Latynske Ryk
Imperium Romaniae Latynske Ryk fan Konstantinopel | |
---|---|
1204 – 1261 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
De grinzen fan it Latynske Ryk 1214. | |
polityk | |
haadstêd | Konstantinopel |
offisjele taal | Latyn Ald-Frânsk Gryksk |
steatsfoarm | Feodale kristlike monargy |
ûntstien út | it Byzantynske Ryk |
opgien yn | it Byzantynske Ryk |
no diel fan | Grikelân Bulgarije Turkije |
sifers | |
oerflak | ± 339.000 km² (1204) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | hyperpyron |
It Latynske Ryk of Keizerryk Romania (Latyn: Imperium Romaniae) is de namme dy't histoarisi joegen oan de troch de dielnimmers fan de Fjirde Krústocht stifte feodale krúsfearderssteat, dy't op it lân dat op it Byzantynske Ryk ferovere wie. It waard stifte nei de súksesfolle oanfal fan de krúsfarders op Konstantinopel yn 1204 en it hat duorre oant yn 1261. It Latynske Ryk moast it Byzantynske Ryk ferfange as it titulêre Romeinske Ryk yn it easten, mei in westerske roomsk-katolike keizer ynstee fan de eastersk-otterdokske Byzantynske keizers.
Boudewyn IX, de greve fan Flaanderen, waard op 16 maaie 1204 as Boudewyn I as earste keizer fan it Latynske Ryk kroand.
It Latynske Ryk slagge der nea yn politike of ekonomyske dominânsje te krijen oer de oare Latynske krêften, dy't harren nei de Fjirde Krústocht fêstige hiene op it eardere Byzantynske grûngebiet, fral net oer de Republyk Feneesje.
Nei in koart skoftke fan militêre súksessen rekke it Latynske Ryk stadichoan yn it neigean. It hie te lijen fan de oanhâldende kriich tsjin Bulgarije en de noch net ferovere dielen fan it Byzantynske Ryk. Lang om let feroveren de Byzantinen ûnder keizer Michael VIII Palaiologos yn 1261 it gebiet werom. De lêste Latynske hearsker, Boudewyn II, waard ferballe. De keizerlike titel lykwols oerlibbe mei ferskate pretendinten oant yn de 14e iuw.
Keizers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boudewyn I (1204-1205)
- Hindrik (1206-1216)
- Piter (1217)
- Yolande (1217-1219)
- Robert (1221-1228)
- Boudewyn II (1228-1261)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Latin Empire
|