjild hinne de tribunes ynslein wurdt, binne by pesäpallo dus net mooglik.

Nei't de slachman de bal fuortslein hat, kin er in punt helje troch mei de klok mei by de honken lâns te draven. Krekt as by honkbal besiket de tsjinpartij syn bal te fangen en him dêrmei ôf te tikjen, en krekt as by honkbal is er 'feilich' salang't er mei in foet ien fan 'e honken oanrekket. It fjild hat by pesäpallo in wat oare foarm as by honkbal, mar de spilers fan 'e slachpartij moatte likegoed sjen om by it thúshonk te kommen. As harren dat slagget, krije se in punt. Pesäpallo wurdt spile yn fjouwer innings. It team dat oan slach is, mei trije jokers ynsette; dat binne spilers dy't ekstra goed slaan of drave kinne.

De oare regels meitsje dat pesäpallo ek in oar soarte spiler hat as honkbal. Trochdat by honkbal yn prinsipe altyd besocht wurdt om in homerun te slaan, moatte honkballers fral spiersterk wêze en besykje om 'e bal sa hurd mooglik te reitsjen. Trochdat homeruns by pesäpallo net mooglik binne, moatte pesäpallospilers krekt hurd drave kinne en by steat wêze om atletyske dûken nei de bal of nei in honk te meitsjen. Sadwaande binne pesäpallospilers trochinoar folle lichter boud as honkbalspilers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Altena, Stef, Pesäpallo is onschuld allang kwijt, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 25.