Chtskonk' (kleaster)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Chtskonk’

Խծկոնք

It kompleks yn 1920
It kompleks yn 1920
lokaasje
lân Flag of Turkey.svg Turkije
Provinsje Kars
plak tichteby de stêd Digor
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 7e-13e iuw
sloopjier Foar it grutste part troch it Turkske leger ferneatige yn ± 1955

Chtskonk’ (Armeensk: Խծկոնք; Turksk: Beşkilise) wie in kleasterkompleks fan fiif tsjerken tichteby de stêd Digor, it eartiidske Tekor, it bestjoerssintrum fan it distrikt Digor yn de east-Turkske provinsje Kars, likernôch 19 kilometer westlik fan de tsjintwurdige Armeenske grins. It kleaster stiet yn in kleau dy't foarme is troch de rivier de Digor.

Yn augustus 1920 waard it kleaster mei de fiif tsjerken noch yn goede steat fotografearre troch de Armeenske argeolooch Ashkharbek Kalantar. Dat wie krekt foar't it Turkske leger it gebiet op Ruslân ferovere. Nei de suvering fan de Armeenske befolking út de kontrijen fan Kars waard it gebiet om it kleaster hinne militêr oefenterrein.

Yn 1959 besocht de Frânsman Jean-Michel Thierry de lokaasje. Hy konstatearre dat fan de fiif tsjerken allinne de út 1029 Sint-Sergiustsjerke (Surp Sargis) en dan ek noch slim skeind oerbleaun wie. De oare fjouwer tsjerken wiene allegear mei de grûn lyk makke en it mitselwurk fan dy tsjerken leit somtiden op grutte ôfstân fan it oarspronklike plak. De koepel fan de Sint-Sergiustsjerke is noch yntakt, mar dielen fan de sydmuorren binne by de eksploazje nei bûten ta fuortblaasd.

Guon wolle ha dat de skea feroarsake waard troch in ierdskodding, mar neffens de histoarikus William Dalrymple soe de skea der dan hiel oars útsjoen hawwe. Neffens bewenners binne de tsjerken troch it Turkske leger opblaasd mei eksplosiven, itjinge troch ynwenners fan Digor yn 2002 befêstige waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: