Ani
Ani (Armeensk: Անի) is in ruïnestêd yn it uterste easten fan Turkije oan de grins mei Armeenje. It wie eartiids in Armeenske haadstêd. De lêste ynwenners ferlieten de stêd al mear as trije iuwen lyn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ani giet yn alle gefallen werom op de fyfte iuw, doe't it in Armeenske fêsting wie. Yn 763 kaam it plak yn it besit fan de Bagratiden en yn de 10e iuw ûntwikkele de lokaasje him ta in wichtige stêd, Kening Asjot III Bagratuni (951–977) makke fan Ani de haadstêd fan syn ryk. Doe't kening Gagik II yn 1045 syn keninkryk oan de Byzantinen oerjoech wie de stêd oan de noardlike kant fan de Siderûte bekend ûnder de namme "Stêd fan 1001 tsjerken". Yn dy tiid telde de stêd mear as 100.000 ynwenners. De grutste tsjerke wie de tusken 989 en 1001 troch de arsjitekt Trdat boude Katedraal fan de Hillige Jongfaam.
Op 16 augustus 1064 waard Ani nei in 25 dagen lang belis troch de Seltsjoeken ferovere. Dêrmei kaam de stêd ûnder islamitysk bewâld. It ynnimmen fan de stsêd gie mank mei it ôfslachtsjen fan in grut tal fan de ynwenners. Sultan Alp-Arslan droech de stêd yn 1072 oan in islamityske dynasty fan Koerdyske komôf oer, oant Ani yn de 12e iuw by it kristlike keninkryk Georgje foege waard.
Georgje sette yn Ani de Armeenske Zarakiden as vazallen yn en ûnder harren bewâld makke de stêd noch in lêste tiidrek fan bloei troch. Yn 1226 wist de stêd him noch te warjen by in belegering troch de Mongoalen, mar yn 1239 slaggen de Mongoalen der yn de stêd yn te nimmen. De islamityske besetting fan de stêd liede op 'e nij ta it ôfslachtsjen fan de lokale befolking.
Sûnt in ierdskodding yn it jier 1319 sakke it ynwennertal stadichoan. Yn dy tiid foel Ani ûnder wikseljend islamitysk bewâld en yn 1380 waard de stêd troch Timoer Lenk ferovere.
Nei 1535 foarme Ani ûnderdiel fan it Osmaanske Ryk en tusken 1878 en 1917 fan it Russyske Keizerryk. Under lieding fan de Russyske oriïntalist Nikolai Jakovlevitsj Marr fûn tusken 1892-1893 en 1904-1917 wiidweidich argeologysk ûndersyk plak. Tsjin it ein fan de Earste Wrâldkriich waarden yn april 1918 sa'n 6.000 argeologyske objekten fan Ani nei Jerevan oerbrocht om se foar it optsjende Osmaanske leger te behoedzjen.
Ani foel yn oktober 1918 nei de kapitulaasje fan it Osmaanske Ryk oan it nije Armeenje ta, mar nei de Turksk-Armeenske Kriich fan 1920 waard Ani wer by Turkije foege
Ani tsjintwurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich is Ani allinne noch bekend fanwegen de noch besteande resten fan Armeenske arsjitektuer. De iennige "bewenners" binne Turkske grinssoldaten, in pear toeristen en ynwenners fan it tichtebylizzende Turkske doarp Ocaklı.
De lokaasje wurdt foar de takomst bedrige troch kultuerfandalisme, ierdskoddings en resint ek troch ûntploffings yn in stiengroeve op Armeensk gebiet.
Dielen fan de dûbele stedsmuorre, de katedraal (foltôge yn 1001 of 1010), in pear tsjerken en kapellen, de sitadel en fan it paleis bleaune bewarre. De Armeenske oarsprong en it Armeenske ferline fan de stêd wurdt fan offisjele kant yn Turkije stilholden. Op in boerd wurdt allinne ferwiisd nei de "kristlike erfenis fan it Osmaanske Ryk".
Yn it ferline wie de tagong ta de stêd allinne mei in fergunning mooglik, om't it foar lange tiid in militêr ôfsletten gebiet wie. Fanwegen de lokaasje oan de Armeenske grins wie it boppedat ferbean te fotografearjen. Tsjintwurdich is yn it ramt fan de toeristyske ûntsluting it grutste part fan de stêd frij tagonklik. Alline foar de sitadel (Turksk: Iç Kale) en de direkte grins foarmet foar toeristen noch in ferbean gebiet.
De styl fan Ani fan de 11e iuw stie model foar meardere kleasters om Ani hinne en yn de Armeenske provinsje Sjirak. Dêrûnder hearden û.o. Chtskonk', Marmasjen en Horomos.
Yn 2016 waard de ruïnestêd ynskreaun yn de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sitadel
-
Brêge
-
Gregoarius de Ferljochtertsjerke
-
Ferlossertsjerke
-
Tsjerke fan de Hillige Apostels
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|