Aartsbisdom Berlyn
Aartsbisdom Berlyn | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Katedraal | Sint-Hedwigkatedraal | |
Patroanhillige | Hedwig fan Sileezje | |
Hiemside | www.erzbistumberlin.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | as bisdom: 13 augustus 1930 as aartsbisdom: 27 juny 1994 | |
Hierargy | ||
Aartsbiskop | Heiner Koch | |
Statistyk | ||
Oerflak | 31.200 km² | |
Dekenaten | 0 (2021) | |
Parochy's | 75 (2021) | |
Lokaasje aartsbisdom yn Dútslân. |
It aartsbisdom Berlyn (Dútsk: Erzbistum Berlin; Latyn: Archidioecesis Berolinensis) omfiemet Berlyn en stikken fan 'e dielsteat Brandenburch en it Foarpommerske diel fan Meklenburch-Foarpommeren yn Dútslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske aartsbisdom ûntstie yn 'e tiid fan 'e Weimarrepublyk op 13 augustus 1930 as bisdom. It protestantske Prusen woe earder gjin biskop yn harren haadstêd en de katoliken fan it gebiet foelen doe noch ûnder it bisdom Breslau. Ut gebieten fan 'e histoaryske bisdommen Havelberch, Brandenburch, Kammin en Lebus waard it nije bisdom Berlyn gearstald. De earste biskop fan it bisdom waard Christian Schreiber, earder de biskop fan Meißen.
It eastlike diel fan it bisdom kaam nei 1945 troch de grinsferkowing yn Poalen te lizzen. Earst op 27 juny 1972 paste Paulus VI mei de apostoalyske konstitúsje Episcoporum Poloniae coetus de grinzen oan 'e aktuele sitewaasje oan. It diel fan it bisdom dat eastlik fan 'e Oder-Neissegrins yn Poalen leit waard ôfsplitst. Sûnt wie it bisdom Berlyn gjin ûnderdiel mear fan it aartsbisdom Breslau.
Op 27 juny 1994 waard it bisdom Berlyn in aartsbisdom mei as suffragaanbisdommen Dresden-Meißen en Görlitz.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadtsjerke fan it aartsbisdom is de Sint-Hedwigkatedraal yn Berlyn.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e fjouwer fjilden fan it wapen fan it aartsbisdom wurde de eardere wapens fan de bisdommen Havelberch, Brandenburch, Kammin en Lebus wjerjûn.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aartsbisdom Berlyn fan Wikimedia Commons. |
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Bisdom Aken • Bisdom Augsburg • Aartsbisdom Bamberg • Aartsbisdom Berlyn • Bisdom Dresden-Meißen • Bisdom Eichstätt • Bisdom Erfurt • Bisdom Essen • Aartsbisdom Freiburg • Bisdom Fulda • Bisdom Görlitz • Aartsbisdom Hamburch • Bisdom Hildesheim • Aartsbisdom Keulen • Bisdom Limburch • Bisdom Magdeburg • Bisdom Mainz • Aartsbisdom München en Freising • Bisdom Múnster • Bisdom Osnabrück • Aartsbisdom Paderborn • Bisdom Passau • Bisdom Regensburg • Bisdom Roottenburg-Stuttgart • Bisdom Spiers • Bisdom Trier • Bisdom Würzburg | |
Eardere bisdommen | Aartsbisdom Bremen • Bisdom Halberstadt • Prinsbisdom Lübeck • Bisdom Minden • Bisdom Verden | |
· · |