De Oliebol
De Oliebol is de Aldjiersploech fan Vledder. De feriening waard oprjochte yn 1994 mei as doel in grut feest te hâlden by Ald en Nij lykas doarpen yn de omkriten. It earste feest waard hâlden yn restaurant-sealesintrum De Tippe. De earste stunt fan de ploech wie it weiheljen fan de middenstip fan de fuotbal-feriening yn Elslo. De Vesuviusploech út dat doarp hie it jier dêrfoar de middenstip út it âlde Abe Lenstra stadion fan SK It Hearrenfean helle. De middenstip fan fuotbalferiening OZC waard dêrnei helle om oandacht te freegjen foar de minne fjiolden yn Vledder. Dêrby woe De Oliebol saa kontakt lizze mei har foarbyld de Vesuvius. Doelstelling fan de ploech wie fersterkjen fan it doarpsgefoel, minder fernielings mei Ald en Nij en it berikken fan jongelju berikke foar ferskate aktiviteiten.
Stunts (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2010: Aksjekaravan fan FNV Bondgenoten
- 2009: Brûnzen byld Paulus de Boskkabouter
- 2008: Ellert en Brammert
- 2007: Houten giraffe, tigers en pinguins fan it Noorder Dierenpark Emmen
- 2006: ‘Kos met de Snor’ út Het Land van Ooit
- 1997: ‘All you need is love’ karavan út it programma fan presintator Robert ten Brink
- 1996: út elke provinsje fan Nederlân in plaknammeboerd mei dêryn it wurd ‘groen’
- 1995: de middenstip fan fuotbalferiening OZC
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |