New Haven (Konettikut)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan New Haven (Konnetikut))
New Haven
Emblemen
          
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Konettikut
Gemeente New Haven
Sifers
Ynwennertal 130.741 (2012)
Oerflak 52,1 km² (ynkl. wetter)
48,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.648,6 / km²
Stêdekloft 862.477 (2012)
Hichte 18 m
Oar
Stifting 1638
Tiidsône UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koördinaten 41°18′36″N 72°55′25″W
Offisjele webside
www.cityofnewhaven.com
Kaart
De lizzing fan New Haven yn New Haven County en yn 'e steat Konettikut.

New Haven is de op ien nei grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Konettikut (nei Bridgeport), en de op fiif nei grutste fan Nij-Ingelân. It leit oan 'e súdkust fan Konettikut, oan 'e Long Island Sound, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It wie teffens it haadplak fan New Haven County, oant de countys yn Konettikut yn 1960 opheft waarden as bestjoerslaach. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie New Haven doe goed 130.000 ynwenners, en as alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite meirekkene wurde, komt it as stêdekloft sels op in befolking fan goed 860.000 minsken út. New Haven is fierwei it bekendst wurden trochdat de Universiteit fan Yale, ien fan 'e beide grutste en meast prestizjeuze Amerikaanske universiteiten, der fêstige is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't de earste Jeropeeske kolonisten arrivearren, wie de krite dêr't no New Haven leit, it wengebiet fan 'e Kwinnipiak (Quinnipiac), in Yndiaanske stamme. Yn 1637 brocht in lyts groepke kristlik fûnemintalistyske puriteinen, dat op 'e siik wie nei in gaadlik plak om in nije koloanje te stiftsjen, de winter troch yn 'e natuerlike haven fan wat New Haven wurde soe. It jiers dêrop arrivearre in groep fan fiifhûndert puriteinen ûnder lieding fan dûmny John Davenport en keapman Theophilus Eaton, dy't de Massachusettsbaaikoloanje net strangernôch yn 'e lear fûnen. Hja kochten grûn fan 'e Kwinnipiak en stiften yn 1638 in delsetting dy't earst Quinnipiac hiet, mar yn 1640 omneamd waard ta New Haven (wat "nij taflechtsoard" betsjut, mar ek de konnotaasje hat fan "nij havenplak").

Utsjoch oer de binnenstêd fan New Haven.

De New Haven-koloanje bestie lange tiid los fan 'e Konettikut-koloanje, dy't fierder nei it noarden ta stifte wie mei as sintrum Hartford. It wichtichste ferskil en skeel tusken de beide koloanjes wie dat Konettikut puriteinsk wie, mar wol oare tsjerken taliet, wylst New Haven in yntolerante teokrasy wie dêr't oarsleauwenden ferfolge waarden. Yn 1664 waarden de beide koloanjes troch it Ingelske regear yn it fiere Londen twongen om te fúzjearjen, neffens de pleatslike folkloare út wraak, om't New Haven beskûl bean hie oan trije fan 'e rjochters dy't yn 1649 kening Karel I ta de dea feroardiele hiene, mar yn wurklikheid om 'e Ingelske machtsbasis yn Amearika fuort te sterkjen foar de ekonomyske macht fan it Steatske Nij-Amsterdam oer. Fan gefolgen ferlieten de fûleindiger puriteinen New Haven om yn Nij-Jersey in nije koloanje te stiftsjen. Yn 1701 besocht it regear fan 'e Konettikut-koloanje de pleatslike wrok wei te nimmen troch New Haven ek de status fan haadstêd te jaan; sa hie Konettikut oant 1873 twa haadstêden: Hartford en New Haven.

Yn 1716 waard de saneamde Kolleezjeskoalle (Collegiate School) fan Old Saybrook ferhuze nei New Haven. Twa jier letter waard de namme dêrfan feroare ta it Kolleezje fan Yale, nei in rynske donaasje fan keapman Elihu Yale, in eardere gûverneur fan it Britsk-Yndyske Madras foar de Britske Eastyndyske Kompanjy.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch rûn op 23 april 1775 de twadde kompanjy fan 'e Governor's Foot Guard (it "Ynfanteryrezjimint fan 'e Gûverneur"), dat yn New Haven stasjonearre wie en foarme waard troch pleatslike boargers, oer nei de Amerikaanske opstannelingen. Se brieken it arsenaal (it Powder House) iepen, bewapenen har en setten ôf nei Cambridge, yn Massachusetts, om har by de troepen fan George Washington te jaan. De 23ste fan april wurdt yn New Haven sadwaande noch altiten fierd as Powder House Day. Yn july 1779 waard New Haven oanfallen en plondere troch Ingelske troepen en Amerikaanske loyalisten ûnder generaal William Tryon, mar oars as oare plakken waard New Haven net platbrând.

Yn 1784 krige New Haven offisjeel de status fan stêd. Yn 1793 fûn Eli Whitney yn New Haven de saneamde cotton gin út, in ûntkerlmasine foar katoen, dy't de katoenyndustry revolúsjonarisearre. Letter sette er yn New Haven ek in fjoerwapenfabryk op, dêr't Samuel Colt yn 1836 de automatyske revolver útfûn. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw spile New Haven in wichtige rol yn abolysjonistyske beweging yn 'e Feriene Steaten. It wie bgl. dêr dat it proses holden waard tsjin 'e slaven dy't op it Spaanske slaveskip La Amistad de bemanning om hals brocht hiene (in ferhaal dat yn 1997 popularisearre waard troch regisseur Steven Spielberg yn 'e film Amistad). Under de Amerikaanske Boargeroarloch waard de pleatslike ekonomy tige stimulearre troch de tanommen fraach nei yndustriële produkten, wêrûnder dy fan 'e New Haven Arms Company, dy't him yn 1866 ûntjoech ta de Winchester Repeating Arms Company. Winchester, ien fan meast ferneamde wapenmerken fan 'e wrâld, soe yn New Haven trochgean mei it fabrisearjen fan Winchestergewearen oant 2006.

Ien fan 'e gebouwen fan 'e Universiteit fan Yale.

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw fêstigen har in protte Italjaanske en Joadske ymmigranten yn New Haven en omkriten. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw kamen dêr in protte Afro-Amerikanen út it Amerikaanske Suden, en letter ek Portorikanen by. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch berikte New Haven syn heechste ynwennertal ea, fan rom 164.000 minsken. Nei 1950 begûn in eksodus út it stedssintrum wei nei de bûtenwiken en de foarstêden ta fan lju út 'e middenklasse. Letter boaze de delgong yn befolking noch oan troch de postyndustriële krisis, dy't de yndustryarbeiders derta oansette om earne oars wurk te sykjen. Sûnt de fyftiger jierren hat it stedsbestjoer ferskate grutte renovaasjeprojekten ûndernommen om wenjen yn 'e binnenstêd wer oantreklik te meitsjen, mei wikseljende resultaten.

It Peabody Natuerhistoarysk Museum.

New Haven hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan New Haven wie oarspronklik basearre op yndustry, mar nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't de swiere yndustry yn it hiele Amerikaanske noardeasten yn 'e nederklits rekke fanwegen de postyndustriële krisis, begûn dat stadichoan te feroarjen. Hjoed de dei is de pleatslike ekonomy foar 67,1% ûnderdiel fan 'e tsjinstesektor. De yndustry makket der noch mar 7,8% fan út, en is dêrby behalven troch de tsjinsten en foarbystribbe troch de hannel (21,7%).

New Haven stiet fral bekend om't de Universiteit fan Yale der fêstige is, dat mei Harvard ien fan 'e beide wichtichste en meast prestizjeuze universiteiten fan 'e Feriene Steaten is. Yale is ek de grutste wurkjouwer fan 'e stêd, folge troch it Yale-New Haven Hospital, it oan 'e universiteit liëarre akademysk sikehûs. Njonken Yale binne ek de Steatsuniversiteit fan Súdlik Konettikut (SCSU) en it private Albertus Magnus Kolleezje yn New Haven fêstige. De Universiteit fan New Haven stiet, betiizjend genôch, net yn New Haven, mar yn it oanswettende West Haven.

Fierders binne der yn New Haven ferskate museä, lykas de Beinecke Rare Book and Manuscript Library, dêr't seldsume boeken en manuskripten tentoansteld wurde; it Peabody Natuerhistoarysk Museum; en it Yale Sintrum foar Britske Keunst, dat de grutste kolleksje Britske keunst bûten it Feriene Keninkryk hat.

De ferneamde fjoertoer] Five Mile Point Lighthouse.
De New Haven Green (in soartemint park yn 'e foarm fan in greide).

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan New Haven 10,2% âlder as 65 jier en 25,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 24,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 35,4% swarten; 31,8% blanken; 27,4% Latino's; 4,6% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Hoewol't de stêd begûn as in protestantsk bolwurk, is New Haven hjoed de dei foar it meastepart roomsk, mei't de grutte etnyske Dominikaanske, Ierske, Italjaanske, Meksikaanske, Ekwadoraanske en Portorikaanske befolkingsgroepen frijwol allegear dat leauwe oanhingje. New Haven makket ûnderdiel út fan it roomske aartsbisdom Hartford. Oare grutte religieuze groepen yn 'e stêd binne joaden en swarte baptisten.

Berne yn New Haven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn New Haven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

New Haven liet yn it oergongsgebiet fan in fochtich lânklimaat nei in fochtich subtropysk klimaat, al fertoant it waar der mear skaaimerken fan in lânklimaat, mei fochtige, tige waarme simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 3,2 °C. New Haven kriget jiers trochinoar 1.196,6 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 76,2 sm snie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literature en References, op dizze side.