Springe nei ynhâld

Armeenske katedraal (Moskou)

Ut Wikipedy
Katedraal fan 'e Transfiguraasje
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 47' N 37° 37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
bisdom bisdom Ruslân en Novo-Nachitsjevan
Arsjitektuer
arsjitekt Artak Ghulyan
boujier 1996-2011
Webside
armchurch.ru
Kaart
Armeenske katedraal (Moskou-Ringwei)
Armeenske katedraal

De Armeenske katedraal fan Moskou (Armeensk: Մոսկվայի հայկական վանքային համալիր; Russysk: Армянский храмовый комплекс в Москве) is de grutste katedraal fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke bûten Armeenje. De oan 'e Transfiguraasje wijde tsjerke (de eigentlike namme is de Katedraal fan de Hillige Transfiguraasje) waard foltôge yn 2013 en foarmet it religieuze sintrum fan 'e Armeenske mienskip yn Ruslân. De katedraal is de biskopstsjerke fan it Armeensk-apostoalyske bisdom Ruslân en Novo-Nachitsjevan.

De autoriteiten fan Moskou wiisden al yn 1996 in plak oan dêr't de nije Armeenske katedraal boud wurde moast. Neffens de planning soe de tsjerke der al yn 2001 stean moatten ha, mar de bou kaam net fan de grûn fanwegen fertsjustering fan jild, dat jûn wie om de bou mooglik te meitsjen. Dêrnei moast der op 'e nij jild ynsammele wurde om it projekt mooglik te meitsjen. Yn 2004 wie it safier dat de fûneminten fan 'e katedraal lein wurde koene en yn 2006 gyng it los mei de bou.

De wijing fan it kompleks waard yn 2013 útfierd troch Karekin II, de katolikos fan alle Armenen, en waard bywenne troch de Armeenske presidint Serzj Sarkisjan, de Russysk-Otterdokske patriarch Kirill fan Moskou en oare fertsjintwurdigers fan 'e Armeenske en Russyske oerheden en tsjerken. By dy gelegenheid joech de katolikos oan 'e katedraal in fragmint fan it krús dêr't Kristus oan krusige waard. De Russysk-Otterdokske patriarch sei by de gelegenheid dat de nije katedraal it herstel fan it histoaryske rjocht symbolisearre en dat de Armeenske mienskip mei oare kristlike mienskippen sterk litten hie ûnder de hurde tiden fan it kommunisme.

It kompleks is 1.32 ha. grut en njonken de katedraal waarden der ek in Kapel fan it Hillich Krús, in amtswenning foar de biskop, in museum, in bibleteek, romten om gear te kommen en ûnderwiis te jaan, in ûnfangstsintrum, in refter en in ûndergrûnske parkeargelegenheid boud.

De hichte fan 'e yn de tradisjonele styl fan Armeenske tsjerke boude katedraal is 58 meter (ynklusyf krús) en de mei 72 krusen fersierde koepel hat in trochsnit fan 21 meter. De gevels fan 'e katedraal binne dekorearre mei útsniene ôfbylden fan Kristus, hilligen, krusen en ynskripsjes oer û.o. it kerstenjen fan Armeenje en it libben fan Armeenske martlers. It gebou hat fjouwer tagongen, de haadyngong is te finen yn 'e klokketoer. De klokketoer hat in saneamd stalaktiteferwulft, in soarte fan ferwulft dat al iuwen net mear tapast is en foar it earst sûnt lange tiid yn dizze katedraal ynbrocht waard.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: