Springe nei ynhâld

Vesuvius (âldjiersploech)

Ut Wikipedy
Vesuviusklup (2010)

De Vesuviusklup Elsloo is in aldjiersploech dy 't oprjochte waard troch in tal frijfeinten út Elslo op 3 jannewaris 1965. De namme komt fan de fulkaan Vesuvius by Napels yn Itaalje. De hellingen dêrfan kinne tige fruchtber wêze, mar kin ek fjoer spije. Sa wol de feriening ek wêze, besykje om fruchtbere ideeën te krijen dy't ferbân hâlde mei Elslo en omkriten, mar as it nedich is kinne se har lilk meitsje en út de slof sjitte. Sûnt de oprjochting ferrast de ploech ferienings en ynstâansjes. Der wurdt dan ek in stunt betocht dy't bestiet út it tydlik 'lienen' fan in objekt om sa de oandacht te lûken. Dat objekt hat altiten te krijen mei eat dat yn it doarp bard is, posityf of negatyf. It objekt, "de stunt", wurdt tradysjegetrou oan de befolking toand yn it doarpskafee.

Ferbettering leefklimaaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vesuvius organisearre yn it ferline al ferskate aksjes foar natoer, eksposysjes, merken en feestjûnen. Om it jier wurdt der in fjouwerdeisk tintefeeest organisearre mei bekende artysten. Ek wurde der solexraces hâlden yn meardere klasssen, mei as spesjaliteit de doarpsklasse. Mei de Peaskedagen wurde in soad takken riden om in peaskebult te meitsjen.

  • 1965/66: Taspraak by de linebeam yn de buorren.
  • 1966/67: Kwis, organisearre by it kafee.
  • 1967/68: Der waarden seis paadwizersboerden en in blombak oanbean.
  • 1968/69: Plaknammeboerden Easterwâlde liend.
  • 1969/70: Gjin stunt.
  • 1970/71: Gemeentewapen fan it Limburchske Elsloo.
  • 1971/72: Oanbieden spulmateriaal foar Maeykehiem.
  • 1972/73: ABE-LUTZ kuorbal beker.
  • 1973/74: Antike brânspuit Easterwâlde
  • 1974/75: Plaknammeboerden út Elsloo yn Limburch.
  • 1975/76: Gjin stunt
  • 1976/77: Gjin stunt
  • 1977/78: Gjin stunt
  • 1978/79: Gjin stunt
  • 1979/80: Boarstbyld eareboargemaster Deinum (Belgje)
  • 1980/81: Gjin stunt
  • 1981/82: Multifunksjoneel sintrum út Madurodam
  • 1982/83: Gjin stunt
  • 1983/84: Ellert en Brammert
  • 1984/85: Gjin stunt
  • 1985/86: 16 Plaknammeboerden út Hilfertsom
  • 1986/87: Ut Legolân yn Denemark in lego-byld.
  • 1987/88: Doarpswinkel beset en behoede foar sluting
  • 1988/89: Gjin stunt
  • 1989/90: Gjin stunt
  • 1990/91: Kommissaris fan de keninginne Hans Wiegel nei Elsloo helle om tegearre mei boargemaster Lesterhuis de minne steat fan de Peperstrjitte te besjen.
  • 1991/92: Waaksenbyld fan Gorbatsjov út Madame Tussaud.
  • 1992/93: Middenstip fan SK It Hearrenfean.
  • 1993/94: Gjin stunt.
  • 1994/95: Gjin stunt
  • 1995/96: Toekan by Motel Van der Valk yn Spier.
  • 1996/97: Gjin stunt.
  • 1997/98: Reedridersbyld "Us Klaziena" út Aldeleie.
  • 1998/99: Boargemasterstoel fan Ed Nijpels út Breda.
  • 1999/00: Gjin stunt.
  • 2000/01: Brûnzen byld fan Rinus Michels.
  • 2001/02: Brûnzen byldsje fan muzikant Jan Mol.
  • 2002/03: Buordsje fan abbekatekantoar "Anker en Anker".
  • 2003/04: Grut hoefizer.
  • 2004/05: Gjin stunt.
  • 2006/07: In grut ljochtboerd fan Nightclub De Woeste Hoeve.
  • 2007/08: Byld fan Jip en Janneke út Zaltbommel.
  • 2008/09: Gjin stunt.
  • 2009/10: Skeppe út Inkhuzen
  • 2010/11: Stânbyld fytsende Keninginne Beatrix

Op de gearkomsten fan Vesuvius waard nei ôfrin gauris "meksikaantsje" (yn Elso útsprutsen as macken) spile, mei dobbelstienen. It is útrûn op in Mack-kompetysje. Wa't nei in jier fergaderjen de measte Mackjes goait wint de “Master of the Mackies” Bokaal, wa't it faakst ferliest wint de Beerenburchbokaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: