Amazônebekken

Ut Wikipedy
Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
It Amazônebekken

It Amazônebekken, Amazônegebiet, Brazyljaansk leechlân of Leechlân fan de Amazône neamd, is it drainaazjebekken fan de Amazône en har sydrivieren. It is in grut gebiet yn it noarden fan Súd-Amearika dat foar it grutste part yn it noarden fan Brazylje leit, mar foar in part ek yn Fenezuela, Kolombia, Perû, Bolivia, Guyana en Suriname. It totale oerflak is goed 4,5 miljoen kante kilometer.