Doetinchem
Gemeente Doetinchem
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Gelderlân | ||||||
Boargemaster | Herman Kaiser (CDA) | ||||||
Haadplak | Doetinchem | ||||||
Oerflak | 79,07 km² | ||||||
Ynwenners | 59.659 | ||||||
Ferkearsieren | A12 A50 N224 A325 N784 | ||||||
Netnûmer | 0314, 0315 | ||||||
Postkoades | 7000-7011, 7030-7031 | ||||||
Offisjeel webstee | www.doetinchem.nl |
Doetinchem (Nedersaksysk: sawol Deutekem as Dörkum) is in stêd en gemeente oan de Alde Isel en leit yn de Achterhoeke, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente hat 59.659 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en hat in oerflak fan 79,07 km2 (dêr't 0,57 km2 fan út wetter bestiet). Dêrmei is Doetinchem de tichtst befolke gemeente fan de Achterhoeke. De befolking is foar goed fjirtich persint fan protestantske sinjatuer en foar sawat likefolle fan katolike komôf. Foar it oare part bestiet de gemeente út guons dy't net tsjerklik binne of moslims.
De gemeente Doetinchem ûntstie op 1 jannewaris 1920 troch de fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Stêd Doetinchem en Amt Doetinchem Op 1 jannewaris 2005 is de gemeente Wehl opheft en oan de gemeente Doetinchem taheakke. Ek waard Zelhemse Broek by de gemeente foege.
Betelle fuotbal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei BV De Graafschap hat Doetinchem syn eigen betelle fuotbalklup yn de gemeentegrinzen. It stadion De Vijverberg, dat leit yn it súdeasten fan de stêd, húsmannet de Superboeren.
-
Doetinchem, tsjerke, sjoen fan de winkelstrjitte ôf (2012)
-
De Benninkmûne yn Doetinchem (2021)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doetinchem fan Wikimedia Commons. |
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |