Súd-Austraalje
Súd-Austraalje South Australia | |
---|---|
flagge | wapen |
Ingelsk: South Australia ("Súd-Austraalje") | |
lokaasje yn Austraalje | |
algemien | |
ôfkoarting | SA |
lân | Austraalje |
status | steat |
haadstêd | Adelaide |
grutste stêd | Adelaide |
sifers | |
ynwennertal | 1.806.599 (2021) |
befolkingstichtens | 1,7 / km² |
oerflak | 1.043.514 km² (ynkl. wetter) 983.482 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+9½ (S.T. UTC+10½) |
webside | www.sa.gov.au |
Súd-Austraalje (Ingelsk: South Australia) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It beslacht it middensuden fan it lân, en rint fan it hert fan 'e Australyske woastyn, yn it noarden, oan 'e kust fan 'e Grutte Australyske Bocht ta, yn it suden, dy't diel útmakket fan 'e Súdlike Oseaan. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Adelaide. Mei 12,8% fan it nasjonaal grûngebiet is Súd-Austraalje yn grutte it fjirde Australyske gewest (nei West-Austraalje, Queenslân en it Noardlik Territoarium). Lykwols is it oergrutte part fan 'e steat mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út 2022 hie Súd-Austraalje doe goed 1,8 miljoen ynwenners, wat delkomt op 7,0% fan 'e totale Australyske befolking.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súd-Austraalje hat in oerflak fan 1.043.514 km², wêrfan't 983.482 km² út lân bestiet en 60.032 km² út wetter. It is it iennichste Australyske gewest dat oan alle oare grutte gewesten grinzget. De westgrins mei West-Austraalje is in rjochte line dy't fan noard nei súd rint op persiis 129° easterlingte. De noardgrins mei it Noardlik Territoarium is ek in rjochte line, diskear fan west nei east, dwers troch it woastinige hert fan Austraalje, wylst de eastgrins wer in rjochte line fan it noarden nei it suden is. Yn it noardeasten swettet Súd-Austraalje oan Queenslân, yn it easten oan Nij-Súd-Wales, en yn it súdeasten oan Fiktoaria. De súdlike begrinzging fan 'e steat wurdt foarme troch de kust fan 'e Grutte Australyske Bocht, dy't (neffens Austraalje) ûnderdiel útmakket fan 'e Súdlike Oseaan (al klassifisearret de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje it as in ûnderdiel fan 'e Yndyske Oseaan).
Fierwei it grutste part fan 'e befolking fan Súd-Austraalje wennet yn 'e haadstêd, Adelaide, dy't yn it súdeasten fan 'e steat oan 'e kust leit, en yn 'e fruchtbere kriten dêr by om: yn 'e delling fan 'e rivier de Murray; oan 'e uterste súdwestkust tsjin 'e Fiktoriaanske grins oan; op 'e Yorke- en Eyre-skiereilannen; en op it grutte eilân Kangaroo. De rest fan it súdeasten fan 'e steat bestiet fierhinne út steppelân mei ferskate leecheftige berchtmen, lykas it Gawlerberchtme en it Flindersberchtme. Noardlik dêrfan leit de Dobbe fan de Eyremar, in leechlân dat ferneamd is nei de Eyremar, in baas sâltmar dy't inkeld yn wiete seizoenen wetter befettet. Dat diel fan Súd-Austraalje heart ta de Simpsonwoastyn, wylst de noardwesthoeke ta de Grutte Fiktoariawoastyn heart. It súdwesten, ta einbeslút, wurdt behearske troch de justjes minder drûge Nullarborflakte. It heechste punt fan Súd-Austraalje is de berch de Mount Woodroffe (1.435 m), yn it Musgraveberchtme, oan 'e noardwestlike grins mei it Noardlik Territoarium.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Archeologyske fynsten bewize dat de minsklike bewenning fan Súd-Austraalje teminsten 20.000 jier tebek giet. De lânseigen befolking groef nei fjoerstien en makke rotsskilderings yn 'e Koonaldagrot op 'e Nullarborflakte, en spearen en ark binne weromfûn yn in feanmoeras yn it súdeasten. It eilân Kangaroo waard al lang bewenne foar't it troch it stiigjende seenivo fan it fêstelân ôfsnien waard.
De earste dokumintearre waarnimming fan 'e Súdaustralyske kust troch Jeropeänen waard yn 1627 dien troch it Nederlânske skip it Gulden Zeepaert, fan kaptein François Thijssen, dy't it lân "Pieter Nuyts Land" neamde, nei de heechste pommerant dy't er oan board hie. Yn 1802 waard de Súdaustralyske kustline yn kaart brocht troch de ûntdekkingsreizgers Matthew Flinders en Nicolas Baudin.
It gebiet dat no de steat Súd-Austraalje foarmet, waard yn 1788 formeel troch Grut-Brittanje yn besit nommen as ûnderdiel fan 'e koloanje Nij-Súd-Wales. Hoewol't dy koloanje twatrêde part fan it Australyske kontinint besloech, wiene alle iere delsettings oan 'e eastkust sitewearre, en krongen inkeld in pear ûnferfearde ûntdekkingsreizgers fier yn it efterlân (of de outback, sa't men yn Austraalje seit) troch. It duorre mear as fjirtich jier ear't de kolonisaasje fan Súd-Austraalje fêste foarmen oannaam, mei Súd-Austraaljewet fan 1834, in Britske wet dy't de oprjochting fan in aparte koloanje oan 'e súdkust fan Austraalje mooglik makke. De oarsprong fan 'e steat is unyk yn Austraalje, mei't it nea in strafkoloanje west hat, mar ynstee stifte waard as in oerseesk gebietsdiel mei in befolking fan frije kolonisten. Dat barde op 28 desimber 1836, by in proklamaasje troch de earste gûverneur John Hindmarsh ûnder de Alde Gumbeam te Glenelg North. Hoewol't de Súd-Austraaljewet en begeliedende juridyske dokuminten de rjochten fan 'e lânseigen befolking en harren neiteam garandearre, waarden dy bepalings folslein negearre troch de Súd-Austraaljekompanjy en de kolonisten.
Sân skippen mei yn totaal 636 kolonisten húsmannen tydlik by Kingscote op Kangaroo om, oant de delsetting dy't him letter ta Adelaide ûntjaan soe, op it fêstelân, foar harren komst reemakke wurde koe. De nije koloanje waard stifte neffens de bêste Britske ideälen fan dy tiid, d.w.s. sûnder lykfol hokker religieuze diskriminaasje, mar mei wurkgelegenheid foar eltsenien. Mei't men doe miende dat sa'n maatskippij resultearje soe yn sa goed as gjin misdie, waard der gjin tichthûs boud. Doe't bliken die dat soks in utopy wie, waard der sein dat de misdie feroarsake waard troch feroardiele kriminelen dy't ûntkommen wiene út 'e strafkoloanjes oan 'e Australyske east- en súdeastkust. Hoe dan ek, yn 1838 waard der in koloniale plysjetsjinst oprjochte om neilibbing fan 'e wet ôf te twingen, en op nijjiersdei 1839 gie it earste tichthûs iepen.
De westgrins fan Súd-Austraalje lei de earste 24 jier fan it bestean fan 'e koloanje op 132° easterlingte. De stripe lân tusken dy grins en de eastgrins fan West-Austraalje, op 129° easterlingte, hearde yn dy snuorje ta Nij-Súd-Wales. Pas yn 1860 waard de Súdaustralyske westgrins opskood nei 129° easterlingte. Yn 1863 waard it middennoardlike diel fan it kontinint by Súd-Austraalje foege, sadat de koloanje doe oan 'e noardkust ta rûn. It nije gebiet kaam doe bekend te stean as it "Noardlik Territoarium fan Súd-Austraalje". Yn 1911 waard dat wer losmakke fan 'e rest fan Súd-Austraalje, en krige it de status fan in federaal territoarium fan Austraalje.
Súd-Austraalje fierde yn 1861 al in beheinde foarm fan it frouljuskiesrjocht yn, en 1895 waard it it twadde plak yn 'e wrâld (nei Nij-Seelân) dêr't algemien kiesrjocht ynfierd waard. Teffens wie it it earste plak yn 'e wrâld dêr't froulju sawol aktyf as passyf kiesrjocht hiene (dus sawol stimme mochten as har kandidaat stelle mochten). Catherine Helen Spence, dy't yn 1897 beneamd waard ta ien fan 'e folmachten fan Súd-Austraalje foar de konvinsje wêrby't de Australyske Grûnwet opsteld waard, wie de earste frou yn Austraalje dy't in polityk amt beklaaide. Op 1 jannewaris 1901 trede Súd-Austraalje as ien fan 'e oarspronklike dielsteaten ta de Australyske federaasje ta.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súd-Austraalje hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Hûs fan Gearkomste (House of Assembly) of legerhûs fan 47 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 23 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje).
It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Súdaustralyske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie.
Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt Súd-Austraalje yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 11 fan 150 sitten (7,3%).
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Súdaustralyske ekonomy stipet mear op 'e eksport as de ekonomy fan hokker oar Australysk gewest ek. De measte wurkgelegenheid is te finen yn 'e tsjinstesektor, mei as útsjitter de sûnenssoarch en yn mindere mjitte de detailhannel. In oare wichtich ûnderdiel fan 'e steatsekonomy is de yndustry, wêrûnder de fabrikaazje fan auto's (44% fan it Australyske totaal), farmaseutika, definsjetechnology en elektro-technology.
De lânbou en fiskerij hat in omset fan sa'n Au$10 miljard jiers. De fiskerij is him de lêste desennia oan it útwreidzjen fan wyldfangst nei fiskkwekerijen. Op it mêd fan 'e lânbou binne fral de weetproduksje en de skieppehâlderij (mei as produkten wol, skieppefluezzen, skieppe- en lammefleis en libbene skiep) fan belang. Fierders is Súd-Austraalje ferneamd om syn winen, dy't mear as de helte fan alle yn Austraalje produsearre wyn omfetsje. Behalven troch it geunstige klimaat wurdt dat ek feroarsake troch de relatyf grutte groepen etnyske Frânsen en Dútsers dy't har al ier yn 'e tweintichste iuw yn Súd-Austraalje nei wenjen set hawwe.
De Olympic Dam-myn, by Roxby Downs, is de grutste uraniummyn fan 'e wrâld, mei mear as in trêde fan 'e goedkeap beskikbere uraniumreserves fan 'e wrâld en 70% fan dy fan Austraalje. Dy iene myn produsearret op 't heden 9% fan 'e wrâldproduksje fan uranium.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 hie Súd-Austraalje 1.806.599 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 1,7 minsken de km². Sa'n 77,1% fan 'e ynwenners (1.262.940 minsken) wennet yn 'e stêdekloft fan Adelaide (teljier 2012). Oare oansjenlike befolkingssintra binne Mount Gambier (goed 28.000 ynwenners) en Whyalla (krapoan 23.000). Murray Bridge, Port Lincoln, Port Pirie, Port Augusta en Victor Harbor hawwe allegear in ynwennertal fan tusken de 10.000 en 20.000 minsken.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It súdlike part fan Súd-Austraalje hat in Mediterraan klimaat, wylst yn 'e rest fan 'e steat in steppe- of in woastynklimaat hearsket. Oan 'e súdkust hat men by 't simmer, yn jannewaris, temperatueren fan om 'e 29 °C hinne, wylst it der winterdeis, yn july, sa'n 15 °C is. Yn it noardlike part fan Súd-Austraalje is it frij normaal as de temperatuer by 't simmer oerdeis oprint ta 48 °C. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 50,7 °C op 2 jannewaris 1960 te Oodnadatta, en –8,2 °C op 20 july 1976 yn Yongala.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Footnotes, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje | ||
territoaria | ||
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium | ||
eksterne territoaria | ||
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk | ||
oare eksterne gebietsdielen | ||
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen | ||
· · |