Barbara Bush
Barbara Bush | ||
politikus | ||
echte namme | Barbara Pierce Bush | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 8 juny 1925 | |
berteplak | New York (New York) | |
stjerdatum | 17 april 2018 (92 jier) | |
stjerplak | Houston (Teksas) | |
etnisiteit | Ingelsk Tsjechysk | |
partij | Republikeinske Partij | |
First Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1989 – 1993 | |
foargonger | Nancy Reagan | |
opfolger | Hillary Clinton | |
Second Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1981 – 1989 | |
foargonger | Joan Mondale | |
opfolger | Marilyn Quayle |
Barbara Bush, berne as Barbara Pierce (New York, 8 juny 1925 - Houston, 17 april 2018), wie de frou fan 'e Amerikaanske âld-presidint George H.W. Bush en de mem fan âld-presidint George W. Bush. Hja wie second lady fan 'e Feriene Steaten (fise-presidintsfrou) fan 1981 oant 1989, en first lady fan 'e Feriene Steaten (presidintsfrou) fan 1989 oant 1993. Under it fise-presidintskip en presidintskip fan har man sette hja har fral yn foar de striid tsjin analfabetisme, en rjochte dêrta de Barbara Bush Foundation for Family Literacy op. Ek nei't har man presidint-ôf wurden wie, gie hja troch mei har krewearjen op dat mêd.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf en jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Barbara Pierce waard yn 1925 berne yn 'e Newyorkske wyk Queens, en groeide op yn in tige begoedige fermidden yn 'e Newyorkske foarstêd Rye, as de trêde fan fjouwer bern yn it gesin fan Marvin Pierce (1893-1969), de direkteur fan 'e Amerikaanske útjouwerij de McCall Corporation, en dy syn frou Pauline Robinson (1896-1949). Hja is fan etnysk Ingelsk komôf (hoewol't de famylje Pierce ta de iere kolonisten fan Nij-Ingelân hearde en dus al relatyf lang yn Amearika ferkeart), en is hiel yn 'e fierte noch besibbe oan 'e njoggentjinde-iuwske Amerikaanske presidint Franklin Pierce.
Barbara Pierce gie fan 1931 oant 1937 nei de legere skoalle te Rye, en siet fan 1940 oant 1943 op 'e eksklusive famkeskostskoalle Ashley Hall, yn Charleston, yn 'e steat Súd-Karolina. Se wie in atletysk fanke dat fan swimmen, tennis en fytsen hold. Fan hûs út learde se fierders om in protte fan har nocht út it lêzen fan boeken te heljen.
Oplieding en trouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1941, doe't se sechstjin jier wie, mette Pierce op in bal ûnder de krystfakânsje George Herbert Walker Bush, mei wa't se har oardel jier letter ferloofde, krekt foar't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch as marinepiloat nei it front yn 'e Stille Oseaan ta stjoerd waard (dêr't er syn fleantugen nei har ferneamde: de Barbara, de Barbara II en de Barbara III). Underwilens learde Pierce fierder oan it Smith College, yn Northampton, yn Massachusetts, dêr't se ein 1944 har oplieding ôfbriek. Doe't Bush begjin 1945 werom kaam mei ferlof, trouden se frijwol fuortendaliks, op 6 jannewaris, yn 'e Episkopaalske tsjerke fan Rye.
Se krigen seis bern: George Walker Bush (1946), de lettere 43ste presidint fan 'e Feriene Steaten; Pauline Robinson Bush (1949-1953), dy't "Robin" neamd waard, en mei fjouwer jier ferstoar oan leukemy; John Ellis Bush (1953), better bekend as "Jeb", de lettere gûverneur fan Floarida; Neil Mallon Bush (1955); Marvin Pierce Bush (1956) en Dorothy Bush (1959), letter bekend ûnder har rop- en trounamme as Doro Bush Koch. Yn 2013 hiene Barbara Bush en har man fierders 21 pake- en beppesizzers en 7 oerpake- en -beppesizzers.
De earste acht moannen fan har trouwen folge Barbara Bush har man op in nomadyske swalkerstocht by marinebases yn 'e eastlike Feriene Steaten lâns; hy waard nammentlik geregeldwei oerpleatst, en se wennen yn plakken yn 'e steaten Michigan, Marylân en Firginia. Nei't er yn septimber 1945 ôfswaaid wie, studearre Bush ekonomy oan 'e Universiteit fan Yale, yn New Haven, wêrnei't er syn gesin meinaam nei Odessa, yn Teksas, dêr't er wurk fûn yn 'e oaljeyndustry. Se ferhuzen noch ferskate kearen, nei foarstêden fan Los Angeles, yn Kalifornje, en wer werom nei Teksas, dêr't se yn Midland bedarren, foar't se har úteinlik oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren yn Houston nei wenjen setten. Tsjin dy tiid hie Bush syn fortún makke as oaljeman, en begûn er politike ambysjes te fertoanen.
It politike libben yn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bush stipe har man doe't er yn 1964 as lid fan 'e Republikeinske Partij de polityk yn gie, en ferfear mei him nei Washington, D.C., doe't er fan 1967 oant 1971 lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen wie, fan 1971 oant 1973 de Amerikaanske ambassadeur by de Feriene Naasjes yn New York, en fan 1973 oant 1974 foarsitter fan it Republikeinsk Nasjonaal Komitee (in funksje dy't ferlykber is mei in Nederlânske partijfoarsitter). Fan 1974 oant 1975 libben se yn Peking, doe't Bush as heechste Amerikaansk fertsjintwurdiger (hoewol't er offisjeel gjin ambassadeur wie) útstjoerd waard nei de Folksrepublyk Sina. Neitiid kearden se werom nei Washington, dêr't Bush fan 1976 oant 1977 direkteur fan 'e feilichheidstsjinst CIA wie.
Fise-presidintsfrou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de presidintsferkiezings fan 1980 stelde Bush him ferkiesber, mar hy waard yn 'e Republikeinske foarferkiezings al ferslein troch Ronald Reagan, dy't him lykwols dêrnei frege om syn running mate te wurden. Reagan wûn de ferkiezings fan 'e sittende Demokratyske presidint Jimmy Carter, en sa waard Bush yn 1981 fise-presidint, in posysje dy't er twa terminen behold. Dat betsjutte dat Bush fan 1981 oant 1989 second lady fan 'e Feriene Steaten wie. Yn dy hoedanichheid rûn se wat út 'e pas mei it oerkonservative regear fan Reagan, doe't se sei dat se foar it rjocht op abortus wie, en ek foar it Equal Rights Amendment (ERA), in amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet dat de gelikensens fan manlju en froulju dêryn fêstlizze kinnen hie (mar nea oannommen waard).
Bush hie belangstelling krigen foar de swierrichheden dy't ferbân holden mei analfabetisme doe't bliken die dat har soan Neil lêsblyn wie. Sadwaande wie se al foar't se second lady waard, behelle rekke yn organisaasjes dy't analfabetisme yn 'e Feriene Steaten bestrieden. As fise-presidintsfrou bestege se in protte tiid en enerzjy oan it har fierder ferdjipjen yn 'e matearje, en yn 1984 skreau se in berneboek oer har eigen húshâlding fan it eachpunt fan har hûn, C. Fred, út, mei as titel C. Fred's Story. De opbringst dêrfan kaam te'n goede oan alfabetisearringswurk.
Bush wie fierders tige op har gemak by it hâlden fan taspraken, en kaam bekend te stean om har humor en selsspot. Soms wie se wat téfolle op har gemak, mei't se der wolris nuvere dingen útblafte. Sa ûntstie der frijwat rebûlje doe't se ûnder de presidintsferkiezings fan 1984 oan 'e parse meidielde dat se op 'e tillefyzje net sizze koe wat se oer de Demokratyske fise-presidintskandidate Geraldine Ferraro tocht, mar "it rymt op 'rich'." (Se makke letter har ûntskuldigings oan Ferraro.)
First lady
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1989 wûn George H.W. Bush de Amerikaanske presidintsferkiezings, sadat Barbara Bush fan 1989 oant 1993 first lady fan 'e Feriene Steaten wie. Yn dy hoedanichheid sette se har striid tsjin analfabetisme fuort, ûnder mear troch de Barbara Bush Foundation for Family Literacy (likernôch: "Barbara Bush Stifting foar Lêzen en Skriuwen fan it Hiele Gesin") op te rjochtsjen. Dat is in stifting dy't kursussen fersoarget wêrby't âldelju en bern tagelyk en mei-inoar lêzen en skriuwen leare, sadat de generaasjesyklus fan analfabetisme trochbrutsen wurdt. Teffens skreau Bush in nij berneboek oer har hûn Millie en dy syn jongen. Oangeande saken as abortus en homoseksualiteit wie se it noch altyd net iens mei it grutste part fan 'e Republikeinske Partij; hja sei ferskate kearen dat soks priveesaken binne, dêr't politike partijen neat mei nedich hawwe.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Bush begjin 1993 it presidintskip oerdroech oan Bill Clinton, setten Barbara Bush en de man harren wer nei wenjen yn it Teksaanske Houston. Hja sette har alfabetisearringswurk fuort, en wie oant har ferstjerren earefoarsitter fan 'e Barbara Bush Foundation for Family Literacy, dy't yn lettere jierren laat waard troch har soan Jeb en har dochter Doro. Barbara Bush kaam noch ferskate kearen mei taktleaze útspraken yn it nijs, lykas doe't hja oer de lju dy't troch de natoerramp mei orkaan Katrina út New Orleans wei nei Houston evakuëarre wiene, sei dat se allegear wol yn Houston bliuwe woene, "en sa'n soad fan dy minsken yn 'e stadions wiene, witst wol, dochs al kânsearm, dus dit," (mei in gnyske) "is eins in meifallerke foar harren." Dat skeat fansels in protte lju yn it ferkearde kielsgat. En yn in fraachpetear mei Larry King op CNN sei se yn novimber 2010, doe't har nei de Alaskaanske âld-gûverneur Sarah Palin frege waard: "Ik haw ris in kear njonken har sitten, fûn dat se kreas wie, en ik leau dat se tige gelokkich is yn Alaska, en ik hoopje dat se dêr bliuwe sil." Dy útspraak makke har alderminst populêr by Palin har efterban, de konservative fleugel fan 'e Republikeinske Partij.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bush litte oan 'e longsykte COPD en de sykte fan Graves, dy't de skyldklier oantaast. Ek hie se hertklachten. Mids april 2018 liet de famylje Bush in parseberjocht útgean wêryn't bekendmakke waard dat Barbara Bush der mei it each op har oanboazjende minnichte foar keazen hie om gjin fierdere medyske behannelings mear te ûndergean. Ynstee wie hja werombrocht nei hûs, dêr't hja har lêste dagen yn it selskip fan har man en bern trochbrocht. Bush ferstoar op 17 april 2018 yn har hûs yn Houston, yn 'e âlderdom fan 92 jier. Har útfeartplechtichheid waard op 21 april holden yn 'e Episkopaalske Sint-Martenstsjerke fan Houston.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.
|
- Oarehelte fan in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
- Oarehelte fan de fise-presidint fan de Feriene Steaten
- Oarehelte fan de presidint fan de Feriene Steaten
- Alfabetisearringsaktivist
- Amerikaansk berneboekeskriuwer
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Tsjechysk komôf
- Persoan berne yn 1925
- Persoan stoarn yn 2018