Judas Taddéus
Judas Taddéus (Gryksk: Ιούδας Θαδδαῖος, Ioudas Thaddaios) wie ien fan Jezus' tolve apostels en wurdt hjoeddedei as hillige fereare. Oer syn libben is net in soad bekend. Hy wie de soan fan in fierder net bekende Jakobus (Lukas 6:16) en brocht it evangeelje yn Foar-Azië en stoar dêr as martler.
Yn de Bibel hawwe meardere persoanen de namme Judas en Taddéus. Oft dêr hieltiten deselde persoan mei bedoeld wurdt is net fêst te stellen, itjinge fakentiden neffens eigen ynsjoch wurdt ynterpretearre. Sa is it mooglik dat de oerleverings oer Judas Taddéus yn werklikheid op ferskate persoanen werom geane. Allinnich Judas Iskariot is dúdlik in oar persoan.
Yn it begjin fan de 19e iuw naam de ferearing fan de hillige yn Itaalje en Spanje ta. De tanimmende ferearing fan de hillige fûn fan dêr út in wei nei Latynsk-Amearika en de Feriene Steaten. Fral yn Meksiko is Judas Taddéus tsjintwurdich in populêre hillige.
Judas Taddéus wurdt benammen yn drege en hopeleaze sitewaasjes oanroppen. De measte kristlike tsjerken betinke de hillige op 28 oktober.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De net unifoarme oerlevering fan Judas Taddéus hat ek gefolgen foar de wize werop't de hillige ôfbylde wurdt. Yn foarstellings fan de tolve apostels wurdt Judas Taddéus somtiden ferfongen troch Paulus. Ek dielt hy soms syn plak mei Simon. Benammen yn it suden fan Jeropa wurdt de apostel as in jonge man mei in lyts burd foarsteld. Yn Noard-Jeropa is Judas Taddéus faker in aldere man mei burd. Krekt lykas oare apostels wurdt de Judas Taddéus ek mei in boek of skriftrol ôfbylde. Ek hâldt de hillige somtiden in ôfbyld fan Jezus Kristus of in winkelheak yn syn hân. Karakteristike attributen binne in knots of in helleburd, minder faak in swurd, stiennen of in bile, dy't ferwize nei syn martlerskip.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Judas Taddéus mei in helleburd (El Greco)
-
Judas Taddéus mei in boek en gnodze
-
Judas Taddéus mei winkelheak (Anthony van Dyck)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Judas Taddéus fan Wikimedia Commons. |