Springe nei ynhâld

Aldjiersploech

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jan 2011 om 11.31 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In âldjiersploech, of âldjiersferiening, is in ploech dy't benammen om Ald en Nij hinne aktyf is. Yn de measte gefallen giet it om in ploech, net-troude, manlju. Aldjiersferienings helje om Ald en Nij hinne âldjiersstunts út of dogge oare aktiviteiten foar it eigen doarp. It ferskynsel âldjiersferiening komt it meast foar yn de doarpen fan Súdeast-Fryslân, en oer de grins yn Grinslân en Drinte.