Konsylje fan Kalsedon
Appearance
It Konsylje fan Kalsedon waard hâlden yn 451 n.Kr. en wie in tige wichtige gearkomst fan biskoppen út de destiidske kristlike wrâld en dêr't in oantal bekende besluten (dogma's) fêststeld waarden.
Op dat konsylje waard û.o. de posysje fan de Patriarch fan Konstantinopel fersterke ten koste fan de Paus fan Rome en soenen de Monofisiten, dy't foaral yn Syrje in soad oanhingers hienen, feroardiele wurde. In oar wichtich beslút dat op it konsylje nommen waard wie it foarfêst besljochtsjen fan de kontroverse oer de lear fan de godlike trije-ienheid en dat fan de twa-natoerenlear fan Jezus Kristus.