De Nachtdravers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Nachtdravers is in Aldjiersploech fan Donkerbroek.

De ploech is yn 1968 oprjochte mei as doel it fandalisme by Ald- en Nij tsjin te gean. It is sûnttiids útgroeid ta in feriening dy't him ynset foar it doarp. Yn 2010 is ek in Simmerfeest organisearre yn de foarm fan in Seiskamp. Elk jier wurdt in jefte oan it doarp jûn, de âlderein en de siken krije elk jier in presintsje of in roas. Op Aldjiersdei wurdt in bernemiddei opsetten en jouwe De Nachtdravers nei de jierwikseling in sjo op de brêge. Nijjiersdei wurdt ôfsluten mei in doarpsfeest.