Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim
Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim | ||
De yngong fan 'e Hillich-Grêftsjerke, yn East-Jeruzalim. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Patriargaat fan Jeruzalim | |
stifting | ±33 n.Kr. | |
ûnôfhinklik | 1054 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
erkenning | 1965 (Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
titel primaat | patriarch fan de Hillige Stêd Jeruzalim en Hiele Palestina | |
sit primaat | East-Jeruzalim (Palestina) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Hellenistysk Gryksk | |
ledetal | 500.000 (skatting) | |
webside | www.jerusalem-patriarchate.info |
De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't teffens bekend is as it Gryksk-Otterdokse Patriargaat fan Jeruzalim en as de Jeruzalimsk-Otterdokse Tsjerke (offisjeel, Gryksk: Πατριαρχεῖον Ἱεροσολύμων, Patriarcheion Hierosolymōn, "Patriargaat fan Jeruzalim"; yn it Arabysk ûnder de namme: كنيسة الروم الأرثوذكس في القدس, Kanīsa ar-Rūm al-Ūrṯūḏuks fī al-Quds, "Tsjerke fan de Gryksk-Otterdoksen fan Jeruzalim"). Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e (Gryksk-otterdokse) patriarch fan de Hillige Stêd Jeruzalim en Hiele Pastina, dy't residearret yn 'e Hillich-Grêftsjerke, yn it Palestynske East-Jeruzalim. It is it jongste fan 'e fjouwer histoaryske patriargaten fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, en it erkent it nominale oekumenyske gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel. De tsjerke brûkt it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal, en hat nei skatting sa'n heal miljoen leden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim giet werom op 'e kristlike gemeente dy't neffens de Hannelingen fan de Apostels, yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel, te Jeruzalim stifte waard troch de tolve oarspronklike apostels nei de útstoarting fan 'e Hillige Geast ûnder it Pinksterfeest, yn it jier 33 of dêromtrint. Foàr de ferovering fan Jeruzalim en de ferwuostging fan 'e joadske Timpel troch de Romeinen, yn it jier 70, ûntflechten de kristenen de stêd en sochten se beskûl yn Pella, yn 'e Transjordaanske Dekapolis, dêr't se bleaune oant likernôch 130.
Tsjin 'e tiid fan 'e Joadske Bar Kochba-opstân (132-136) wiene de kristenen weromkeard nei Jeruzalim. Om 'e Joaden te straffen, makken de Romeinen de stêd, nei't se de opstân delslein hiene, ta in Romeinske koloanje en waard it omneamd ta "Aelia Capitolina". It grutste part fan 'e joadske befolking fan Judeä waard ta slaaf makke en rekke fersille oer it hiele Romeinske Ryk. Mei't it Romeinske regear de kristenen as in joadske sekte beskôge, waarden sy it slachtoffer fan deselde represaillemaatregels. Yn Jeruzalim bleau mar in lytse kristlike minderheid oer, dy't lykwols trochgie mei it oanstellen fan eigen biskoppen. De earste sechstjin dêrfan (fan Jakobus de Rjochtfeardige oant Judas Kyriakos) wiene Joaden, wylst alle oaren, begjinnend mei Markus, yn 135, fan oar etnysk komôf wiene.
Oarspronklik wiene de biskoppen fan Jeruzalim ûnderhearrich oan 'e metropoliten fan Sesaréa, en dy sitewaasje bestie yn elts gefal fuort oant it Earste Konsylje fan Nikéa, yn 325. Op it Konsylje fan Galsedon, yn 451, waard de biskop fan Jeruzalim ferheft ta de rang fan patriarch, de fyfde fan 'e Tsjerke (nei dy fan Rome, Antiochië, Aleksandrië en Konstantinopel). De reden dêrfoar wie de histoaryske betsjutting dy't Jeruzalim foar it kristendom hie, mar ek de bou fan ymposante tsjerken en de bekearing suver de hiele befolking fan Palestina.
Nei't Jeruzalim yn 614 troch de soaroästryske Perzen ferovere en plondere wie, wêrby't withoefolle tsjerkeskatten ferlern gien wiene, moast patriarch Sofroanius de stêd yn 637, nei in lang belis, oerjaan oan 'e islamityske Arabieren fan kalyf Omar. Dêrby wist er lykwols it saneamde Konvenant fan Omar te betingjen, wêryn't de rjochten fan 'e kristenen yn Jeruzalim fêstlein wiene. In gefolch fan it islamitysk bestjoer wie dat ôfspjalte kristlike denominaasjes har no yn Jeruzalim bejaan koene sûnder troch de "Memmetsjerke" ferfolge te wurden. Yn dat ljocht moat de oanstelling fan 'e earste biskop fan Jeruzalim fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke, yn 638, sjoen wurde.
