COPD

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
It ferskil tusken sûn longweefsel (boppe) en siik, emfysemateusk longweefsel

COPD is in ôfkoarting fan de Ingelske term "chronic obstructive pulmonary disease", dat betsjut groanysk obstruktive longsykte (dat der is in oanhâldende obstruksje yn de longen). COPD is in sammelnamme foar de longoandwanings groanyske brongitis en longemfyseem. Yn it ferline foelen dy krupsjes yn Nederlân, mei dêrby astma, ûnder de sammelnamme CARA, mar dy term wurdt net offisjeel mear brûkt.

De meast wichtige oarsaak foar it ûntstean fan COPD is it smoken fan tabak. COPD is anno 2022 net te genêzen.

Epidemiology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De prevalinsje fan COPD yn Nederlân is 20 op de 1000 (dat komt del op 320.000 COPD-pasjinten). De ynsidinsje fan COPD is 2 op de 1000 it jier yn Nederlân. [1] Jierliks stjerre der sa'n 6.000 minsken oan COPD. Dat is sa’n 4% fan de totale stjergefallen yn Nederlân. Dêrom heart COPD ta sykten mei de heechste stjerte.[2].

Symptomen en oarsaken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By groanyske brongitis binne de oarsaken ûntstekkingsprosessen yn de grutte en lytse luchtwegen. De brongusklieren binne fergrutte troch yrritaasje en meitsje te folle slym oan. De ûntstekkings soargje foar groeden yn de wand en skea fan it glêde spierweefsel fan de brongiën. De slymfluezen swolle op sadat op in gedieltlike obstruksje fan de luchtwegen ûntstiet.

In emfyseem ûntstiet roch skansearring fan de longblaaskes sels. De longblaaskes sitte yn boskjes oan de úteinen fan de lytste luchtwegen (bronchioli) en hawwe in frijwat stive struktuer sadat sy iepenstean bliuwe. De brongiolen en de blaaskes wurde lykwol hieltyd slopper troch skansearring fan de gronyske ûntstekking en sille dan earder yn elkoar sakje by de útaseming. De longblaaskes (alveoli) wurde hieltyd mear oprutsen en reitsje foar altiten skansearre. It oerflak fan de blaaskeswand, dêr't de útwikseling fan soerstof en koalsoer fan de lucht mei it bloed plak hawwe moat, kin lang om let mei mear as helte ôfnimme.

De fierwei wichtichste risikofaktor foar it krijen fan COPD is it smoken fan tabak. Yn sa'n 80% fan de gefallen wurdt COPD feroarsake troch smoken. Hoe't dat proses krekt ferrint is net folslein bekend. Uteinlik krijt 10-20% fan de smokers COPD. Wa't COPD krije sil is net te foarsizzen. Famyljêre faktoaren spylje in rol en hoefolste mear en langer at immen smookt, hoe grutter de kâns op COPD. De measte COPD-patiënten binne âlder as 40 jier.

Neist smoken binne der noch oare oarsaken fan COPD. By sa'n 15% fan de minsken mei COPD spilet bleatstelling oan lytse stofpartsjes by it wurk in rol (ûnder oaren meismoken, fynstof en stof dêr't mynwurkers oan bleatstean). Yn 2% fan de gefallen is in by de berte meikrigen enzymgebrek de oarsaak fan COPD. Der wurdt rûsd dat yn Nederlân tusken de 5.000 en 10.000 minsken dy erflike foarm fan longemfyseem (alfa-1-antitrypsine-defisjinsje) hawwe.[3]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Smeele IJM, Van Weel C, Van Schayck CP, Van der Molen T, Thoonen B, Schermer T, et al. NHG-Standerd COPD. Huisarts Wet 2007;50(8);362-79.
  2. Boezen H.M, Postma D.S, Smit H.A . COPD samengevat Volksgezondheid Toekomst Verkenning, Nationaal Kompas Volksgezondheid. RIVM Bilthoven, 2007. Rieplachte 24 jannewaris 2008
  3. (dú) Biedermann A, Köhnlein T Alpha-1-Antitrypsin-Mangel – eine versteckte Ursache der COPD: Überblick über Pathogenese, Diagnostik, Klinik und Therapie Deutsches Aerzteblatt, 2006, 103 (26)