Geghard
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Kleaster Geghard (Armeensk: Գեղարդի վանք; Geghardi vank) is in kleaster fanb 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn 'e provinsje Kotajk yn Armeenje. Karakteristyk binne de foar in part yn 'e rotsen úthoude kleasterromten. It kleaster is in geef hichtepunt fan 'e midsiuwske Armeenske boukeunst en leit yn in natoergebiet oan it begjin fan 'e delling fan 'e Azat. Sûnt 2000 is it kleaster as it UNESCO-wrâlderfgoed opnommen as "it kleaster fan Geghard en de boppe-Azatdelling".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard (neffens de tradysje troch Gregorius de Ferljochter) yn 'e 4e iuw stifte op it plak fan in boarne yn in grot, dat al yn 'e tiid foar it kerstenen fan Armeenje in hillich plak wie. Dêrom krige it kleaster ek de namme Ajrivank ("Kleaster fan 'e Grot"). It earste kleaster waard yn 'e 9e iuw troch de Arabieren ferneatige. De hjoeddeiske gebouwen fan it kleaster geane werom op 'e 12e oant de 13e iuw, doe't it kleaster de namme Geghard krige (wat yn it Armeensk "spear" betsjut, in ferwizing nei in wichtich relikwy fan it kleaster).
Ajrivank hie yn 923 slim te lijen fan Nasr, in regint fan in Arabyske kalyf yn Armeenje. Hy liet it kleaster plonderje en stiek it yn 'e brân, wêrtroch't alle gebouwen ferlern gyngen.
Alhoewol't guon ynskripsjes werom geane op 'e jierren 1160, waard de haadtsjerke yn 1215 boud. Dat barde ûnder tafersjoch fan 'e bruorren Zakare en Ivane, de generaals fan keninginne Tamar fan Georgje, dy't it measte fan Armeenje op 'de Turken werom feroveren en de Zakarjan-dynasty stiften, dy't yn 'e 12e iuw as fazallen fan 'e keningen fan Georgje oer Armeenje hearsken. De gavit (de Armeenske narteks), foar in part frijsteand, stamt op syn lêst út 1225 en in tal kapellen, dy't yn 'e rotsen houd binne datearje út it midden fan 'e 13e iuw, doe't prins Prosj Khaghbakjan it kleaster yn hannen krige. Yn in koarte tiid ûnstiene der doe tal fan nije gebouwen yn 'e rotsen en waard it kleaster it plak dêr't de leden fan de prinslike famylje harren lêste rêstplak krigen. Yn 'e 13e iuw lieten de prinsen in yrrigaasjesysteem oanlizze yn Geghard. Yn dy tiid stie it kleaster ek bekend as it "Kleaster fan 'e Sân Tsjerken" en it "Kleaster fan 'e Fjirtich Alters".
Yn 1679 rekke it kleaster by in ierdskodding slim skeind. It bleau ferlitten en de haadtsjerke waard troch Karapapaken brûkt om dêr winterdeis harren fee yn ûnder te bringen. Nei't Ruslân Armeenje op it Ottomaanske Ryk ferovere waard it kleaster wer befolke mei in pear muontsen út Edzjmiatsin. Om it toerisme te befoarderjen waard it kleaster yn 'e 20e iuw restaurearre.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster wie ferneamd fanwegen de reliken dy't it besiet. It meast bekend wie wol de spear dy't Kristus oan it krús ferwûne. De tradysje wol ha dat de spear troch de apostel Taddéus yn Armeenje telâne kaam. De spear joech it kleaster de namme Geghard-avank (Kleaster fan de Spear), sa't it foar it earst yn 1250 dokumintearre stiet. De relikwy soarge foar troch de iuwen hinne foar in grutte stream pylgers. Yn 'e 12e iuw krige it kleaster ek reliken fan de apostels Andreas en Jehannes.
Yn Geghard binne gjin foarwerpen fan 'e tapaste keunst bewarre bleaun. Alline de legindaryske spear wurdt tsjintwurdich bewarre yn it museum fan it Edzjmiatsin.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster wurdt op 'e súdlike en eastlike kant troch gebouwen (13) omklamme. Op it heger lizzende noardlike diel hat it kleaster in muorre (12). Westlik biedt de kleau it kleaster in natuerlike beskerming. Súdwestlik is de haadpoarte (14) fan it kleaster. Oan 'e eastlike kant is noch in lytsere poarte (15).
De haadtsjerke (2) fan it kleaster is oan 'e Mem Gods wijd. It giet om in eastlik oriïntearre krúskoepeltsjerke mei fjouwer hoekkapellen en in tamboer mei in koanysk dak. De westlik oansletten gavit (3) is folle grutter as de tsjerke sels. Fjouwer swiere pylders ûnderstypje de bôgen, wêrmei't de gavit yn njoggen skesjes ferdield wurdt. Boppe de gruttere middenseksje is in iepening foar it ljocht.
Noardlik fan 'e haadtsjerke en de gavit binne mear tsjerken en gavits yn de rotsen houd. De earste rotstsjerke, de Avanzan-tsjerke, is fanút de noardwesthoeke fan 'e gavit tagongkilik. De tsjerke waard boud troch it fierder útholjen fan in grot, dêr't in boarne wie. De tsjerke hat in hast fjouwerkant grûnflak, weryn't mei pylders en bôgen in sintrale noch in fjouwerhoekige romte makke waard. Yn 'e koepel is in stalaktitenferwulft, sa't dat ek wol yn de islamityske arsjitektuer foarkomt. Yn it wetterbekken (Avazan) fan 'e tsjerke wurdt it wûnderdiedige wetter fan 'e boarne samle.
De noardeastlike hoeke fan 'e gavit jout de tagong yn it Zhamaton, in soarte fan gavit dy't foar it begraven tsjinnet. Yn 1283 waard it út de rotsen houd lykas ek de dêr efterlizzende rotstsjerke fan 'e famylje Prosjan. In twa meter brede trep en in tsien meter lange gong giet nei in oare gavit, dy't yn 1288 boppe oare grotten oanlein waard. Dêr steane de tombes fan 'e prinsen Merik en Grigor, oare tombes dy't der stien ha binne ferdwûn. Yn 'e noardeastlike hoeke fan it kleaster binne noch in tal lytse rotskapellen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gavit.
-
Krússtiennen.
-
Grotkerk.
-
Reliëfs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Geghard
|