Springe nei ynhâld

Fryslân (Nedersaksen)

Ut Wikipedy
Lokaasje fan Landkreis Friesland

Landkreis Friesland is in Landkreis of distrikt yn it noardwesten fan Nedersaksen. Yn it westen grinzget it oan Wittmund; yn it noarden leit de Noardsee. Eastlik lizze de Jade en de Jadeboezem; der tuskenyn grinzget it oan de stêd Wilhelmshaven. Yn it suden leit Wesermarsch, it Ammerlân en Leer. Steatkundich sjoen heart ek it eilân Wangereach by Landkreis Friesland..

Skiednis

De Landkreis is ûntstien oant yn 'e 15e iuw. Yn 1438 waard de de hearlikheid Jever stifte, dy't in grutte ynfloed hie op East-Fryslân. De lêste persoan dy hearsker fan dit diel fan Fryslâm wie, wie Maria fan Jever, oant 1575.

Nei it ferstjerren fan Maria fan Jever kaam Jever ûnder it regear fan Aldenboarch. Fan 1667 oant 1793 waard dat Anhalt-Zerbst, doe Ruslân, en yn de Frânske tiid earst Frankryk en doe Nederlân. Fan 1818 ôf wie Jeverland wer in part fan Aldenboarch.

It hjoeddeiske distrikt Friesland, dat yn 1939 oprjochte waard, is nei it suden grutter as it histoaryske gebiet.

Geografy

It distrikt Friesland leit yn it easten fan 'e histoaryske regio East-Fryslân. Skiedkeundich kin it distrikt ta it histoaryske Fryske gebiet rekkene wurde, mar steatkundich hat it mar koart part west fan it greefskip East-Fryslân.

It meast foarkommende lânskip binne de sompen, ek fean hat it lânskip hjir bepaald.

Wapen

Wapen fan Landkreis Friesland.

De liuw komt fan it wapen fan Jever; it wie in symboal fan 'e heerlikheid Jever, dy't bestean hat fan 1438 oant 1575. De haadkleur fan it wapen is azuerblau. Op it wapen is in liuw ôfbylde en twa âld-Grykske krusen

Stêden en gemeenten

Stêden Gemeenten
  1. Jever
  2. Schortens
  3. Varel
  1. Bokhorn
  2. Sande
  3. Wangerlân
  4. Wangereach
  5. Zetel

Keppeling om utens

Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje