Springe nei ynhâld

Armeensk-Apostoalyske Tsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Armeenske Apostoalyske Tsjerke)
Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Lokaasje & bestjoer
lân Armeenje
Armeenjers yn 'e diaspora
haadsit Edzjmiatsin, Armeenje
rjochting oriïntaalske otterdoksy
titel primaat katolikon
namme primaat 1. Karekin II
2. Aram I
Gegevens
oprjochte 301
oprjochter Sint-Taddéus en Sint-Bartoloméus
Sifers
ledetal ± 9.000.000
Oars
tsjerketaal Ald-Armeensk
hiemside www.armenianchurch.org

De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke (Armeensk: Հայ Առաքելական Եկեղեցի, transl.: Haj Arakelakan Ekeghetsi), ek wol de Armeensk-Otterdokse Tsjerke neamd, is in selsstannige Armeenske tsjerke. De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke heart sûnt it Konsylje fan Kalsedon (451) by de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken.

Somtiden wurdt de tsjerke as de Gregoariaanske Tsjerke oantsjut, itjinge ôflaat is fan 'e patroanhillige fan it Armeenske folk, de hillige Gregoarius de Ferljochter. Dy namme hat lykwols net de foarkar fan 'e Tsjerke, om 't de apostels Bartoloméus en Taddéus as oprjochters fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke beskôge wurde.

De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke is sûnt de 5e iuw in autosefale tsjerke.

Foar de kerstening fan Armeenje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat it kristendom adoptearre waard, wiene de Armeenjers heidenen. Hja hiene harren eigen mytology en de dêrby hearrende tradysjes en kultuer.

Skiednis fan 'e Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gregoarius bringt Tiridates nei Kristus.

De term apostoalysk waard tafoege om 't neffens de oerlevering it kristendom yn Armeenje troch de apostels Taddéus en Bartoloméus preke waard. Yn 301 bekearde Grigor Lûsavoritsj (Gregoarius de Ferljochter) de Armeenske kening Trdat III en dy fierde tegearre mei Gregoarius yn Armeenje as it earste lân fan 'e wrâld it kristendom as steatsreligy yn.

Yn 451 wie Armeenje net oanwêzich op it konsylje fan Kalsedon om 't de Armeenjers alle silen bysette moasten om harren tsjin 'e Perzen te ferdigenjen. Doe't de Armeenjers harren ynearsten wer frijfochten hiene en hja fan 'e besluten fan it konsylje kennis namen, wiene hja it dêr net mei iens. Yn 505 keas de Armeenske Tsjerke formeel foar it miafysitisme en dêrmei briek de Armeenske Tsjerke mei Rome en Konstantinopel.

Nei alle gedachten wiene fral oersetflaters de oarsaak fan it konflikt. Mar ek de polityk kin in rol spile ha: de Armeenjers krigen by harren striid tsjin de Perzen gjin stipe fan 'e Byzantinen. De skieding mei Rome en Konstantinopel brocht Armeenje yn in isolearre posysje foar de rest fan it kristendom oer. Dat wie noch fier foar it Grutte Skisma fan 1054 mei de skieding fan it Easterske en it Westerske kristendom, dat ta de foarming fan 'e Eastersk-otterdokse tsjerken en de Roomsk-Katolike Tsjerke late. De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke heart by gjin fan beide.

Yn 'e 19e iuw brieken in groep protestanten mei de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke en dêrmei ûntstiene de Armeensk-Evangelyske Tsjerken. De Armeensk-Evangelyske Tsjerken ha de easterske liturgy loslitten en telle tsjintwurdich in pear hûnderttûzen leden.

Ferhâlding Steat en Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Armeensk krús.

De relaasje fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke mei de Steat wie yn 'e rin fan 'e skiednis wikseljend goed of min. Yn it jier 301 waard it kristendom in steatsreligy, mar de Armeenjers hiene yn harren skiednis faak te lijen ûnder islamityske ynfallers en hearskers en mei ferfolging te meitsjen. Oan it begjin fan 'e 20e iuw beheinden de Russyske keizerlike autoriteiten de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke en yn 'e kommunistyske tiid fan Sovjet-Armeenje krige de Tsjerke mei hún en ûnderdrukking te meitsjen. De yn 1991 opstelde Wet op 'e Frijheid fan Gewisse giet út fan in skieding fan Tsjerke en Steat, mar joech de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke wol de status fan nasjonale tjserke. Yn 2001 ûndertekene it regear in konkordaat mei de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, wêryn't de relaasje tusken de tsjerke en de steat en de rjochten fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke omskreaun wurde.[1]

Lykas oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken beropt de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke him wat de lear oanbelanget ek op 'e earste oekumenyske konsyljes fan 'e iene tsjerke, nammentlik it Earste Konsylje fan Niseä (325), it Earste Konsylje fan Konstantinopel (381) en it Konsylje fan Efeze (431). De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke brûkt sûnt 1924 de gregoariaanske kalinder.

De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke liket yn in soad saken oer it generaal op dy fan oare easterske tsjerken. Preesters kinne bygelyks trouwe en kommuny wurdt mei bôle en wyn jûn.

De liturgyske taal is Ald-armeensk, ek wol Grabar neamd.

Hjoeddeiske sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Armeensk-Apostoalyske Tsjerke hat likernôch 9 miljoen leden en twa katolikoi: Karekin II fan Edzjmiatsin, Armeenje en Aram I fan Antelias, Libanon. Dêrnjonken binne der twa patriarchen: ien yn Jeruzalim en ien yn Konstantinopel. Dy patriarchaten moatte net betiizge wurde mei it Gryksk-Otterdoks Patriarchaat fan Jeruzalim, it Latynsk Patriarchaat fan Jeruzalim en it Oekumenysk Patriarchaat van Konstantinopel.

Alle fjouwer ha se foar in belangryk diel tsjerklike autonomy, mar de katolikos fan Edzjmiatsin, dy't himsels 'katolikos fan alle Armeenjers' neamt, wurdt ek keazen troch Armeenjers út de diaspora en funksjonearret as in primus inter pares (earste ûnder syn gelikensen). It is oan Karekin I te tankjen dat de histoarysk groeide tsjinstelling tusken de twa katolikos-sitten bylein is.

Armeenske katedraal yn Moskou.

Bûten it oarspronklike wengebiet fan 'e Armeenjers besteane yn in grut tal lannen Armeensk-Apostoalyske mienskippen. Yn Noard-Amearika hat de tsjerke likernôch 600.000 leden. Fierder hat Europa en Súd-Amearika grutte mienskippen. In grutte en ynfloedrike mienskip wennet yn Libanon. Belangrike mienskippen binne ek yn Turkije en Iran te finen. Yn dy islamityske lannen foarmet de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke de grutste kristlike etnyske minderheid.

Kleurrike dielnimmers fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke oan in relikenprosesje yn Maastricht.

Yn Nederlân hat de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke likernôch 25.000 leden. Der binne Armeenske tsjerken yn Amsterdam, Almelo en Maastricht. Dêrnjonken binne der Armeenske parochy's yn Arnhim, Assen, Eindhoven, Doardt en De Bosk. De parochy's falle jurisdiksjoneel ûnder it Katolikaat fan Edzjmiadsin yn Armeenje.

Hillichferklearring slachtoffers Armeenske genoside

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 april 2015 ferklearre de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn Edzjmiatsin alle slachtoffers fan 'e Armeenske genoside hillich. Dat hat nei alle gedachten de grutste hillichferklearring yn 'e skiednis west. Yn 'e regel wurdt in oantal fan 1.5 miljoen slachtoffers it meast neamd, mar de rûzings lizze tusken 700.000 oant 1.800.000 slachtoffers. It wie de earste hillichferklearring fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn fjouwerhûndert jier.[2]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De side is foar in part in oersetting fan nl:Armeens-Apostolische Kerk, sjoch dêre foar referinsje en boarnen.