Springe nei ynhâld

Zvartnots

Ut Wikipedy
Zvarnots
Զվարթնոց
lokaasje
lân Armeenje
provinsje Armavir
plak Vagharsjapat
koördinaten 40°9'NB, 44°20'EL
skiednis
stifte 643-652
lânkaart
Zvartnots (Armeenje-reliëf)
Zvartnots
Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 1011
kritearia (ii) (iii)
ynskriuwing 2000
gebiet 74.3 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

Zvartnots of Zûartnots (Armeensk: Զվարթնոց տաճար, Զուարթնոց տաճար; letterlik "Katedraal fan de Himelske Ingels") is in ruïneuze lokaasje oan 'e râne fan 'e stêd Vagharsjapat yn 'e provinsje Armavir yn Armeenje. Underdiel fan it ruïnekompleks is de oarspronklik 7e-iuwske katedraal, dy't yn 643-652 yn opdracht fan katolikos Nerses III (de Bouwer) boud waard. It is ien fan 'e meast wichtige archeologyske lokaasjes fan it lân en foarmet sûnt 2000 mei de katedraal en tsjerken fan 'e stêd ûnderdiel fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. It eastlike diel fan 'e lokaasje wurdt foar in part brûkt troch de ynternasjonale lofthaven Zvartnots.

De rekonstruksje fan 'e katedraal neffens Toros Toramanjan oer de ruïne hinne.

De katedraal waard boud yn in tiid doe't islamityske Arabieren krekt in grut part fan Armeenje ferovere hiene en in jimmeroan grutter diel fan it Sassanidyske Ryk besetten, dêr't Armeenje doe ûnderdiel fan wie. Fanwegen de Arabyske feroverings en de hieltiten gruttere botsings tusken de Byzantynske en de optwingende Arabyske legers liet Nerses de lokaasje fan it patriargale paleis fan Dvin nei Zvartnots ferhûzje.

Oer de ferneatiging fan 'e katedraal bestiet gjin histoaryske ynformaasje. Bekend is dat de katedraal noch oant de 10e iuw bestie. Mooglik makke in ierdskodding in ein oan it bouwurk. De katedraal wie wijd oan Sint-Gregoarius en boud op it plak dêr't kening Trdat III en Gregoarius de Ferljochter inoar moete hawwe soene.

Oant it begjin fan de 20e iuw lei de katedraal ûnder de grûn. Opgravings yn de jierren 1901-1907 leine it bouwurk tegearre mei it paleis fan de katolikos en tal fan reliëfs, kapitelen en pylders bleat. Oant op dit stuit is de earste laach fan de tsjerke hast folslein rekonstruearre. By de opgravings waard ûntdutsen dat Zvartnots op de resten fan gebouwen stie dy't werom gyngen op it regear fan kening Rusa II fan it keninkryk Urartû.

Plattegrûn fan de katedraal.

De foaroansteande Armeenske arsjitekt Toros Toramanjan wurke oan 'e opgravings mei en stelde út dat it gebou trije ferdjippings hân hie. In soad gelearden koene harren wol yn it ûntwerp fine, mar guon wiisden it ôf en makken eigen ûntwerpen. Hja woene ha dat it útstel fan Toramanjan boukundich ûnlogysk wie en ornearren dat it technyske ynsicht yn dy tiid net tarikkend wie foar it dryste ûntwerp, dat Toramanjan úttocht hie. Dochs akseptearren de measte gelearden de ideeën fan Toramanjan wol.

Kapiteel mei earn.

De tsjerke wie fan binnen fersierd mei mozaïken en it hie de plattegrûn fan in Gryksk krús of fjouwerpas, mei dêrom hinne in sirkelfoarmige romte dy't fan bûten twaëntritichsidich wie en op ôfstân rûn like. De diameter fan 'e ûnderste laach wie 35,75 meter. De pylders wiene bekroand mei kapitelen mei sniene ôfbylden fan krusen, earns en figueren dy't bydroegen oan de tsjerke. Súdwestlik fan 'e katedraal lizze de ruïnes fan it patriarchale paleis, de wenferbliuwen fan Nerses III en in wynmakkerij.

Guon wolle ha dat de katedraal fan Zvarnots ôfbylde stiet op ien fan de reliëfs fan 'e arke fan Noäch by de tagong fan de Sainte-Chapelle fan Parys. Dat liket lykwols tige ûnwierskynlik, om't de reliëfs 300 jier nei de ferneatiging fan 'e katedraal makke waarden.

Tegearre mei de tsjerken fan Vagharsjapat (Etsjmiadzin) waard Zvartnots yn 2000 ynskreaun yn 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Pylders.

De Gregoariustsjerke fan Ani, tsjintwurdich Turkije, waard yn 1001-1005 boud as in soarte fan rekonstruksje fan Zvartnots.

De bou fan 'e yn 2003 foltôge Hillige Trije-ienheidstsjerke yn Jerevan waard ynspirearre troch Zvartnots.

De 7e-iuwske kronykskriuwer Sebeos wie de earste dy't de katedraal "Zvartnots" neamde: "In tsjerke waard hjir boud mei de namme Zvartnots, wat betsjut in gasthear fan himelske striders". De namme ferwiist nei de ingels, dy't oan Gregoarius de Ferljochter yn in dream ferskynden op it plak fan 'e takomstige tsjerke. De katedraal soe dêrom mei beskermjende machten, ingels en soksoarte himelske skepsels yn ferbining stean.

In âldere oarsprong fan it wurd zvartnonkút de tiid foardat Armeenje kerstene waard, giet werom op in geast, dy't deaden wer libben meitsje koe. It yn Zvartnots ferwurke wurd zavrk betsjut oarspronklik "militêre troepen". It stamt fan "zavr", it diel fan it wurd dat stiet foar militêr. By gefolch waarden de ingels "himelske soldaten", dy't boppenatuerlike beskerming jouwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Zvartnots

Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots

Katedraal fan EdzjmiatsinSint-GajanetsjerkeSint-HripsimetsjerkeSjoghakat-tsjerkeTjerkhôf fan 'e KongregaasjeArgeologysk Zvarnots
· · Berjocht bewurkje