Pammakaristos-tsjerke
Pammakaristos-tsjerke | ||
bouwurk | ||
Oan de foarkant rjochts de kapel, dêr efter de (hjoeddeiske) moskee, lofts de narteks | ||
lokaasje | ||
lân | Turkije | |
plak | Istanbûl | |
adres | Balat, 34087 Fatih | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | oarspronklik tsjerke, tsjintwurdich moskee en museum | |
boujier | 11-12e iuw | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer |
De Pammakaristos-tsjerke of de Tsjerke fan de Theotokos Pammakaristos (Gryksk: Θεοτόκος ἡ Παμμακάριστος, de Allersillichste Mem Gods), heart ta de meast ferneamde gryksk-otterdokske tsjerken fan de Turkske haadstêd Istanbûl. De tsjerke waard yn 1591 ferboud ta de Fethiye-moskee (Turksk: Fethiye Camii, "Moskee fan de oermastering"), mar is hjoeddedei in museum. Yn de tsjerke bleaune noch in grut tal byzantynske mozaïeken bewarre, dy't nei de Hagia Sofia en de Chora-tsjerke it grutste oerflak fan byzantynske mozaïeken yn Istanbûl foarmje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de measte gelearden waard de tsjerke tusken de 11e en 12e iuw boud. In soad skiedkundigen en argelogen tinke dat de oarspronklike bou taskreaun wurde kin oan Michael VII Dukas (1071–1078), oaren tinke dat de stifting west hat yn de tiid fan de Komnenen. Ernest Mamboury, in Switserske professor en saakkundige, woe ha dat de bou yn de 8e iuw plakfûn hat.
Doe't de Paleologen it Ryk bestjoerden (1259-1453) waard der oan de súdlike kant in sydkapel (parekklesion) oanboud en wijd oan Kristus de Wrâld (Christos ho Logos). It lytse bouwurk waard fuort nei 1310 troch syn frou Martha Glabas stifte ta oantinken fan protostrator Michael Doukas Glabas Tarchaneiotes, in generaal fan Andronikos II Palaiologos. In troch de dichter Manuel Philes (1275-± 1345) skreaune wijingstekst rint lâns de hiele sydkapel, sawol bûten as binnen. Yn deselde snoarje waard de haadtsjerke renovearre.
Nei de Fal fan Konstantinopel yn 1453 ferhûze de sit fan it Gryksk-otterdokske Patriarchaat ynearsten nei de (yn 1461 ôfbrutsen) Tsjerke fan de Hillige Apostels. Yn 1456 ferhûze it partriarchaat nei de Pammakaristos-tsjerke om't de Tsjerke fan de Hillige Apostels ôfbrutsen wurde moast om plak te meitsjen foar de bou fan de Fetih-moskee. Dy funksje as sit fan it patriarchaat hold de tPammakaristos-tsjerke oant 1597. De Ottomaanske sultan Murad III liet de tsjerke yn in moskee feroarje om dêrmei syn eardere oermastering fan Georgje en Azerbeidzjan te fieren en neamde it de Fethiye-moskee (Fetih is Turksk foar oermastering). Om it gebou geskikt te meitsjen as moskee waarden alle binnenmuorren ôfbrutsen om sa in gruttere binnenromte te meitsjen. Pas yn de 19e iuw waard in minaret tafoege.
It ferwaarloazge kompleks waard yn 1949 restaurearre troch it Byzantine Institute of America en it stúdzjesintrum fan Dumbarton Oaks, dy't it gebou yn de oarspronklike gloarje herstelden. Wylst it haadgebou in moskee bleau, is de sydkapel sûnt dy tiid in museum.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eardere Pammakaristor-tsjerke hie in haadskip mei twa deambulatoria (in deambulatorium is in omgong dat it haadskip omfiemet), in naos en in narteks. De trijedielige apsis waard by de ferbouwing ta moskee ferfongen troch in mihrab. De oarspronklike beklaaiing fan kleurd is foar it measte ferwidere.
Yn de sydkapel is yn de haadkoepel in mozaïek te sjen fan in sintrale Kristus Pantokrator, omfieme troch in rige bibelske profeten. Yn de apsis fan de sydkapel wurdt Kristus mei de Jongfaam Marije en Jehannes de Doper ôfbylde. De doop fan Kristus is de iennige, folslein bewarre bibelske foarstelling yn it parekklesion.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Zeyrek Mosque
|