Springe nei ynhâld

De Takkebienders

Ut Wikipedy

De Takkebienders is de Aldjiersferiening fan Nijeholtpea.

Se sette aksjes op om Ald en Nij te fieren mar ek simmerdeis binne der aktiviteiten as sint Pankoek en it gersfollybaltoernooi. Yn de earste jierren waard ek in Peaskebult makke. De Takkebienders kamen yn 1991 foar de earste kear byinoar. De fyftjin leden betochten ek de namme. Destiids wie der al sprake fan dat der in byld yn it doarp komme soe dat it berop fan in soad âldere manlju, takkebynder útbyldzje moast. Letter die lykwols bliken dat dit byld de Takkemeaker as namme krige.