Springe nei ynhâld

Ammerland

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ammerlân)
Ammerlân
wapen
Statistyk
Ynwennertal 128.253 (2022)[1]
Oerflak 730,64 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Oar
Adres bestjoer Ammerlandallee 12
26655 Westerstede
Koördinaten 53° 13' N 8° 0' E
Oprjochting 1933
Yndieling 6 gemeenten
Kenteken WST
NUTS-koade DE946
Kreiskaai 03 4 51
Webside ammerland.de

Ammerland (Ammerlân) is in lânkring yn it Dútske bûnslân Nedersaksen. Bysûnder wie dat der oant de ferliening fan 'e stedsstatus oan it haadplak Westerstede op 28 maaie 1977 gjin inkeld plak yn 'e lânkring de status fan stêd hie.

Lang bleau in grut diel fan it Ammerlân isolearre as in eilân yn in see fan ûnbegeanber heechfean. Ek no is fral it easten en suden noch in wiidsk lânskip, beammen binne der net in soad. Wynmûnen ûnderbrieken it flakke lânskip en fan 'e 47 mûnen oan it begjin fan 'e 20e iuw binne der hjoeddedei noch njoggen bewarre bleaun. It grutste diel fan it lân wurdt tsjinwurdich brûkt as greide. De geastgrûnen fan it Ammerlân dêrfoaroer binne tradisjoneel in mingeling fan lytse boskjes, ikkers en hagen en hawwe de skaaimerken fan in parklânskip.

De lânkring Ammerlân grinzget fanút it noarden mei de klok mei oan 'e lânkringen Fryslân, Wesermarsch, de selsstannige stêd Aldenburch en de lânkringen Oldenburg, Kloppenburch en Lier.

Alhoewol't de Noardseekust sa'n 40 kilometer fierderop leit, wurdt it westlike diel fan Ammerland noch beynfloede troch it tij. De rivieren Leda en Jümme ferbine it Ammerlân mei de Iems en sadwaande yndirekt mei de Noardsee.

It Ammerlân waard foar it earst yn 'e 10e iuw neamd. Oannommen wurdt dat de namme is ôflaat fan ameri, dat sompe betsjut. Yn 'e tiid dat de Wytsings binnenfoelen waarden der lytse, ringfoarmige kastielen boud om de delsettings te beskermjen.

Foar in lange tiid wie der net in soad ynteresse yn 'e sompige regio. Yn 'e 14e iuw waard it ûnderdiel fan it greefskip Aldenburch. De greven lieten bolwurken yn 'e krite bouwe, dy't de grins foarmen mei de Friezen.

De lânkring Ammerlân waard yn 1933 stifte en folget rûchwei de grinzen fan 'e histoaryske regio.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânkring is ûnder te ferdielen yn seis Einheitsgemeinden (ienheidsgemeenten). Dêrmei is de lânkring Ammerland ien fan 'e lânkringen mei de minste gemeenten fan it lân. De iennige stêd is (sûnt 1977) it haadplak Westerstede.

Gemeenten fan de lânkring Ammerlân.
Stêd Gemeenten
  1. Westerstede
  1. Apen
  2. Bad Zwischenahn
  3. Edewecht
  4. Rastede
  5. Wiefelstede

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Ammerland.


Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje