Springe nei ynhâld

Katedraal fan Edzjmiatsin

Ut Wikipedy
Katedraal fan Edzjmiatsin
Էջմիածնի մայր տաճար
Lokaasje
lân Armeenje
plak Edzjmiatsin
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Stepan Kurkchyan
boujier Kearn 6e iuw, grutte útwreidings yn de 17e iuw, tafoegings yn de 19e iuw
Webside
Offisjele side fan de katedraal
Kaart
Katedraal fan Edzjmiatsin (Armeenje-reliëf)
Katedraal fan Edzjmiatsin
Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 1011
kritearia (ii) (iii)
ynskriuwing 2000
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Katedraal fan Edzjmiatsin (Armeensk: Մայր Տաճար Սուրբ Էջմիածին; Majr Tatsjar Surb Edzjmiatsin, Frysk: Memmetsjerke fan 'e Hillige Edzjmiatsin) is in Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn 'e Armeenske provinsje Armavir. De tsjerke makket diel út fan in kleasterkompleks en is de katedraal fan 'e patriarch fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, de Katolikos fan 'e Hillige Stoel fan 'e Hillige Edzjmiatsin en alle Armeenjers.

Sûnt it jier 2000 falt it kleaster ûnder it UNESCO-wrâlderfgoed 'Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en argeologysk Zvarnots'.

Lokaasje en namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal fan Edzjmiatsin leit likernôch 20 kilometer west fan 'e haadstêd Jerevan. Se stiet op it âldste kristlike plak fan Armeenje en foarmet it religieuze sintrum fan it lân. De namme Edzjmiatsin is ûntstien om't Gregoarius de Ferljochter op it plak in fizioen sjoen hawwe soe fan Kristus, dy't him it plak fan 'e grêven van twa martlers oanwiisde dy't foar it kerstenjen fan it lân troch kening Trdat fermoarde wiene. Edzjmiatsin betsjut "De Iennichstberne (miatsin) farde del (êdzj)".[1]

De earste tsjerke waard op 'e fûneminten fan in heidenske timpel yn it jier 301 yn opdracht fan 'e earste katolikos Gregoarius de Ferljochter boud. Yn 'e jierren 480 folge de nijbou mei in houten dak. Op deselde lokaasje waard yn 'e 7e iuw in stiennen tsjerke boud, dy't hjoeddedei de kearn fan 'e tsjintwurdige katedraal foarmet.

It âldste diel fan 'e bûtenmuorren fan 'e tsjerke foarmje twa reliëfs yn 'e noardlike muorre mei foarstellings fan Petrus en Sint-Tekla en in medaillon mei in krús mei oan wjerssiden twa dowen. De reliëfs hawwe noch Grykske ynskriften. De twa noardlike pylders ûnder de koepel stiene al yn 'e fyfte (of fjirde) iuw.

17e-iuwsk oersicht fan it kleaster fan 'e Frânske reizger Jean Chardin.

Yn 'e 17e iuw folge in grutte restauraasje fan 'e katedraal. Under katolikos Moazes III waard oan 'e koepel in tamboer tafoege. Dêrnjonken joech er opdracht om in muorre mei acht tuorren om it kleasterkompleks, nije wenromten, kleastersellen yn it noarden en suden, in refektoarium, gasteferbliuwen en ekonomyske foarsjennings te bouwen. In grut part fan dy nijbou gyng yn 'e kriich tusken de Ottomanen en de Safawiden yn 'e jierren 1635-1636 ferlern. De katedraal waard lykwols net skeind en ûnder de opfolger fan Moazes III waard it wurk oan 'e renovaasje ôfsletten. Yn 'e rin fan 'e 17e iuw waard in frijsteande, trije ferdjippings tellende klokketoer tafoege. Ek waarden der oan 'e noardlike, súdlike en eastlike fleugels fan 'e tsjerke klokketuorren oanboud.

Ynterieur.

De katolikos Georgios IV liet yn 'e 19e iuw de eastlike muorre reparearje en foege in museum mei trije kapellen ta oan it kompleks. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard ek in grut part fan de ynrjochting ûnderbrocht yn it museum. Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard in sakristy boud, dêr't hjoeddedei it museum yn sit.

De klokketoer boppe de súdlike apsis stoarte yn 1921 yn en waard troch in kegelfoarmige toer ferfongen.

Doe't Armeenje yn 1920 in Sovjet-republyk waard, hie dat grutte gefolgen foar de Tsjerke. Op it fieren fan 'e earetsjinst waard it near lein, it Edzjmiatsin-kleaster rekke syn lân kwyt, it seminaarje waard in steatsskoalle en op it museum en de bibleteek waard beslach lein. Nei de Twadde Wrâldkriich slagge de katolikos Georgios VI der yn 1945 yn om by ûnderhannelings mei Moskou de sitewaasje fan 'e Tsjerke foar in grut part te normalisearjen. Der mocht wer in katolikos keazen wurde, it seminaarje waard wer iepene en it waard de Tsjerke tastien om de biskoplike hiërarchy te herstellen. De katedraal ûndergyng in grutte renovaasje en de katolikos rôp alle Armeenjers fan 'e wrâld op dêrby te helpen. It levere de katolikos de bynamme "Patriotyske Katolikos" op.

Beskildering ferwulft.

De fresko's fan hilligen en Ald-Testamintyske foarstellings waarden yn 'e 17e en 18e iuw oanfolle. Yn 1891 waarden se ferwidere, mar yn 1956 wer restaurearre. Sadwaande is de katedraal ien fan 'e seldsume tsjerken yn Armeenje mei in soad fresko's.

De tsjerkeskat wurdt bewarre yn in museum, dat ûnderbrocht is yn 'e sakristy. Te sjen binne û.o. tsjelken, liturgyske klaaiing en weardefolle krusen. Under de reliken is in planke fan Noäch's arke, de punt fan 'e hillige lâns út it kleaster Geghard, reliken fan Sint-Stefanus en in diel fan 'e stêf fan 'e apostel Bartoloméus it neamen wurdich.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Etschmiadsin

  1. Armenië. Middeleeuwse Miniaturen uit het christelijke Oosten; side 13 yn in bydrage fan Jos J.S. Weitenberg

Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots

Katedraal fan EdzjmiatsinSint-GajanetsjerkeSint-HripsimetsjerkeSjoghakat-tsjerkeTjerkhôf fan 'e KongregaasjeArgeologysk Zvarnots
· · Berjocht bewurkje