Vagharsjapat
Vagharsjapat Վաղարշապատ | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 46.540 (2012) | |
Oerflak | 40 km² | |
Befolkingsticht. | 1.200 / km² | |
Hichte | 853 m | |
Polityk | ||
Lân | Armeenje | |
Provinsje | Armavir | |
Oar | ||
Stifting | 685 foar Kristus | |
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Offisjele webside | ||
Side fan de stêd |
Vagharsjapat (Armeensk: Վաղարշապատ), is ien fan de grutste stêden fan Armeenje en neffens ynwennertal de grutste gemeente fan de provinsje Armavir. De stêd leit likernôch 18 kilometer westlik fan de haadstêd Jerevan en 10 kilometer noardlik fan de troch it regear yn Ankara sletten Turkske grins.
De stêd stiet foaral bekend ûnder de namme Edzjmiatsin (Էջմիածին), fan 1945 oant 1995 de offisjele namme fan de stêd. Dy âlde namme wurdt noch jimmeroan brûkt yn it offisjele ferkear.
De stêd is it religieuze sintrum fan it lân en benammen bekend fanwegen de katedraal fan Edzjmiatsin. It wie ien fan de belangrike stêden fan it eartiidske Grut-Armeenje. Oan it begjin fan de 20e iuw stelde de stêd net in soad mear foar, mar yn de Sovjet-tiid naam it ynwennertal fan Edzjmiatsin as foarstêd fan Jerevan bot ta.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vagharsjapat fan Wikimedia Commons. |