Koardesân
Koardesân (Deensk: Koresand) is in hege sânbank yn Noardfryslân, yn it Deenske part fan de Waadsee. It leit súdwestlik fan Mandeach, oare kant de Mandeach-ril. Fierder nei it noarden leit Faaneach; súdlik leit Romeach, oare kant it Jûvredjip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1643 wurdt it sân foar it earst neamd, op in kaart fan it Hartochdom Sleeswyk. Mandeach is it noardlikste Sleeswykske eilân, en sanden west dêrfan binne, skreaun troch de kaartemaker yn de stavering fan syn tiid, Uthkaarsandt en Indkaarsandt, dat wol sizze: Bûten Koardesân en Binnen Koardesân. Yn dy tiid, nei 1558 doe't Mandeach troch in stoarm yn twaen bruts, binne it twa stikken waad, fan elkoar en fan it waad om Mandeach hinne skieden troch rillen. Op lettere kaarten wurdt allinnich Binnen Koardesân noch oanjûn, dat dan hjit it fan allinnich mar Koardesân. It wurdt dan al mear in eilân.
Yn dy tiid hat der ek in wier op it eilân west, oant it stuit yn de 19e iuw dat it eilân nei ferskate stoarmfloeden troch de bewenners ferlitten waard. Oan it begjin fan de 20e iuw wie it meastepart fan Koardesân waad. Yn de rin fan de iuw is de sânplaat grutter wurden, oant in rûsde 20 kante kilometer oan de ein fan de iuw.
Waakst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de teory fan Niels Kingo Jacobsen foarmet it Koardesân de waakst fan Mandeach nei de blânskurve fan de Deenske Waadsee. Dêr is it noch net krekt oan ta, dat de plaat soe noch grutter wurde moatte. Dat bart ek, en op it stuit (2009) is it Koardesân mei likernôch 30 kante kilometer ien fan de grutste sânbanken fan de Waadsee.
Natoer en toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de simmermoannen wurde der waadrintochten nei de sânbank organisearre en ek tochten mei kapweinen fan Mandeach nei Koardesân. Dat kin ek goed om't de Mandeach-ril no by ebbe hielendal drûch falt. Op Koardesân is faak in soad barnstien te finen, trochdat de plaat by stoarm faak oerspield wurdt. Dat is ek wat oant no ta de plantewaakst tsjinhâld. Oan de súdkant fan it eilân binne faak seehûnen te sjen. It is no in reservaat wurden, mar it is al noch in goed stee om mei in fierker nei de bisten te sjen. Oan de westkant fan de plaat briedt sûnt 2007 in lyts groepke stirnzen.
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |