Springe nei ynhâld

Bisdom Augsburg

Ut Wikipedy
Bisdom Augsburg
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
AartsbisdomMünchen en Freising
BiskopssitAugsburg
KatedraalDom fan Augsburg
PatroanhilligeUlrik, Afra en Simpert
Hiemsidebistum-augsburg.de
Skiednis
Oprjochting6e iuw
Hierargy
BiskopBertram Meier (sûnt 2020)
Statistyk
Oerflak13.250 km²
Befolking2.475.000 (31.12.2021)
Wêrfan katolyk1.183.000 (31.12.2022; 47,8 %)
Dekenaten23
Parochy's1033 (31.12.2019)
Lokaasje bisdom Augsburg yn Dútslân.
Lokaasje bisdom Augsburg yn Dútslân.

Bisdom Augsburg (Dútsk: Bistum Augsburg, Latyn: Dioecesis Augustana Vindelicorum) is in roomsk-katolyk bisdom mei de haadsit yn Augsburg. It bisdom falt ûnder it aartsbisdom München en Freising en beslacht it súdwestlike diel fan 'e Dútske dielsteat Beieren.

Augusta Vindelicum (Augsburg) wie de haadsstêd fan 'e Romeinske provinsje Raetia secunda en yn dy tiid sil it kristendom dêr ûntstien wêze. Afra fan Augsburg wie in ierkristlike frou, dy't yn it jier 304 de martlerdea ferstoar. Hja is patroanhillige fan 'e stêd Augsburg en it bisdom Augsburg.

Der binne oanwizings út it jier 565 dat der doe al in bekende Afra-ferearing bestie, dy't mear as regionaal wie. Der kin oannommen wurde dat ek nei de fal fan 'e Romeinske oerhearsking in kristlike mienskip bestean bleau. Opgravings by de domtsjerke fan Augsburg wize op in earste biskopstsjerke yn dy tiid.

De earste biskop fan Augsburg dy't by skiedkundigen mei wissichheid bekend is, is biskop Wikterp (ek Wigbert of Wiggo), dy't yn 772 stoar. Under it bestjoer fan biskop Simpert ûntstiene om it jier 800 hinne de benediktynske kleasters Benediktbeuern, Wessobrunn en Ottobeuren.

Patroanhilligen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De patroanhilligen fan it bisdom binne biskop Ulrik, Sint-Afra en biskop Simpert.

Domtsjerke fan it bisdom.

De domtsjerke fan Augsburg (of de Marije-Fisitaasjedom) is de katedraal fan it bisdom Augsburg. It is tagelyk de stedstsjerke fan 'e Hillich Hert fan Jezus-parochy.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Augsburg fan Wikimedia Commons.
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje