Springe nei ynhâld

Bisdom Magdeburg

Ut Wikipedy
Bisdom Magdeburg
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
AartsbisdomPaderborn
BiskopssitMagdeburg
KatedraalSint-Sebastiaankatedraal
PatroanhilligeSint-Norbertus, Sint-Mauritius, Sint-Gertrudis
Hiemsidewww.bistum-magdeburg.de
Skiednis
Oprjochting1994
Hierargy
BiskopGerhard Feige (2024)
Statistyk
Oerflak23.208 km²
Befolking2.587.000 (2016)
Wêrfan katolyk76.223 (2021; 2,9 %)
Dekenaten0 (desimber 2024)
Parochy's44 (desimber 2018)
Lokaasje bisdom Magdeburg yn Dútslân
Lokaasje bisdom Magdeburg yn Dútslân

It bisdom Magdeburg (Dútsk: Bistum Magdeburg; Latyn: Dioecesis Magdeburgensis) is in roomsk bisdom yn it easten fan Dútslân yn 'e tsjerkeprovinsje tsjerkeprovinsje Paderborn. It is neffens it oantal katoliken in tige lyts bisdom en it op ien nei lytste bisdom fan it lân, wylst it bisdom wat oerflak oanbelanget it op trije nei grutste bisdom is.

It yn 1994 oprjochte bisdom leit yn 'e hiele dielsteat Saksen-Anhalt (mei útsûndering fan Havelberg) en dielen fan 'e dielsteaten Brandenburch en Saksen. Mei Tueringen en Nedersaksen foarmje de grinzen fan 'e dielsteaten ek de grins fan it bisdom. It bisdom is in suffragaan bisdom fan 'e tsjerkeprovinsje Paderborn. Biskopstsjerke is de Sint-Sebastiaankatedraal fan Magdeburg. Karakteristyk foar it bisdom is it ekstreem lege tal katoliken yn it gebiet.

By in reorganisaasje yn 2023 waarden alle dekanaten fan it bisdom Magdeburg opheft. Dêrfoar binne 11 pastorale regio's yn it plak kommen. De yngreep wie needsaaklik fanwegen de tanimmende personiele krapte yn it bisdom.[1]

Apostoalysk administrator

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje