Hagia Sofia (Istanbûl)
Hagia Sofia
Ἁγία Σοφία / Ayasofya | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Turkije | |
plak | Istanbûl | |
adres | Cankurtaran, Ayasofya Meydanı | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | oarspronklik tsjerke, dêrnei moskee; tsjintwurdich museum | |
boujier | 532-537 | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
offisjele webside | ||
Side museum |
De Hagia Sofia of de Aya Sofia (Gryksk: Ἁγία Σοφία, "Hillige Wiisheid"; Latynsk: Sancta Sophia of Sancta Sapientia; Turksk: Ayasofya) is in eardere eastersk-otterdokske basilika yn it Europeeske diel fan Istanbûl, Turkije. It wie fanôf de ynwijing yn 360 de katedraal fan Konstantinopel. Tusken 1204 en 1261 wie it de katedraal fan it Latynske Ryk. Dêrnei krige it wer in otterdokske funksje oant de stêd yn 1453 troch sultan Mehmet II ferovere waard, dy't de katedraal op 23 maaie 1453 yn in moskee feroare. It bleau in moskee oant 1934, doe't it gebou ûnder Mustafa Kemal Atatürk sekularisearre waard. Sûnt dy tiid is de Hagia Sofia in museum (Ayasofya Müzesi). It Turkske regear ûnder lieding fan presidint Recep Tayyip Erdogan stribbet der nei om der wer in moskee fan te meitjsen, in lot dat ek in tal oare histoaryske byzantynske tsjerken stiet te wachtsjen. Op oantrunen fan UNESCO binne dy plannen noch net útfierd.
De Hagia Sofia stiet benammen bekend om de ûnbidich grutte koepel en wurdt beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan de Byzantynske tsjerke-arsjitektuer. De koepel hie in oarspronklike trochsnit fan 33 meter en is ek tsjintwurdich noch altiten de grutste troch mar fjouwer draachpunten droegen koepel yn de skiednis fan de arsjitektuer. De Hagia Sofia wurdt ek wol it achtste wrâldwûnder neamd.
De bou fan de Hagia Sofia hat de ûntwikkeling fan de arsjitektuer beynfloede en hast 1000 jier lang wie it de grutste katedraal fan 'e wrâld. De tsjerke rekke dy titel kwyt mei de foltôging fan de katedraal fan Sevilla yn 1520. Sûnt 641 waard de katedraal brûkt as kroaningstsjerke fan de byzantynske keizers. As katedraal fan it Oekumenyske Patriarchaat fan Konstantinopel en it plak fan tal fan wichtige eveneminten yn de skiednis spilet de tsjerke in grutte rol yn de byzantynske skiednis. Foar in soad otterdokske kristenen jildt de tsjerke ek hjoeddedei noch altiten as it grutste hillichdom.
It ûntwerp fan de katedraal is ôfkomstich fan Isidore fan Miletus, in fisikus, en Antemius fan Tralles, in wiskundige. De tsjerke besiet in tige rike samling fan reliken en hie in sulveren ikonostaze fan wol 15 meter heech.
Nei de oermastering fan Konstantinopel waard de katedraal feroare yn in haadmoskee fan de stêd en soe dat hast 500 jier bliuwe. De Hagia Sofia hie grutte ynfloed op de ûntwikkeling fan de Ottomaanske boukeunst en stie model foar de grutte imperiale moskeeën lykas de Blauwe- en de Süleymaniye-moskee.
Foargongers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke op it plak waard op 15 febrewaris yn it jier 360 yn gebrûk nommen. De tsjerke waard fuort by it gebiet boud dêr't de bou fan it keizerlike paleis plakfûn. Earder wie de Hagia Irene ("Hillig Frede") al foltôge en dy tsjerke tsjinne as de katedraal oant de nije grutte tsjerke oplevere waard. Beide tsjerken wiene de haadtsjerken fan it Byzantynske Ryk. De Hagia Sofia waard op 15 febrewaris 360 ynwijd troch de ariaanske biskop Eudoksius fan Antiochje. Keizer Teodosius I droech yn 380 de katedraal oer oan de otterdokske tsjerke en yntrodusearre dêr Gregoarius fan Nazianze, dy't al gau ta de metropolyt fan Konstantinopel waard keazen. Doe't de patriarch fan Konstantinopel Jehannes Krysostomos yn konflikt rekke mei keizerin Aelia Eudoksia en op 20 juny 404 ferballe waard, ûnstie der reboelje en baarnde de earste tsjerke foar it measte ôf.
Teodosius II joech opdracht om op it plak in twadde tsjerke te bouwen, dy't op 10 oktober 415 waard ynwijd. De basilika hie in houten plafond en wie boud troch de arsjitekt Rufinus. By de Opskuor fan Nika baarnde de tsjerke op 13 jannewaris 532 oant op de fûneminten ôf. Yn 1936 waard by opgravings de ruïnes fan dy twadde katedraal ûntdutsen.
Bou fan de Hagia Sofia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 23 febrewaris 532 naam keizer Justinianus I it beslút om op it plak fan de twa tsjerken in folle gruttere basilika te bouwen. Hy socht foar dat doel as arsjitekten de fisikus Isidore fan Miletus en de wiskundige Antemius fan Tralles út. It boumaterjaal foar de te bouwen katedraal liet de keizer út Grikelân, Efeze, Egypte en Syrje komme en mear as 10.000 minsken wurken oan it projekt. Op 27 desimber 537 waard de tsjerke mei in grutte plechtichheid yn gebrûk nommen. De ferneamde mozaïeken yn de tsjerke binne lykwols ûnder it bewâld fan keizer Justinianus II (565–578) foltôge.
De ierdskoddings fan augustus 553 en desimber 557 feroarsaken grutte skuorren yn de haadkoepel. Op 7 maaie 558 stoartte de hiele koepel by in ierdskodding yn. De ramp brocht grutte skea oan de tsjerke en de keizer joech fuortendaliks it befel om de tsjerke wer te restaurearjen. Dat liet er dwaan troch Isidorus de Jongere, in omkesizzer fan Isidore fan Miletus. By de weropbou fan de koepel waard no lichter materjaal tapast. Tagelyk mei de weropbou waard de koepel ek nochris mei 6,25 meter ferhege ta de hjoeddeiske hichte fan 55,6 meter. Ek liet de keizer yn ± 560 acht korintyske pylders út Baalbek nei Konstantinopel helje. De restauraasje joech de tsjerke it tsjintwurdige 6e iuwske oansjen en waard yn it jier 562 foltôge.
Yn 726 feardige keizer Leo III in rige edikten út tsjin de ferearing fan ôfbylden. Hy joech it leger opdracht om alle ikoanen te ferneatigjen. Dat wie it begjin it tiidrek fan it byzantynske ikoanoklasme. Alle religieuze bylden en ôfbylden waarden út de Hagia Sofia ferwidere.
Nei't troch in grutte ierdskodding op 25 oktober 989 in de westlike koepelbôge ynstoartte, frege keizer Basilius II oan de Armeenske Trdat, de arsjitekt fan de katedraalen fan Ani, om de lieding te nimmen fan de reparaasjes. Dêr wie Trdat seis jier mei dwaande en op 13 maaie 994 waard de katedraal op 'e nij iepene. Njonken de rekonstruksje waarden ek de dekoraasjes fan de katedraal renovearre. Dêrnjonken waarden der fjouwer ûnbidich grutte fresko's fan kearûbinen en in nije Kristusfoarstelling yn de koepel tafoege en yn de apsis in foarstelling fan de Jongfaam Marije mei yn har hannen Jezus tusken de apostels Petrus en Paulus. Op de grutte sydbôgen waarden foarstellings skildere fan de profeten en de tsjerkfaars.
Mei de Latynske besetting fan Konstantinopel (1204–1261) waard de tsjerke plondere en in roomsk-katolike katedraal. In soad reliken waarden nei it Westen stjoerd en kinne tsjintwurdich dêr yn musea sjoen wurde. Enrico Dandolo, the doge fan Feneesje dy't opdracht joech om de stêd yn te fallen en te plonderjen, leit yn de tsjerke begroeven. Yn de 19e iuw liet in Italjaansk restauraasjeteam in senotaaf op de mooglike lokaasje (de eastlike boppegalerij) oanbringe, dy't noch altiten sichtber is. De stien wurdt faak troch toeristen beskôge as in midsiuwske stien fan it grêf fan de doge, mar de echte tombe waard troch de Ottomanen ferneatige nei't se de stêd yn 1453 oermasteren en de katedraal yn in moskee feroaren.
Doe't de Byzantinen yn 1261de stêd werom feroveren, troffen se in tsjerke yn ferfal oan. Yn 1317 liet keizer Andronikus II fjouwer nije steunbearen bouwe oan de eastlike en noardlike kant fan de tsjerke. In ierdskodding yn 1344 soarge foar nije skuorren yn de koepel en ferskillende dielen fan de tsjerke stoartten op 19 maaie 1346 yn. Fan gefolgen wie de tsjerke oant 1354 sletten. Yn de tuskentiid waarden restauraasjes útfierd troch de arsjitekten Astras en Peralta.
-
Konstantyn de Grutte mei in tsjerkemodel
-
Apsismozaïek Marije en Bern
-
Aartsingel Michael
-
Kristus Pantokrator
-
Keizer Konstantyn IX, Kristus Pantockator en keizerin Zoë
-
Jehannes Krysostomos
Moskee (1453-1934 )
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hast tûzen jier lang bleau de Hagia Sofia in symboal fan it Kristendom. Dêr kaam op 29 maaie 1453 in ein oan doe't Konstantinopel yn hannen foel fan de oanfallende Ottomanen. Sultan Mehmet II joech nei't de muorren fan Konstantinopel belies joegen lykas doe wenst wie syn troepen tastimming om harren út te tjirgjen. De stêd waard trije folle dagen plondere en doe't de trije dagen om wiene easke de sultan al de noch oerbliuwende wearden foar himsels op. De Hagia Sofia waard net útsûndere fan de plonderings en om't se tochten dat dêr in soad rykdom te finen wie lei dêr de fokus fan de rôvjende troepen. Dat it gyng nei't der iepenings forsearre wiene fuort op nei de Hagia Sofia en it de Ottomanen tebûken de doarren fan de katedraal om sa tagong te krijen. Al salang it belis fan Konstantinopel duorre hie, waarden yn de katedraal trochgeand tsjinsten holden. De bewenners tochten dat de katedraal in feilige haven foarme en in skûlplak foar elk, dy't net meidwaan koe om de stêd te ferdigenjen, lykas froulju, siken, bern, âlde minsken en ferwûne manlju. No sieten se as ratten yn de fal en waarden se kriichsbút om ferdield te wurden ûnder de oerwinners. Wylst it gebou al plonderjend ûntwijd waard, fûnen der mishannelings en ferkrêfings plak. Alde minsken, siken of ferwûne minsken waarden fermoarde en nei de ferkrêftings waarden de froulju en bern oan de kettings lein om ferkocht te wurden as slaven. Sa lang as it koe gyngen de preesters fierder mei de tsjinst, oant se troch de ynfallers twongen waarden op te hâlden. Doe't de sultan mei syn gefolch de tsjerke binnen gyng joech er fuort de opdracht de tsjerke yn in moskee te feroarjen. Mei de op de preekstoel resitearre wurden fan ien fan de oanwêzige islamityske gelearden "Der is gjin God dan Allah en Mohammed is syn profeet" waard dêrta it startskot jûn.
Nei de plonderings joech Mehmet II opdracht de eardere katedraal te renovearjen en geskikt te meitsjen as moskee. Op 1 juny 1453 wenne de sultan yn de earste keizerlike moskee fan de stêd, de Aya Sofia, foar it earst it Freedgebed by.
Foar 1481 waard boppe de treptoer oan de súdwestlike hoeke fan de moskee in lytse minaret boud. Letter waard der noch in minaret oan de noardeastlike hoeke boud. Ien fan dy minaretten stoartte by de ierdskodding fan 1509 yn en healwei dy iuw waarden beide minaretten ferfongen troch nije foar inoar oer lizzende minaretten. Yn de 16e iuw brocht sultan Süleyman I twa hiele grutte kandlers mei fan syn feroverings yn Hongarije en liet se oan wjerskanten fan de mihrab delsette. Under syn bewâld waarden de fresko's fan Jezus, Marije en ferskate Byzantynske keizers fan in kalklaach oerdutsen, dy't yn de jierren 1930 wer foar it ljocht helle waarden.
Under it regear fan Selim II (1566–1574) begûn it gebou lêst fan wargens te krijen. It wie needsaaklik de moskee te fersterken en dat waard útfierd troch de arsjitekt Minar, in ekspert yn ierdskoddings. Njonken fersterkings fan it histoaryske byzantynske bouwurk liet Sinan twa grutte minaretten op de westlike kant fan it gebou tafoegje, in loge foar de sultan en yn 1576–1577 de türbe (mausoleum) fan Selim II oan de súdeastlike kant fan it gebou. Om dat te bouwen moast earst in diel fan it patriarchaat op de súdlike hoeke fan it gebou ôfbrutsen wurde. Ek waard op de koepel in gouden heale moanne set en út respekt foar de moskee moasten alle gebouwen binnen in seame fan likernôch 25 meter ôfbrutsen wurde. Yn Selim's türbe waarden letter noch 43 tombes fan Ottomaanske prinsen byset. Hôfarsjitekt Davud Ağa boude yn 1594 de türbe foar Murad III, dêr't de sultan en syn frou, Safiye Sultan, waarden begroeven. Dêrnjonken waard troch Dalgiç Mehmet Aĝa yn 1608 it achthoekige mausoleum foar harren soan Mehmet III (1595–1603) boud. Dy syn soan, Mustafa I (1617–1618; 1622–1623) ferboude de oarspronklike doopkapel ta syn türbe.
Yn 1717 liet sultan Ahmed III (1703–1730) de ôfbrokkeljende stúklaach fan it ynterieur renovearje en droech sa ûnbedoeld by oan it behâld fan de mozaïeken ûnder de stúklaach. Yn 1739 waarden it bouwurk restaurearre en in koranskoalle oanboud, dêr't tsjintwurdich de bibleteek fan it museum yn ûnderbrocht is. Ek joech sultan Mahmud I opdracht ta de bou fan in bibleteek en in gearkoken en yn 1740 in şadirvan, in oerdekte fontein foar it rituele waskjen. Yn deselde tiid waarden de âlde sultansloge en de mihrab ferfongen.
Restauraasje 1857
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under lieding fan de Switsersk-Italjaanske bruorren Gaspare en Giuseppe Fossati waard yn opdracht fan sultan Abdülmecid de Hagia Sofia tusken 1847 en 1849 restaurearre, dêr't sa'n achthûndert man oan wurken. De koepels en gewelven waarden fersterke lykas ek de pylders. Tagelyk waard de dekoraasje yn en bûten de moskee renovearre. De mozaïeken yn de boppegalerij waarden bleatlein en skjin makke, mar ek wer bedutsen "om se te beskermjen tsjin fierdere skea". De âlde kandlers waarden ferfongen troch nije en ûnbidich grutte rûne buorden waarden oan de pylders hongen mei de nammen fan Allah, Mohammed, fjouwer kalifen en twa pakkesizzers fan Mohammed. Yn 1850 bouden de bruorren foar de sultan in nije loge yn neobyzantynske styl. De minbar en mihrab waarden ek renovearre en bûten waarden de minaretten renovearre en sa feroare dat se alle fjouwer deselde hichte krigen. Ek waard in nije madrasse boud. Doe't de renovaasje foltôge wie waard de moskee op 13 july 1849 wer iepene.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1935 makke de stifter en earste president fan de Republyk Turkije, Mustafa Kemal Atatürk, fan de moskee in museum. De flierkleden waarden út de moskee helle en foar it earst sûnt iuwen kamen de moarmeren flierdekoraasjes wer foar it ljocht. Ek in soad mozaïeken waarden wer bleatlein. De kondysje fan it gebou waard der yn de rin fan de 20e iuw net better op en yn 1996 foege it World Monuments Fund de Hagia Sofia ta oan de World Monuments Watch. It koper fan it dak hie lêst fan skuorren en it lekte wetter oer de kwetsbere fresko's en mozaïeken. Ek fan ûnder bedrige focht it monumint troch in hegere grûnwetterpeil, dat foar de farve en de stien in min miljeu feroarsake.
It WMF hat fan 1997 oant 2002 in rige bydragen jûn foar de restauraasje fan de koepel. Nei't it dak fan de koepel reparearre wie koe der útein set wurde mei de renovaasje fan de binnenkant fan de koepel. It WMF-projekt, dêr't jonge Turkske konservators ûnderfining opdwaan koene, waard yn 2006 foltôge, al gyng de restauraasje op oare plakken yn de Hagia Sofia noch fierder. Tsjintwurdich is de Hagia Sofia ien fan de meast besochte musea fan it lân en mear as 3 miljoen toeristen bringe alle jierren in besite oan it gebou. Neffens ynformaasje fan it Turkske Ministearje fan Kultuer en Toerisme wie de Hagia Sofia yn 2015 de meast besochte toeristyske attraksje.
De islamisearring fan it museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't it ferbean wie om de Hagia Sofia as moskee of tsjerke te brûken, makke de Turkske oerheid nei de foltôging fan de restauraasje yn 2006 in lytse romte yn it museum frij as gebedsromte. It soe it begjin wurde fan in troch de oerheid lansearre kampanje om fan it museum wer in moskee te meitsjen, lykas dat ek foar oare tsjerken yn Turkije driget.
Fanôf 2010 naam de Turkske oerheid, foaral ûnder lieding fan ficepremier Bülent Arınç, it foartou om de Hagia Sofia wer yn in moskee te feroarjen. Sûnt 2013 wurdt troch de muezzin fanôf de minaretten fan it museum alle dagen twaris de oprop ta gebed songen. Yn 2015 ferklearre de moefty fan Ankara, Mefail Hızlı, as wraak foar it erkennen fan de Armeenske Genoside troch paus Franciskus, dat der faasje makke wurde soe mei de transformaasje fan de Hagia Sofia. Foar it earst yn 85 jier waarden op 1 july 2016 wer islamityske gebeden yn de Hagia Sofia heart. Dêrnei fûnen der mear islamityske evenminten yn en by de Hagia Sofia plak.
Op 31 maart 2018 resitearre Recep Tayyip Erdoğan yn de Hagia Sofia it earste fers út de Koran. Hy wijde syn gebed oan "alle sielen dy't dit wurk as erfenis neilitten hawwe, benammen Istanbûl's oermasterer". Dêrmei ferstevige Erdoğan de politike beweging om fan de Hagia Sofia op 'e nij in moskee te meitsjen. Yn maart 2019 sei Erdoğan jitris dat hy de status fan de Hagia Sofia feroarje sil. Hy foege der noch oan ta dat it in tige grutte fout west hie om fan de eardere katedraal in museum te meitsjen.
Om't de Hagia Sofia op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO stiet, soe de feroaring fan de status de tastimming nedich wêze fan it World Heritage Committee. Nettsjinsteande dat waard de Hagia Sofia op 10 july 2020 wer in moskee, hoewol't it gebou bûten de earetsjinsten om ek tagonklik bleau foar toeristen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hagia Sophia
|