Yn 'e iuwen fan islamitysk bewâld hiene de kristenen yn Jeruzalim by weagen slim te lieden ûnder ferfolgings, benammen ûnder it regear fan 'e fatimidyske Egyptyske kalyf Al-Hakim bi-Amr Allah (1007-1009), dy't nei alle gedachten skizofreen wie, en wol de "Nearo fan Egypte" neamd wurdt fanwegen syn ûnmeilydsume dieden. Op syn befel waard û.m. de Hillich-Grêftsjerke ferwuostge. Ek joaden waarden ûnder syn bewâld slim tramtearre en ferfolge. Letter yn 'e alfde iuw stie kalyf Ali az-Zahir ûnder de kêsten fan in ferdrach mei it Byzantynske Ryk ta dat de kristlike hillichdommen yn Jeruzalim wer opboud waarden.
De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim ûntstie as in selsstannige tsjerke troch it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't de eastersk-otterdokse tsjerken harren losmakken fan 'e Westerske Tsjerke. Yn 1099, ûnder de Krústochten, foel Jeruzalim yn 'e hannen fan westerske krúsfarders, dy't ûnder de befolking noch skrikliker húsholden as dat ûnder islamityske hearskers ea dien wie, en dêrby boppedat gjin ûnderskie makken tusken moslims, joaden of easterske kristenen. Hja ferballen de Gryksk-otterdokse patriarch en ynstallearren in roomsk-katolikenien. Hast in iuw lang residearren de Gryksk-otterdokse patriargen fan Jeruzalim te Konstantinopel, oant yn 1187 de krúsfarders en harren Latynske patriarch troch Saladin út Jeruzalim ferdreaun waarden. De Roomsk-Katolike Tsjerke hat mear as 900 jier in titulêre patriarch fan Jeruzalim fan 'e Latynske liturgy beneamd (dy't fan 1847 ôf, mei Osmaanske goedkarring, ek wer yn Jeruzalim residearre), oant dy tradysje yn 1964 ôfskaft waard foarútrinnende op 'e fermoedsoening, yn 1965, tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Gryksk-otterdokse tsjerken.
Resinte kontroverse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 waard patriarch Irenaios ôfsetten troch de Hillige Synoade fan Jeruzalim om't er grûn yn East-Jeruzalim dy't ta it tsjerkebesit hearde, ferkocht hie oan Israelyske projektûntwikkelders sûnder dêr de rest fan 'e tsjerkelieding oer te rieplachtsjen. In synoade fan alle Gryksk-otterdokse tsjerken yn it Turkske Istanbûl keas foar him yn it plak Teofilos III, de aartsbiskop fan Tabor, ta de 141ste patriarch fan Jeruzalim. It Israelyske regear wegere lykwols om Teofilos as patriarch te erkennen, ek al wie syn oanstelling in unanime beslissing fan in yntertsjerklike synoade.
Mar net allinnich hold Israel steech oan syn wegering fêst, it befrear ek alle banktegoeden fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim, sadat it ûnderhâld fan 'e hillichdommen en it patriargale skoalsysteem mei 40.000 learlingen net mear betelle wurde koe. Boarnen yn it patriargaat wolle hawwe dat dit mar ien foarbyld is fan 'e systematyske kampanje dy't de Israelyske steat sûnt syn oprjochting yn 1948 fierd hat om it miljoenen dollars wurdige grûnbesit fan 'e tsjerke yn 'e hannen te krijen. Op 4 febrewaris 2007 berjochte de Israelyske krante Ha'aretz dat twa Israelyske ministers út namme fan it Israelysk regear oanbean hiene om Teofilos te erkennen yn ruil foar it opjaan fan ferskate kostbere tsjerkebesittings. De patriarch stegere it útstel lykwols ôf en wist úteinlik yn desimber 2007 by it Israelyske Heechgerjochtshôf de erkenning fan syn oanstelling ôf te twingen.
Oanhing en fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim beslacht Israel, de Palestynske gebieten en Jordaanje, en hat nei skatting sa'n 500.000 leden. Foar it grutste part hearre dy ta de etnysk Arabyske befolking fan 'e Jordaandelling en Galileä, mar ek binne der Russen, Oekraïners, Roemenen en Georgiërs, dy't yn 'e regel mei harren joadske famyljeleden nei Israel emigrearre binne. De geastlikheid fan 'e tsjerke bestiet frijwol hielendal út etnyske Griken, dy't ornaris Grykske steatsboargers binne. Dat hat in twaspjalt yn 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Jeruzalim ta gefolch hân, mei't de Grykske geastlikheid fier ôfstiet fan 'e Arabyske leauwenden (bgl. troch fêst te hâlden oan it gebrûk fan it Gryksk as tsjerketaal, wylst frijwol gjin Arabier dat machtich is). Sadwaande besteane der strideraasjes sûnder ein tusken de Arabyske mearderheid, dy't in Arabyske tsjerke hawwe wol, of alteast yn 'e eigen tsjerke net as twadderangsleden behannele wurde wol, en de geastlikheid, dy't alles hâlde wol sa't it is, en dêrby stipe wurdt troch it Grykske regear en it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|