Stikem Mei Alles
Appearance
(Trochferwiisd fan Stikem mei Alles)
Stikem Mei Alles is de Aldjiersploech fan Nyegea.
Yn 2010-2011 waard de heisa om de Alvestêdetocht op it harspit nommen. Benammen Hollanners begjinne al nei in pear dagen froast oer De Tocht der tochten en dat wie de ploech net nei 't sin. It rûteboerd fan de Bonkefeart waard dêrom fuorthelle en waard ferfongen troch de tekst De elfstedenkoorts gaat ons wat te vlug. Met 15 centimeter ijs brengen we het bord terug. Op Nijjiersdei stie it rûteboerd efter it doarpshûs fan Nyegea mei de plaknammebuorden fan de Fryske alve stêden der by.