Springe nei ynhâld

De Twa Eallju fan Verona

Ut Wikipedy
De Twa Eallju fan Verona
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan In Komeedzje Fol Fersinnen en Leafde's Lêst Net Leanne werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF.
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan In Komeedzje Fol Fersinnen en Leafde's Lêst Net Leanne werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF.
algemiene gegevens
oarspr. titel The Two Gentlemen of Verona
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1590 of 1591
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Twa Eallju fan Verona
publikaasje 1956, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

De Twa Eallju fan Verona, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Gentlemen of Verona, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje, dy't nei gedachten skreaun is yn 1590 of 1591, en foar it earst publisearre waard yn 1623, as ûnderdiel fan 'e saneamd First Folio. De measte saakkundigen beskôgje it as Shakespeare syn earste stik en it befettet eleminten dy't de grutte toanielskriuwer letter yn grutter detail útwurkje soe, lykas it harsels ferklaaien as in jonge troch de heldinne. It wurdt dan ornaris ek sjoen as ien fan syn swakkere stikken. The Two Gentlemen of Verona giet oer twa jonge eallju út Verona, dy't nei it hof fan 'e hartoch yn Milaan geane en dêr beide fereale reitsje op 'e hartoch syn dochter, en oer hokfoar nuvere setten oft se dogge om inoar de loef ôf te stekken en it tsjeppe fanke foar harsels te winnen. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1956.

De earste dy't úthold dat The Two Gentlemen of Verona Shakespeare syn earste toanielstik wie, wie Edward Malone yn 1778. Sûnt liket syn teory frij algemien akseptearre te wurden, mei't yn 'e edysjes fan it toanoanjaande The Oxford Shakespeare: The Complete Works fan 1986 en 2005 The Two Gentlemen of Verona hielendal foaroan stiet. Behalven dat it nei alle gedachten Shakespeare syn ierste stik wie, wie it ek ien fan syn swakste en hat it it lytste oantal rollen fan al syn wurken. Fral de kwaliteit derfan is op himsels ek al wer in argumint foar Malone syn teory. It brekme oan ûnderfining fan 'e skriuwer uteret him ek yn guon aparte en forsearre draaien yn it ferhaal.

It toanielstik iepenet as de jonge ealman Valentine op it punt stiet om te ferfarren nei Milaan. Hy freget syn freon Proteus om mei, mar dy wol yn Verona bliuwe, om't er fereale is op Julia. Valentine set dan allinnich ôf. Mar Proteus syn heit hat kedize dat er dochs nei Milaan moat en sa wurdt er de oare deis twongen ta in mei triennen mank geand ôfskie fan Julia. Se wikselje ringen út en swarre inoar trou te bliuwen.

Yn Milaan oankommen, wurdt Proteus lykwols daliks smoarfereale op Silvia, de dochter fan 'e Milaneeske hartoch, dêr't Valentine ek al besleifere fan is. Valentine, dy't him ûnbewust is fan 'e gefoelens dy't syn freon foar Silvia hat, fertelt Proteus fan syn eigen leafde foar it fanke. Om't de hartoch fermoedet dat syn dochter en Valentine fereale opinoar binne en hy hawwe wol dat se mei de rike Thurio trout, slút er Silvia nachts op yn in hege toer, dêr't inkeld hy de kaai fan hat. Valentine hat lykwols it plan opfet om har mei in touljedder te befrijen en har dan te skaken. Proteus giet daliks nei de hartoch ta en ferriedt syn freon; de hartoch ferballet Valentine dêrop út Milaan. Om utens wurdt Valentine it slachtoffer fan in binde strûkrôvers, dy't allegear úthâlde eallju yn ballingskip te wêzen. Valentine kin harren mei wurden wol oer en wurdt frijwol daliks ta har oanfierder keazen.

Underwilens hat yn Verona Julia besletten om har by har frijer Proteus yn Milaan te jaan. Hja ferklaait har as in jonge en reizget dêrhinne, mar as se der arrivearret, ûntdekt se al mei gauwens dat Proteus har fergetten is en no oan nimmen oars mear tinkt as Silvia. Julia wit te beävensearjen dat Proteus har ûnder de namme Sebastian yn 'e tsjinst nimt as syn paazje. Yn dy hoedanichheid stjoert Proteus har nei Silvia ta mei as geskink deseldichste ring dy't er earder fan Julia krigen hat. Lykwols, Julia ûntdekt dat Silvia neat fan Proteus witte wol. Ynstee dêrfan rouwet hja om Valentine, fan wa't men seit dat er dea is, sa hat Proteus har ynflústere.

Silvia rêden troch Valentine, op in skilderij fan Francis Wheatley, út 1792.

Silvia wegeret dy geroften te leauwen en risselwearret om Milaan út te glûpen om Valentine te sykjen. Se ûntsnapt nei it wâld bûten de stêd, mar wurdt finzen nommen troch de strûkrôvers, dy't har meinimme nei harren lieder (Valentine). Underweis komme se lykwols Proteus en Julia (yn 'e momkape fan Sebastian) tsjin. Proteus rêdt Silvia fan 'e rôvers en besiket har dan om 'e nocht fan syn leafde foar har te oertsjûgjen. Dêrby wurde se temûk merkslein troch Valentine. Alhiel breinroer troch de ôfwizing suggerearret Proteus dan dat er har ferkrêftsje sil as se him goedskiks net hawwe wol ("I'll force thee yield to my desire").

Op dat stuit grypt Valentine yn en hâldt er Proteus tsjin. Fertard troch selswearze bewissiget Proteus Valentine derfan dat de hate dy't dy no foar him field yn it neat falt njonken de hate dy't er foar himsels fielt. Valentine is derfan oertsjûge dat Proteus syn berou oprjocht is; hy ferjout him en liket him Silvia ta hawwe te wollen. Dan wurdt it Julia tefolle en falt se derhinne, sadat de moard útkomt en elkenien ûntdekt wa't "Sebastian" eigentlik is. As er har sjocht, komt Proteus syn eardere leafde foar har wer yn 't sin en swart er har no ivich trou te bliuwen. De hartoch en Thurio jouwe har dan by it selskip en Thurio wol hawwe dat Silvia mei him trouwe sil, mar nei in drigemint fan Valentine bynt er fluch yn. De hartoch is ûnder de yndruk fan Valentine syn fanwegen kommen en jout tastimming oan Silvia om mei him te trouwen. De beide pearkes wurde dan fer- en weriene, de hartoch skinkt alle rôvers amnesty en it hiele spul keart werom nei Milaan foar in dûbele brulloft.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Two Gentlemen of Verona, fan Douwe Kalma, ferskynde yn 1956 as ûnderdiel fan Shakespeare's Wurk Dl. I, ien fan de omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, ûnder de titel De Twa Eallju fan Verona. Nei't er omstavere en by de tiid brocht wie troch Eric Hoekstra, waard dyseldichste tekst yn 2007 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting, yn ien kaft mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare, In Komeedzje Fol Fersinnen en Leafde's Lêst Net Leanne, ûnder de titel fan Trije Komeedzjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. I: Komeedzjes: In Komeedzje Fol Forsinnen, Leafde's Lêst Net Leanne, De Twa Eallju fan Verona, Drachten, 1956 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.
  • Shakespeare, William, Trije Komeedzjes: In Komeedzje Fol Fersinnen / Leafde's Lêst Net Leanne / De Twa Eallju fan Verona, De Gordyk, 2007 (Utjouwerij Bornmeer y.g.m. St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN-10: 9 05 61 50 804; ISBN-13: 978-9 05 61 50 808.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater