Springe nei ynhâld

Kânselier

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bûnskânselier)

In kânselier (fan it Latynske cancellarius) is in hjoeddeistige of histoaryske politike funksje yn 'e regearings fan ferskate lannen. Oarspronklik stie sa'n persoan oan it haad fan in kânselarij, de ynstânsje dy't ferantwurdlik wie foar it opstellen, besegeljen en útfeardigjen fan 'e oarkundes en oare dokuminten fan in foarst of bestjoersynstelling. Yn it ferlingde dêrfan wie de kânselier op dat mêd ek faak in wichtich riedshear fan 'e foarst. Meitiid woeks er yn beskate lannen út ta it haad fan it regear. De bekendste foarmen fan 'e kânselier binne de rykskânselier, de regearingslieder yn it histoaryske Keizerryk Dútslân, en de bûnskânselier, de hjoeddeistige titel fan 'e regearingslieder yn Dútslân en Eastenryk.

Histoaryske ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste kânseliers wiene funksjonarissen yn 'e hofhâlding fan 'e Romeinske keizers. De term 'kânselier', in lienwurd op basis fan it Latynske cancellarius, komt fan cancellaria, it wurd foar "kânselarij"; dat wie sels wer ôflaat fan cancelli, de traaljes of it stek wêrmei't in kânselarij as ôfskate romte oantsjut waard.

Yn 'e Frankyske Tiid waarden oarkundes en oare offisjele dokuminten ûnder de Merovingen opsteld troch leken, de saneadme notarii cancellarii, mei oan it haad de referendum. Dy waarden lykwols ûnder de Karolingen ferfongen troch geastliken, om't dy de nije amtlike taal, it Latyn, behearsken. Hja waarden útkard út 'e leden fan 'e hofkapel, en fan gefolgen kaam it haad fan 'e hofkapel, de hofkapelaan, ek oan it haad fan 'e skriuwers te stean. Dyselde krige ûnder de Karolingen de titel fan aartskânselier, en waard ek ferantwurdlik foar it bewarjen fan it keninklik segel. De earste aartskânselier fan wa't de namme oerlevere is, wie Badilon, dy't yn 757 ûnder Pepyn de Koarte tsjinne.

Nei de spjalting fan it Frankyske Ryk troch it Ferdrach fan Ferdun, yn 843, hold de funksje fan aartskânselier yn West-Frânsje op te bestean. Nei de dea fan 'e lêste Karolingyske aartskânselier, aartsbiskop Adalbero fan Reims, waard de funksje ferfongen troch dy fan kânselier fan Frankryk. Yn East-Frânsje, dat him meitiid ûntjoech ta it Hillige Roomske Ryk, bleau it aartskânselierskip wol beholden. Keizer Otto de Grutte skode dy funksje earst ta oan syn broer Bruno, de aartsbiskop fan Keulen, en letter oan syn soan Willem, de aartsbiskop fan Mainz. Sûnt dy tiid bleau it aartskânselierskip ferbûn mei de aartsbiskoplike sit fan Mainz.

Meitiid ûntjoech de kânselier him fan in soarte fan haadsiktaris ta de wichtichste riejouwer fan 'e foarst en úteinlik ta in soarte fan regearingslieder. Om it oarspronklike wurk fan 'e kânselier te dwaan, wêrûnder it bewarjen fan it grutsegel, waard dan faak in aparte grutsegelbewarder beneamd. As de foarst yn in personele uny ferskate riken of gebieten regearre, lykas Karel V, dy't sawol keizer fan it Dútslân wie as kening fan Spanje, waard der gauris in grutkânselier oansteld as lieder fan in sintrale kânselarij, dêr't dan de ôfsûnderlike kânseliers yn 'e ferskillende lannen of gebieten ûnder ressortearren.

Sitewaasje yn ferskate lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Denemark ûntstie de funksje fan kânselier (kansler) yn 'e tolfde iuw en wie it oant 1660 de titel fan 'e minister fan Binnenlânske Saken. Faak hie dy sa'n soad macht dat er yn 'e praktyk de wiere lieder fan it regear wie. Nei 1660 waard de titel opwurdearre ta 'grutkânselier'. Yn 1730 waard wetlik de oantsjutting 'minister fan Binnenlânske Saken' ynfierd, hoewol't noch oant 1848 ynformeel fan grutkânselier sprutsen waard.

Yn Dútslân bleau it amt fan aartskânselier (Erzkanzler) beholden oant it útinoarfallen fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806, hoewol't it sûnt de Midsiuwen in poer seremoniële funksje wurden wie, dy't allinne noch mar by kroaningsrituëlen fan stâl helle waard. Eins wiene der trije aartskânseliers, ien foar it Keninkryk Dútslân (d.w.s. de Dútsktalige gebieten fan it Hillige Roomske Ryk), dy't yn it besit wie fan 'e aartsbiskoppen-karfoarsten fan Mainz; ien foar it Keninkryk Itaalje (d.w.s. de Italjaansktalige gebieten fan it Hillige Roomske Ryk), dy't yn it besit wie fan 'e aartsbiskoppen-karfoarsten fan Keulen; en ien foar it Keninkryk Boergonje (d.w.s. de Frânsktalige gebieten fan it Hillige Roomske Ryk), dy't yn it besit wie fan 'e aartsbiskoppen-karfoarsten fan Trier.

Under it Keizerryk Dútslân wie fan 1871 oant 1918 de troch de keizer oanstelde rykskânselier (Reichskanzler) it haad fan it regear en dêrmei feitliks de minister-presidint. Under de Weimarrepublyk waard de regearingslieder fan 1918 oant 1933 koartwei de kânselier (Kanzler) neamd, dy't beneamd waard troch de rykspresidint. Dy tastân bleau formeel itselde ûnder de earste jierren fan nazy-Dútslân, oant Adolf Hitler yn 1934 de formele titel Führer und Reichskanzler ("lieder en rykskânselier") oannaam. Nei de Dútske nederlaach yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1945 wie der ferskate jierren gjin Dútsk regear, mar doe't yn 1949 de Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân) oprjochte waard, krige de regearingslieder de titel bûnskânselier (Bundeskanzler), om oan te jaan dat it in hegere funksje wie as dy fan 'e premiers dy't oan it haad fan 'e regearings fan 'e dielsteaten stiene. Yn 'e DDR (East-Dútslân) bestie de funksje fan kânselier net; dêr stie in premier oan it haad fan it nasjonale regear. Oant 2021 wie de bûnskânselier fan Dútslân Angela Merkel, dy't yn it Dútsk trouwens Bundeskanzlerin (de froulike foarm fan it wurd) neamd wurdt. Sûnt 2021 is Olaf Scholz bûnskânselier.

Nei it útinoarfallen fan it Hillige Roomske Ryk, yn 1806, stelde it Keizerryk Eastenryk en letter de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy in kânselier oan as regearingslieder. Nei it útinoarfallen fan 'e Dûbeldmonargy yn 1918, oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, bleau dy titel yn gebrûk foar de regearingslieder fan it nije Eastenryk. Nei de Twadde Wrâldoarloch feroare Eastenryk krektlyk as Dútslân de titel fan 'e regearingslieder yn bûnskânselier, om't ek de Eastenrykske dielsteaten regearre wurde troch premiers. Oant 2021 wie de bûnskânselier fan Eastenryk Sebastian Kurz. Sûnt 2021 is Karl Nehammer bûnskânselier.

Yn Estlân is in kânselier (kantsler) gelyk oan in direkteur-generaal fan in ministearje yn 'e measte oare lannen: hy stiet oan it haad fan 'e amtnerij fan in ministearje en is direkt ferantwurding skuldich oan 'e minister.

Feriene Keninkryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Feriene Keninkryk is de kânselier (Lord Chancellor of Lord High Chancellor) ien fan 'e grutofsieren fan steat. It is in amt dat tebekgiet oant it Keninkryk Ingelân (opheft yn 1707) en dat âlder is as de ynstelling fan it Ingelske parlemint. Foarôfgeande oan 'e grûnwetlike herfoarming fan 2005 wie de kânselier sawol de minister fan Justysje as de de facto foarsitter fan it Hegerhûs en it haad fan 'e Ingelske (mar net fan 'e Skotske) rjochterlike macht. Tsjintwurdich is er 'inkeld' noch de minister fan Justysje. Sûnt 2005 is de Lord Speaker de foarsitter fan it Hegerhûs, wylst de (nije) kânselier fan it Heechgerjochtshôf de rjochterlike taken fan 'e kânselier oernommen hat. Der bestiet yn it Feriene Keninkryk ek de funksje fan Chancellor of the Exchequer, in titel dy't folslein los stiet fan 'e histoaryske funksje fan kânselier en dêr't de minister fan Finânsjes mei oantsjut wurdt.

De kânselier fan Frankryk (chancelier de France) wie in grutofsier fan de Kroan fan Frankryk, dy't ferantwurdlik wie foar it bestjoer fan 'e rjochterlike macht. Yn 'e njoggentjinde iuw wie de kânselier, ûnder de keningen Loadewyk XVIII, Karel X en Loadewyk Filips ek foarsitter fan it Frânske Hegerhûs. Nei it omsmiten fan 'e Julymonargy by de Frânske Revolúsje fan 1848 waard it amt fan kânselier yn Frankryk ôfskaft.

De kânselarij fan 'e Hillige Stoel (ek bekend as de Pauslike, Apostoalyske of Roomske Kânselarij) stie perfoarst al sûnt de alfde iuw ûnder lieding fan 'e kânselier fan 'e Hillige Roomske Tsjerke. Dat wie altyd in kardinaal-preester mei as titeltsjerke de San Lorenzo in Damaso. By it ferstjerren fan 'e paus ferfoel it amt fan 'e kânselier en waarden syn taken waarnommen troch de kamerlengo (de pauslike keamerhear) oant in nije paus in nije kânselier oanstelle koe. Fan 1187 ôf beneamden de pausen gjin kânselier mear om't dy te machtich wurden wie, mar inkeld noch in fise-kânselier. It amt fan kânselier bleau fakant oant de herfoarming fan 'e Romeinske Kuery yn 1908 troch paus Pius X. Doe waard de kânselier it haad fan 'e Kânselarij fan de Apostoalyske Brieven, dy't ûnderdiel útmakket fan it Steatssekretariaat fan de Hillige Stoel en falt ûnder it gesach fan 'e kardinaal-steatssiktaris. Yn 1973 waard it amt fan kânselier ôfskaft troch paus Paulus VI, dy't doe de taken fan 'e kânselier oerhevele nei it Steatssekretariaat.

Latynsk-Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Latynsk-Amearika is 'kânselier' (Spaansk: canciller; Portegeesk: chanceler) folslein ynboargere as synonym foar minister fan Bûtenlânske Saken.

Yn it Keizerryk Ruslân wie de kânselier (канцлер, kantsler, sekuerdere transliteraasje: kancler) de heechste rang fan steatstsjinst yn 'e saneamde rangetabel fan 1722. It wie in earetitel foar boargerlike oerheidstsjinners dy't harrensels bûtengewoan ûnderskaat hiene. Yn totaal waard de titel alve kear ferjûn, it measte oan ministers fan Bûtenlânske Saken, ûnder wa Aleksander Gortsjakov en Aleksej Bestûzjev-Rjûmin. De lêste fyftich jier fan it Keizerryk Ruslân waard nimmen mear ta kânselier beneamd, hoewol't de rang formeel bestean bleau oant de Russyske Revolúsje fan 1917.

Kânselier, of ek wol grutkânselier, is ek de gebrûklike oersetting fan 'e Sineeske titel chengxiang of zaixiang. Yn it Keizerryk Sina wie dat it haad fan it regear, en ornaris de op ien nei machtichste man fan it lân nei de keizer sels.

Yn Switserlân is de bûnskânselier (Dútsk: Bundeskanzler; Frânsk: chancelier fédéral; Italjaansk: cancelliere della confederazione) net it haad fan it regear, lykas yn Dútslân en Eastenryk, mar de stêfsjef fan 'e federale oerheid. Hy of sy wurdt keazen troch it Bûnsparlemint en stiet oan it haad fan 'e stêf dy't de presidint en de sân ministers fan it bûnsregear ûnderstipet yn harren wurk. De measte ôfsûnderlike Switserske kantons hawwe elts ek in kânselier, dy't op deselde wize de stêf liedt dy't it kantonregear ûnderstipet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.