Springe nei ynhâld

Gavit

Ut Wikipedy
Ynterieur fan de gavit fan it kleaster Sanahin

In gavit (Armeensk: գավիթ) of zjamatûn (Armeensk: ժամատուն) is in soarte fan narteks, dy't allinne yn de Armeenske arsjitektuer foarkomt. Fakentiden is in narteks westlik oanboud oan de tsjerke fan in kleaster. De gavit tsjinne net allinne as foarhal nei de tsjerke, mar waard eartiids ek brûkt as mausoleum en as seal om gear te kommen.

Foar it earst ûnstiene de gavit's as in typyske Armeenske narteks yn de 11e en 12 iuw. De gavit yn de earste styl waard boud yn it suden fan Armeenje yn de regio Sjûnik. Dêrnei ûnstie der in mear kompleksere gavit fan de twadde styl, yn kleasters lykas Saghmosavank, Haritsjavank of Hovhannavank. Tsjin it ein fan de 13e iuw ûntstie in tredde styl, sa't dy foarkomt by de kleasters Haghpat en Gandzasar.

Oan it ein fan de midsiuwen kaam der stadichoan in ein oan de bou fan gavit's.