Springe nei ynhâld

CBTB

Ut Wikipedy
Kristlik Boere en Túnkers Bûn
Christelijke Boeren en Tuinders Bond
algemiene ynformaasje
ôfkoarting CBTB
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd lân- en túnbou
haadkertier De Haach (Súd-Hollân)
oprjochte 1918
opdoekt 1995
opgien yn LTO Nederlân
tal leden 21.000
offisjele webside
n.f.t.

It Kristlik Boere en Túnkers Bûn (Nederlânsk en offisjeel: Christelijke Boeren en Tuinders Bond), yn 'e regel bekend ûnder de ôfkoarting CBTB, wie in nasjonale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje op protestantsk-kristlike grûnslach yn Nederlân.[1][2][3] Dizze ferpyldere belangeferiening waard yn 1918 oprjochte[1][2] en ûnderhold lange tiid nauwe bannen mei de ARP.[1] Nei tsien moannen fan muoisume ûnderhannelings waard yn 1995 besletten ta in fúzje mei it roomske KNBTB en it liberale KNLC.[2] Sa ûntstie dat jiers LTO Nederlân, dêr't it CBTB yn opgie.[1][2]

It CBTB waard yn 1918 oprjochte as nasjonale belangeferiening foar boeren en túnkers fan protestantsk-kristlike sinjatuer.[1][2] De organisaasje ûnderhold, fral yn it begjin, nauwe bannen mei de politike partij ARP, dy't ek út 'e protestansk-kristlike pylder kaam. Sa waarden boeren en túnkers út Fryslân dy't lid wiene fan 'e ARP, yn 1918 by in gearkomste yn Ljouwert oanfitere om ek lid te wurden fan it CBTB.[1] Yn Fryslân wiene in protte leden fan it nije boerebûn yn 't earstoan ek lid fan 'e Fryske Maatskippij fan Lânbou.[1] It CBTB lei him njonken belangebehertiging benammen ta op agraryske en sosjaal-ekonomyske foarljochting en op befoardering fan it protestantsk-kristlik lânbou-ûnderwiis.[1][3] Yn Fryslân ûnderhold it CBTB fan 1956 ôf de proefbuorkerij Bosma Zathe yn Selmien, ûnder Oerterp.[4][5] Letter waard dy fan 1974 oant 1995 bestjoerd troch in gearwurkingsferbân fan it CBTB, de Fryske Maatskippij fan Lânbou en de boerebûnen fan Grinslân.[4][5]

Koart nei de Twadde Wrâldoarloch groeide it ledetal fan it CBTB sterk.[3] Yn 1954 ûntstie mei it Lânbouskip in koepelorganisaasje foar de agraryske sektor yn Nederlân.[2][3] Nettsjinsteande it feit dat dêryn ek fertsjintwurdigers fan 'e oerheid en de fakbûnen sit hiene, ûntjoech dy organisaasje him benammen ta in oerlisorgaan wêryn't de top fan it CBTB dingen beprate koe mei syn wjergaders fan it roomske Katolyk Nederlânsk Boere en Túnders Bûn (KNBTB) en it liberale Keninklik Nederlânsk Lânbou-Komitee (KNLC).[2] Benammen it CBTB profitearre fan 'e opset fan it Lânbouskip, mei't der mei gelykheid fan stimmen wurke waard, wat betsjutte dat de boerebûnen allegear fiif stimmen yn it kapittel hiene.[2] Dat hoewol't it CBTB fierwei de lytste fan 'e trije boerebûnen wie, koe it fia it Lânbouskip relatyf in soad ynfloed útoefenje. Yn 1983 omskreau it CBTB-bestjoer dy sitewaasje as "in sechsde fan 'e leden, in trêde fan 'e stimmen."[2]

Fan 'e midden fan 'e 1980-er jierren ôf belune de rol fan it Lânbouskip, en dêrmei de ynfloed fan 'e boerebûnen, fanwegen de miljeuproblematyk yn 'e lânbou en de krimp fan 'e agraryske sektor.[6] Ek spesjalisaasje briek de bûnen op, want it CBTB en de oare bûnen wiene opset op grûnslach fan pylder, en fertsjintwurdigen alle soarten boeren en túnkers. Mar bygelyks in legere nôtpriis, dy't foar feehâlders geunstich wie, koe foar lânbouwers de deastek betsjutte.[2] It waard almar dreger om mei sokke tsjinstelde belangen om te gean, temear om't de âlde pylders de efterban net mear byinoar holden mei't de Untpyldering tsjin dy tiid yn folle gong wie.[2] In fierder probleem wie de oanhâldende skaalfergrutting, dy't derfoar soarge dat der hieltyd gruttere bedriuwen kamen, mar minder boeren, wat betsjutte dat ek de binnenkommende kontribúsje by de bûnen hieltyd minder waard.[2]

De oplossing foar de problematyk fan 'e trije nasjonale boerebûnen wie om te fúzjearjen, sadat se folle effisjinter wurkje en dêrmei op kosten besparje koene. It KNLC wie fan âlds foarstanner fan sa'n fúzje, it KNKTB wifele en it CBTB, dat tige oan syn protestantske sinjatuer hechte, wie tsjin.[2][3] Iroanysk genôch wie it krekt it CBTB, dat as lytste fan 'e trije bûnen just it slimst de gefolgen fan it ôfnimmende ledetal fielde.[2] Bykommende faktor wie de takomst fan it foar it CBTB sa wichtige Lânbouskip. It KNLC wie fan miening dat dat by in fúzje fan 'e trije boerebûnen wol opheft wurde koe, it KNBTB twifele en it CBTB wie dêr poer op tsjin.[2] Krityk op it funksjonearjen fan it Lânbouskip bestie binnen it KNKTB benammen by it Noardbrabânsk Kristlik Boerebûn (NCB). Dat fûn it ûnrjochtfeardich dat it NCB, mei 27.000 leden, mar ien stim yn it Lânbouskip hie, wylst it CBTB, mei 21.000 leden, fiif stimmen hie. De nasjonale organisaasje fan it KNBTB gie yn dy riddenearring mei en easke yn ruil foar stipe foar it behâld fan it Lânbouskip konsesjes fan it CBTB. Sadwaande waard yn 1991 ôfpraat dat der net mear mei gelykheid fan stimmen wurke wurde soe, mar dat it KNKTB tenei sân sitten hawwe soe, it KNLC seis en it CBTB fiif.[2]

Om dyselde tiid hinne setten de trije boerebûnen útein mei in nauwere gearwurking, hoewol't it CBTB en it KNKTB noch altyd in fúzje tsjinkearden.[2][3] Fan gefolgen ferskynde fan 1988 ôf it mienskiplike tydskrift Oogst en waard der in mienskiplik foarljochtingsburo oprjochte. Yn 1992 betrokken de trije boerebûnen in mienskiplik haadkertier oan it Rooseveltplantsoen yn De Haach.[2] Uteinlik waard de oanset ta in fúzje jûn troch de sitewaasje yn 'e regio's. Dêr hiene de regionale lânbou-organisaasjes te krijen mei deselde problemen dy't ek lanlik spilen. Mar mei't de Untpyldering fan ûnderen ôf begûn, wiene dêr folle minder beswieren tsjin fúzjes. Yn 't earstoan waard faak fúzjearre tusken twa of mear organisaasjes út ferskillende regio's, wêrby't de ferpyldering yntakt bleau, mar de regionale opdieling net. Meitiid fûnen der lykwols ek fúzjes plak tusken ferskillende organisaasje yn ien regio, wêrby't de regionale opdieling bestean bleau, mar de ferpyldering net.[2]

Mei't it CBTB-bestjoer swiere druk op syn regionale organisaasjes útoefene om dêr net oan mei te dwaan, wiene it earst benammen regionale ôfdielings fan it KNKTB en it KNLC dy't mei-inoar ferraanden.[2] Mar op 5 maart 1994 besleaten de Oeriselske lânboubûnen fan liberale, roomske èn protestantske sinjatuer om te fúzjearren ta de Oeriselske Lân- en Túnbou-organisaasje (OLTO).[2][3] Dy desersje fan in eigen regionale ôfdieling late binnen de top fan it CBTB ta koartseftich oerlis oer de fraach oft in selsstannige koerts foar de takomst noch helber wie. Op 5 april foel it beslút dat der mei de oare lanlike boerebûnen oer fierdere gearwurking praat wurde moast.[2][3] Om't it wurd 'fúzje' gefoelich lei, sprieken it CBTB en it KNBTB dêrby fan "federaasjefoarming"; it KNLC hie wol it gewoan oer in fúzje.[2][3] Op 'e koertswiziging fan it CBTB folgen tsien moannen fan muoisume ûnderhannelings, dy't úteinlik yn maart 1995 laten ta de oprjochting fan LTO Nederlân, dêr't CBTB, KNKTB en KNLC yn opgiene.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 512..
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 2,15 2,16 2,17 2,18 2,19 2,20 2,21 2,22 2,23 Broersma, Daniël, Het Groene Front Voorbij: De Agrarische Belangenbehartiging door LTO Nederland (1995-2005), Grins/Wageningen, 2010 (Agronomisch Historisch Instituut/University of Groningen Press), ISBN 978-9 03 67 46 441, haadstik 2 Fusie of Federatie: Het Ontstaan van LTO Nederland.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 3,7 3,8 Reijns, Gerard, Na jarenlang verzet neemt protestants-christelijke CBTB voortouw bij fusie met andere boerenbonden, yn: de Volkskrant, 5 april 1994.
  4. 4,0 4,1 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2173-2174..
  5. 5,0 5,1 Onze Geschiedenis, op 'e webside fan 'e Dairy Campus.
  6. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1622.