Springe nei ynhâld

Chor Virap

Ut Wikipedy
Chor Virap
Խոր Վիրապ
Lokaasje
lân Armeenje
Provinsje Ararat
plak by Lûsarat; 8 kilometer súd fan Artasjat
koördinaten 39°52'N 44°34'E
Kaart
Chor Virap (Armeenje)
Chor Virap

Chor Virap (Armeensk: Խոր Վիրապ, betsjutting: djippe tsjerker) is in Armeensk kleaster op 'e flakte fan 'e Ararat yn Armeenje, tichteby de grins mei Turkije, likernôch 8 kilometer súd fan Artasjat yn 'e provinsje Ararat. It kleaster wie eartiids de residinsje fan 'e Armeenske katolikos en joech ûnderdak oan in teologysk seminaarje.

Chor Virap is in beafeartssintrum om't Gregoarius de Ferljochter dêr troch de Armeenske kening Tiridates III foar sa'n 14 jier finzen set waard. Gregoarius waard dêrnei de religieuze mentor fan 'e kening en tegearre lieden hja de ynfiering fan it kristendom yn it lân. Yn 301 waard Armeenje it earste kristlike lân fan 'e wrâld.

Om Gregoarius te earen liet katolikos Nerses III, dy't fanwegen de grutte bouaktiviteit ûnder syn lieding de bynamme "de Bouwer" krige, yn 642 op it plak in kapel (Soerb Gevork) bouwe. Troch de iuwen hinne waard dy kapel hieltyd wer opboud.

Yn 1662 waard by de ruïne fan 'e âlde kapel in gruttere tsjerke boud, dy't de namme fan 'e Hillige Mem fan God krige (Soerb Astvatsatsin). Ut dy tiid datearje ek de oare kleastergebouwen.

Yn 'e tsjerke wurde regelmjittich tsjinsten holden. It is ien fan 'e meast besochte beafeartsplakken fan Armeenje.

Op 26 juny 2016 besocht paus Fransiskus op syn reis troch Armeenje it kleaster.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: