Springe nei ynhâld

Donald McIntosh (militêr)

Ut Wikipedy
Donald McIntosh
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Donald McIntosh
nasjonaliteit Kanadeesk
Amerikaansk
berne 4 septimber 1838
berteplak Montreal (Kebek)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Seneka
Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18671876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang earste luitenant (sûnt 1870)
befel G Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

Donald McIntosh (Montreal (Kebek), 4 septimber 1838 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Kanadeesk-Amerikaansk militêr dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McIntosh waard yn 1838 berne yn Montreal, yn 'e Britske koloanje Neder-Kanada, dy't yn 1867 ûnder de namme Kebek in provinsje fan Kanada waard. Hy wie de soan fan James "John" McIntosh en Charlotte Robinson. Syn heit wie fan Skotsk komôf en in ôfstammeling fan sir James Mackintosh, fan 'e Clan Mackintosh. Syn mem wie fan Irokeesk komôf en stamme yn 'e rjochte line ôf fan it Seneka-opperhaad Reade Jas. Mei't McIntosh syn heit keapman foar de Britske Hudsonbaaikompanjy wie, groeide er op yn ferskate hannelsposten. Doe't er fjirtjin jier wie, fûn syn heit de dea by in konfontaasje mei Yndianen.

Neitiid wenne McIntosh fan 1846 oant 1851 ta yn Vancouver (Washington), fan 1851 oant 1854 yn Oregon City, fan 1854 oant 1860 yn Fort Dalles, by Portland, en fan 1860 oant 1861 yn Fort Steilacoom. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wied er haadklerk foar de Noardlike brigadegeneraal Daniel Rucker. Hy troude op 30 oktober 1866 yn Baltimore mei Mary "Molly" Garret († 1910).

Op 17 augustus 1867 naam McIntosh tsjinst yn it Amerikaanske Leger en waard er mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Neitiid waard er op 22 maart 1870 befoardere ta earste luitenant. De earste acht jier wie McIntosh yn detasjearre tsjinst yn it westlike legerhaadkertier yn Fort Leavenworth, yn Kansas, dêr't ek de rezjimintskommandant fan 'e 7e Kavalery, kolonel Samuel D. Sturgis, detasjearre wie. Dyselde hie gjin goed wurd foar McIntosh oer, en beskôge him as "yneffisjint, [...] ûnferskillich foar syn offisjele plichten oer, [...] in simulant." Doe't McIntosh him úteinlik yn Fort Abraham Lincoln by it 7e Kavaleryrezjimint joech, skode de fjildkommandant fan it rezjimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, him foar de simmerkampanje fan 1876, dy't ûnderdiel út makke fan 'e Grutte Sû-Oarloch, it befel oer G Kompanjy ta, mei as ûnderbefelhawwer twadde luitenant George D. Wallace.

Op 25 juny naam McIntosh diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't fiif kompanjyen fan 'e 7e Kavalery oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Dy deis hearde McIntosh mei G Kompanjy ta it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat de slach fierhinne oerlibbe. Reno iepene it treffen mei in oanfal op 'e súdkant fan it grutte Yndiaanske doarp dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdutsen wie. Troch de ûnferwachts grutte oantallen Yndiaanske krigers dy't yn it doarp oanwêzich wiene en derta'n út streamden om 'e oanfal ôf te slaan, moasten Reno syn troepen al rillegau tebekwike nei in stripe strewelleguod dy't by de rivier lâns groeide. Nei't de haadferkenner Bluodderich Mês, dy't njonken him op in hynder siet, troch in kûgel yn 'e holle rekke wie, ferlear Reno de behearsking oer de taktyske sitewaasje en late er in gaoatyske flecht werom oer de rivier. G Kompanjy foarme dêrby de efterhoede, en McIntosh rekke te fier efterop. Hy waard troch in pear krigers fan syn hynder slein en deade.

Nei de fjildslach waard McIntosh syn slim skeinde lyk weromfûn op it plak dêr't er sneuvele wie. Dêr waard er ek provisoarysk begroeven, mar yn july 1877 waard syn stoflik omskot nei Fort Leavenworth ta stjoerd, dêr't it werbegroeven waard op it Nasjonaal Begraafplak Fort Leavenworth. Yn 1909 waard it jitris opgroeven om byset te wurden op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C. Yn 1910 waard syn widdo Molly dêr njonken him begroeven. Op it slachfjild oan de Little Bighorn jout in wytmoarmerne tinkstien no it plak oan dêr't McIntosh de dea fûn. Dêr deunby waard yn 'e simmer fan 1995 by argeologysk ûndersyk in fingerbonke mei in ring fûn, dy't identifisearre waard as McIntosh syn trouring. Dy befynt him no yn museum yn Garryowen, yn Montana.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.