Springe nei ynhâld

Bisdom Görlitz

Ut Wikipedy
Bisdom Görlitz
Bistum Görlitz
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
AartsbisdomBerlyn
BiskopssitGörlitz
KatedraalSint-Jakobuskatedraal
PatroanhilligeHedwig fan Sileezje
Hiemsidewww.bistum-goerlitz.de
Skiednis
Oprjochting1994
Hierargy
BiskopWolfgang Ipolt (2024)
Statistyk
Oerflak9.733 km²
Befolking703.190 (31.12.2018)
Wêrfan katolyk29.671 (31.12.2018; 4,2 %)
Dekenaten3 (31.12.2012)
Parochy's17 (31.12.2018)
Lokaasje bisdom Görlitz yn Dútslân
Lokaasje bisdom Görlitz yn Dútslân

It bisdom Görlitz (Dútsk: Bistum Görlitz; Latyn: Dioecesis Gorlicensis) is in roomsk bisdom yn it easten fan Dútslân oan 'e Poalske grins yn 'e tsjerkeprovinsje Berlyn. It is neffens it oantal katoliken fierwei it lytste bisdom fan it lân.

Nei de reformaasje wie it katolisisme yn Kar-Brandenburch, yn Neder-Lausitz en yn it noardeastlike diel fan Opper-Lausitz hast folslein fuortfage. Allinne it sistersjinzerske kleaster Neuzelle en de parochy's Jauernick en Wittichenau bleaune roomsk. Mei't yn it ramt fan it Kongres fan Wenen yn 1815 in grut part fan Lausitz oan Prusen tafoel, waard it gebiet fan it hjoeddeiske bisdom mei de bul De salute animarum by it bisdom Breslau yndield.

Op 28 juny 1972 waard de apostoalyske prefektuer Görlitz út gebieten fan it aartsbisdom Breslau (hjoed-de-dei: Wrocław) oprjochte. Op 27 juny 1994 krige it de status fan bisdom.

Apostoalysk administrator

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje