Springe nei ynhâld

Goght

Ut Wikipedy
Goght
Գողթ
Bestjoer
Lânflagge fan Armeenje Armeenje
provinsjeKotajk
Sifers
Ynwennertal2.039 (2008)
Oerflak12.38 km2
Hichte1.600 m
Oar
TiidsôneUTC+4
Koördinaten40°8'N 44°46'E
Kaart
Goght (Armeenje)
Goght

Goght (Armeensk: Գողթ; earder Goghot) is in doarp yn 'e Armeenske provinsje Kotajk. It doarp leit op 'e rjochter igge fan 'e bopperin fan 'e Azat. Yn 13e-iuwske manuskripten wurdt it doarp Goghot neamd.

De bewenners libje fral fan 'e lânbou, fruittylt en it hâlden fan fee.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goght leit net fier fan Garni (bekend fan 'e timpel fan Garni) en oan 'e wei nei it Geghard-kleaster.

It doarp hat in lytse ruïnetsjerke út de 17e of 18e iuw. Oan 'e bûtenmuorren fan 'e tsjerke en by it alter binne in pear karakteristike Armeenske krússtiennen te sjen.

Goght sjocht út op in grutte kleau en oan 'e oare kant dêrfan leit it 11e- oant 13e-iuwske kleaster Havûts Tar (Alderheljenkleaster).

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Goght fan Wikimedia Commons.