Springe nei ynhâld

Gregoarius de Ferljochter

Ut Wikipedy
Gregoarius de Ferljochter
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Armeenjer
bertedatum 257
berteplak Keninkryk Armeenje
stjerdatum 331
stjerplak Daranali by Kemah yn it hjoeddeiske Turkije
hillichferklearring
hjeldei 9 juny

Gregoarius de Ferljochter (Armeensk: Գրիգոր Լուսաւորիչ, Grigor Lûsavoritsj; Gryksk: Γρηγόριος Φωστήρ, Gregorios Foster) (± 240–331) is in Armeenske hillige en de stifter en patroanhillige fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke. Gregoarius droech foar in belangryk diel by oan it kerstenjen fan Armeenje, it earste lân fan 'e wrâld dat it kristendom as steatsreligy adoptearre.

Gregoarius wie de soan fan 'e Partyske aristokraat Anak út it skaai fan 'e Arsakiden. Syn heit fermoarde kening Chosrov II fan Armeenje en de hiele famylje waard dêrnei foar straf útroege. Mar twa bern oerlibben: Gregoarius en syn broer. Harren kristlike fersoarchster naam de jonges mei nei Caesarea, it hjoeddeiske Turkske Kayseri yn Kappadoasje. Dêr waard Gregoarius troch Firmilianos, de biskop fan Caesarea, as kristen grutbrocht.

Mozayk fan Sint-Gregoarius yn 'e Pammakaristostsjerke fan Konstantinopel.

Neffens de 5e-iuwske kronykskriuwer Movses Chorenatsi boaske Gregoarius mei Mariam, in dochter fan in kristen mei de namme David. Hja krigen tegearre twa bern: Aristakes en Vrtanes, dy't letter ek patriarch fan Armeenje waarden. Nei de berte fan harren soannen gyngen Mariam en Gregoarius elts harren eigen paad. Gregoarius gie werom nei Armeenje en gie yn tsjinst by kening Tiridates III, de soan fan 'e fermoarde kening Chosrov II. De kening hie der ynearsten gjin aan fan dat Gregoarius de soan wie fan 'e moardner fan syn heit, mar doe't er dêr efter kaam liet er Gregoarius yn in djippe put smite. Neffens oare boarnen wie dat om't Gregoarius wegere om foar de goadinne Anahit te offerjen. Gregoarius bleau likernôch trettjin oant fyftjin jier yn dy put. Oer dy put waard letter it kleaster Chor Virap boud, dat yn it Armeensk "djippe put" betsjut.

Gregoarius as apostel fan Armeenje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Gregoarius op in miniatuer dy't de as in wylde baarch foarstelde kening Tiridates better makket (1569).

Gregoarius waard wer út de put helle troch de suster fan 'e kening, dy't him frege oft er de psychysk earnstich sike kening better meitsje koe. Neffens de tradysje wie de kening nammentlik straft foar syn wrede en lossinnige libben en hy gedroech him as wie er in wylde baarch. Troch Gregoarius kaam Tiridates doe wer by 't spul, hy liet him dope en ferklearre it kristendom ta steatreligy.

Nei syn frijlitting preke Gregoarius yn Armeenje en hy stifte in hillichdom foar de martlers Gajane en Hripsime yn Vagharsjapat. Letter waard dat it sintrum fan 'e Armeenske kristenheid. Gregoarius teach troch Armeenje en ferneatige oeral de heidenske timpels en wist mei help fan kening Tiridates it wapene ferset fan 'e preesters fan it âlde leauwe te brekken. Mei in gefolch fan Armeenske prinsen besocht Gregoarius Caesarea en dêr waard er troch Leontius fan Caesarea ta biskop fan Armeenje wijd.

De doop fan Armeenje
(Ivan Ajvazovski)

Dêrnei gie Gregoarius werom nei Armeenje en moete de kening dêr by Bagavan (west fan it hjoeddeiske Diyadin yn East-Turkije), dêr't er de kening, it leger en it folk yn 'e Eufraat doopte. Neffens in pear net-Armeenske ferzjes soe Gregoarius dêr mei Tiridates ek de keningen fan Kaukasysk Albaanje, Georgje en Abchaazje doopt ha. Gregoarius stifte skoallen en organisearre de tsjerke, beneamde biskoppen en soe mei kening Tiridates ek nei Rome west ha om dêr mei de krekt bekearde Konstantyn de Grutte te praten, mar neffens de wittenskipper Robert W. Thomson is dat lêste fiksje.

De bekearing fan Armeenje ta it kristendom wurdt tradisjoneel op it jier 301 datearre, mar moderne gelearden tinke dat it jier 314 oannimliker is.

Nei syn missy yn Armeenje om it folk te bekearen beneamde Gregoarius syn jongste soan Aristakes ta opfolger. Sels luts er him as hearremyt werom yn 'e grot fan Manē yn it distrikt Daranali yn Opper-Armeenje. Mei in pear lytse ûnderbrekkingen soe de opfolging fan it tsjerklik amt erflik oant yn 'e 5e iuw beklaaid wurde troch leden fan 'e Gregoriden, it skaai fan Gregoarius. Neffens Movses Chorenatsi kaam Gregoarius somtiden ús syn grot en reizge er dan troch it lân, oant Aristakes werom kaam fan it Earste Konsylje fan Niseä (325). Dêrnei hat nimmen Gregoarius ea wer yn libben sjoen. Hy ferstoar yn ôfsûndering yn 'e grot fan Manē en waard tichteby troch hoeders begroeven, dy't net wisten wa't er wie. Alle boarnen skriuwe dat de dea fan Gregoarius net lang nei it Konsylje fan Niseä wie. De Georgysk-Armerikaanske skiedkundige Cyril Leo Toumanoff (1913–1997)) neamde it jier 328 as de dea fan Gregoarius.

Nei de dea fan Gregoarius ferhûze syn lichem nei in doarp, dat hjoed-de-dei Doğanköy (Koerdysk: Tortan) yn 'e Turkske provinsje Erzincan hjit. Gregoarius de Ferljochter wurdt troch in soad tsjerken as hillige fereare.

Earmrelikwy yn it museum fan 'e Hillige Sit fan Silysje yn Antelias (Libanon).

Ferskillende tsjerken sizze earmreliken te hawwe fan Gregoarius. Yn 'e 8e iuw flechten religieuze oarders út it Byzantynske Ryk foar it ikonoklasme. Yn Napels waard doe troch in groep nonnen de San Gregorio Armeno boud oer de resten fan in oan 'e goadinne Ceres wijde Romeinske timpel. Hja hiene by harren flecht reliken fan Gregoarius meinommen, wêrûnder de plasse, de earmen, in boppeskonk, de stêf, in learen riem en de hânboeien dêr't Gregoarius mei fêst holden waard. It boppeskonk en de hânboeien binne troch paus Jehannes Paulus II oan Karekin II werom jûn en wurde hjoed-de-dei bewarre yn 'e Gregoariuskatedraal fan Jerevan.

De feestdei fan Gregoarius is yn 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke op 9 juny steld. Yn 'e Eastersk-otterdokse tsjerken en de Roomsk-Katolike Tsjerke is 30 septimber de feestdei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Gregory the Illuminator